Yn de hjerst fan 2014 hat it Sintrum Frysktalige Berne-opfang de earste 4 kursussen ‘Meartalich Opgroeien’ oan gastâlden jûn. De organisaasjes SKIK, Stichting Welzijn Middelsee en Sisa hawwe de kursus oan har gastâlden oanbean en der hat ek in kursus yn Bûtenpost west mei gastâlden fan ferskate oare organisaasjes. Yn totaal hawwe 55 dielnimmers de kursus folge.
Der is teoretyske ynformaasje jûn oer de twatalige ûntwikkeling fan bern fan 0 oant 4 jier. Dêrneist hawwe de gastâlden leard hoe’t sy it Frysk en de twatalichheid in fêst plak jaan kinne yn har wurk. Sy hawwe wurke mei Fryske boekjes en ferskes en leard by hokfoar leeftyd hokfoar boeken en ferskes passe en hoe’t sy dat oan de bern oanbiede kinne om de twatalige ûntwikkeling te stimulearjen. Continue reading “Earste searje kursus ‘Meartalich Opgroeien’ foar gastâlden in súkses”