Op sneon 6 juny 2015 is it feest op bernedeiferbliuw De Tovervis yn Drachten. It bernedeiferbliuw fan organisaasje Smallsteps wurket sûnt 2011 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. De Tovervis hat dat trajekt no ôfrûne en dêrmei it sertifikaat ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Op 6 juny wurdt it sertifikaat op it Simmerfeest oan de liedsters oerlange. Foar de bern binne der ferskate aktiviteiten organisearre. Karin de Liedjesmamma komt, de bern kinne sminke wurde, sy kinne blombakjes fersiere, der is in brobbeltsjeblaasmasine, in piratesirkwy, ensfh. Elk dy’t ynteresearre is, is wolkom om op it Simmerfeest te sjen.
Provinsjaal ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it twatalich belied ynfierd hat, stiet boppe de 195 en is noch altyd groeiende. Continue reading “Feest op bernedeiferbliuw De Tovervis fan Smallsteps yn Drachten”