WikiWomen: presintaasje en edit-a-thon

Op 20 novimber wurde yn Ljouwert twa eveneminten holden dy’t bydrage oan in ynklusivere Wikipedia mei tagelyk mear taalferskaat. It middeisprogramma fan WikiWomen en de jûn fan de Fryske edit-a-thon rjochtsje har op it fersterkjen fan de represintaasje fan froulju en it behâld fan minderheidstalen op Wikipedia, mei bysûndere oandacht foar de Fryske taal en kultuer.

Beide eveneminten binne fergees en biede in unike kâns om by te dragen oan in Europeeske beweging foar gelikensens en taalbehâld.

WikiWomen: Minderheden yn de Spotlight
Datum: 20 novimber, 15:00 – 17:00
Lokaasje: Stadskas, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert

It WikiWomen Erasmus+ projekt nûget dosinten, fertsjintwurdigers fan musea en taalorganisaasjes en oare belangstellenden út om te ûntdekken hoe’t Wikipedia ynset wurde kin foar it fersterkjen fan digitale feardichheden, sosjale belutsenens en taalbehâld. By dit evenemint diele Ierske, Baskyske en Fryske learlingen en dosinten harren ynsichten en ûnderfiningen mei it fersterkjen fan frouljusrepresintaasje en minderheidstalen fia Wikipedia. Spesjale projektmaterialen lykas it WikiWomen Student Curriculum, de WikiWomen Teacher Toolkit, en de WikiWomen GLAM Toolkit wurde presintearre. Dy boarnen biede konkrete helpmiddels foar ûnderwiis en kultuersektor om Wikipedia te brûken yn harren wurk.

Fryske Edit-a-thon: Skriuw de Froulju Yn!
Datum: 20 novimber, fanôf 19:30
Lokaasje: Stadskas, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert

De jûns giet de oandacht út nei de Fryske Wikipedy mei de Fryske Edit-a-thon. Under begelieding fan eksperts fan Wikimedia út Ierlân en Baskelân leare dielnimmers hoe’t sy sels artikels skriuwe en bewurkje kinne. It doel is om froulju mear sichtber te meitsjen en it brûken fan it Frysk as minderheidstaal te fersterkjen. Yn dizze workshop krije dielnimmers de kâns om daliks oan ’e slach te gean mei it skriuwen fan artikels oer ynspirearjende froulju, spesifyk foar de Fryske Wikipedia. ​

Nim dyn eigen laptop mei en kom nei de Stadskas! De jûn stiet iepen foar elkenien dy’t de krêft fan Wikipedia ûntdekke wol en him/har ynsette wol foar in heterogene, ynklusive en Fryske online wrâld.

Oer Wikiwomen

Froulju binne te min represintearre op Wikipedy. Mei it Europeeske projekt wurdt dêr feroaring yn bocht troch learlingen yn minderheidstaalsituaasjes te learen hoe’t se harren eigen artikels skriuwe kinne. Sa wurde skoallen, Wikipedy-organisaasjes en taalorganisaasjes yn Europa byinoar brocht om Wikipedy te brûken as metoade om learlingen digitale feardigens, sosjale belutsenens en taalfeardigens te learen.

Partners yn Fryslân binne Afûk, Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Learning Hub Friesland.

Learlingen op útwikseling yn Baskelân foar WikiWomen-projekt

Learlingen nei Donostia, Baskelân, foar nije artikels oer belangrike Fryske, Baskyske en Ierske froulju

Ferline wike wienen acht learlingen fan de Havotop yn Burgum op útwikseling yn Baskelân yn it ramt fan it projekt WikiWomen. WikiWomen is in gearwurking fan Fryske, Ierske en Baskyske organisaasjes om lesmateriaal te ûntwikkeljen foar it fuortset ûnderwiis, wêryn’t learlingen digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden opdogge troch Wikipedy-artikels te skriuwen.

gender gap

Oanlieding ta it projekt is de gender gap op Wikipedy (Wikipedia): yn de Wikipedy’s yn de measte talen giet sa’n 80 prosint fan de biografyen oer manlju, en mar sa’n 20 prosint oer froulju. Om dat gat te tichtsjen, mar ek om mear artikels yn de minderheidstaal op Wikipedy te krijen, skriuwe learlingen op middelbere skoallen artikels foar op Wikipedy. Tagelyk dogge se dêrmei digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden op.

lesmateriaal

De dosinten en learlingen fan it Drachtster Lyceum en de Havotop yn Burgum helpe mei om de lesmaterialen te testen by it ûntwikkeljen derfan. Dat bart ûnder oaren op sa’n útwikseling lykas ferline wike. Sintraal op dy útwikseling stienen de artikels dy’t de learlingen sels al skreaun hienen, bygelyks oer Wyts Juwsma of Linda Terpstra, mar ek it skriuwen fan nije artikels oer Baskyske Wikipedy-weardige froulju.

Dêrfoar gie de groep Fryske, Ierske en Baskyske learlingen nei de tentoanstelling Larruak eta izurrak ta, mei moderne keunst makke troch froulike Baskyske keunstners. Dêrnei wurken alle learlingen mei-inoar gear om oer dy keunstners nije Wikipedy-artikels te skriuwen: yn it Ingelsk, Frysk, Iersk én Baskysk. Neist it wurkjen mei Wikipedy en it skriuwen fan nije artikels, smiet de útwikseling nóch wat weardefols op: it opdwaan fan ynterkulturele kompetinsjes. Sa hawwe se leard oer inoars lânskip, muzyk, iten en gewoanten op ferskate útstapkes. Yn de omgong mei learlingen út oare kultueren kamen se pas echt tsjin wat harren kultuer eigen makket.

foto: Afûk

Yn novimber komme de Baskyske en Ierske learlingen nei Fryslân ta om it projekt mei-inoar ôf te sluten. It (les)materiaal dat it WikiWomen-projekt opsmyt, sil ein dit jier foar alle skoallen yn Fryslân beskikber wêze troch de Fryske lesmetoade Searje 36 en fia www.wikiwomen.eu.

Partners WikiWomen-projekt

It WikiWomen-projekt hat as partners: Mercator European Research Centre / Fryske Akademy, (NL), Learning Hub Friesland (NL), Wikimedia Ireland (IE), Coláiste Oiriall (IE), Euskal Wikilarien Kultura (ES), Antigua-Luberri institute/ Gobierno Vasco (ES). it wurdt koördinearre troch de Afûk.

Oftraap projekt WikiWomen yn Burgum

Yn Burgum is tiisdei de ôftraap jûn foar it Europeeske projekt WikiWomen. Yn gearwurking mei partners yn Fryslân, Ierlân en Baskelân sille learlingen fan HAVOtop (Burgum) en vwo5 fan it Drachtster Lyseum wurkje oan nije biografyen oer Fryske froulju.

Skeve ferhâlding manlju-froulju

In oanlieding foar it projekt is de ferhâlding tusken manlju en froulju op Wikipedia (Frysk: Wikipedy), dy’t yn frijwol alle talen op sa’n 80-20% sit. “Wikipedia is de grutste ensyklopedy fan de wrâld en wy wolle dat it de realiteit wjerspegelet. It kin net sa wêze dat fan elkenien dy’t in biografy op Wikipedia fertsjinnet, 80 % man is. Dat leau ik net,” seit Welmoed Sjoerdstra, projektmeiwurker by Afûk. By de ôftraap hat sy mei har kollega’s Lisa Boersma en Stephan Berger en Anna Marije Bloem fan Cedin sa’n 60 boppeboulearlingen fan beide skoallen entûsjast makke om oan it nije projekt te wurkjen. Ek wie der in Mystery Guest oanwêzich: biologysk boerinne en powerfrou Welmoed Deinum fan Sondel, dy’t sels (noch) gjin Wikipagina hat.

Foto: Afûk

Searje 36

 It projekt kriget in plak op Searje 36, dé digitale metoade foar it fak Frysk, mar de biografyen komme op Wikipedy sels, want, sa seit Welmoed Sjoerdstra: “De measte minsken tinke dat Wikipedia net betrouber is, mar krekt omdat elkenien deroan tafoegje én yn korrizjearje kin, soest it sjen kinne as in (op syn eigen wize) tige betroubere ynformaasjeboarne.” In ‘jildich’ artikel hat dêrby op syn minst trije boarnen neamd, dêr’t út bliken docht dat it ûnderwerp (of de persoan) wichtich is. Dêrom is it dwaan fan boarne-ûndersyk part fan it projekt en sille de learlingen ek in besite bringe oan in GLAM (galery, bibleteek, argyf of museum).

Utwikseling

Op HAVOtop en it Drachtster Lyseum kinne se no los. Yn maart sil in delegaasje learlingen út Drachten wei nei Ierlân ta om dêr mei leeftydsgenoaten út Ierlân en Baskelân de nij skreaune biografyen út te wikseljen. Sa draacht harren wurk ek by oan de Iersk- en Baskysktalige Wikipedia’s, en oarsom! Takom jier sil der in twadde gearkomste wêze, yn Spanje, dêr’t learlingen fan Burgum hinne sille. It projekt makket de learling ta auteur en jout dy de kâns mei te wurkjen oan it tichtsjen fan de saneamde Gender Gap. Dêrmei is it in moai foarbyld fan betsjuttingsfol skriuwûnderwiis.

Wikiwomen

WikiWomen is in gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân en Fryslân om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De trije Fryske kennispartners binne de Afûk, de Fryske Akademy/Mercator Europeesk Kennnissintrum en Learning Hub Friesland. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.

Mear Frysk en mear froulju op Wikipedia troch Europeesk projekt

De Fryske ûnderwiisorganisaasje en útjouwerij Afûk, Learning Hub Friesland en it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy hawwe in Europeeske subsydzje krigen foar it trijejierrich projekt ‘WikiWomen’. Yn gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân sette de Fryske kennispartners harren de kommende trije jier yn om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.

“Wat wy eins wol witte, mar wêr’t wy no op ‘e nij wer achter kamen, is dat artikels dy’t in relaasje hawwe ta froulju op Wikipedia ûndersnije,” sa seit Mirjam Vellinga, koördinator fan it projekt by de Afûk. “Der wurdt folle minder skreaun oer froulju, om’t de artikels dy’t skreaun wurde op Wikipedia dochs benammen troch manlju skreaun wurde en ek hiel faak oer manlju gean. Dat docht ek bliken út in ûndersyk fan de Erasmus Universiteit. Mar 18,5 prosint fan de biografyen op de Nederlânske Wiki giet oer froulju. Dêr wolle wy de learlingen en dosinten ek bewust fan meitsje.”

By it projekt sille de Fryske partners gearwurkje mei Wikipedia-organisaasjes en skoallen út Ierlân en Baskelân, dêr’t ek in minderheidstaal sprutsen wurdt. “Dus it giet eins om twa emansipaasjeslaggen: de emansipaasje fan de minderheidstaal en de emansipaasje fan de frou,” fettet Vellinga gear.

Foto: Afûk / Istock

Dat it projekt yn trije ferskillende lannen útfierd wurdt, biedt moaie kânsen foar Fryske learlingen en dosinten. Ut de trije regio’s wei komme learlingen en dosinten meielkoar yn kontakt troch ferskillende útwikselingen yn ’e rin fan it projekt. Mirjam Vellinga: “Foar learlingen wurde dat in soarte fan ‘Wikithons’, wêrby’t se mei-inoar wurkje oan harren artikels ûnder begelieding fan dosinten en de minsken fan Wikipedia.”

Yn maart komme de bûtenlânske partners nei Ljouwert foar in twadeiske byienkomst. De fokus leit dan benammen op it dielen fan kennis en ûnderfining, mar ek op de earste stappen dy’t it ynternasjonale konsortium de kommende moannen sette kinne soe.