Eppie Dam en Ammerins Moss-de Boer beneamd ta lid fan de Fryske Akademy

De Fryske Akademy yn Ljouwert hat op de jierlikse Akademydei twa nije leden beneamd: skriuwer en dichter Eppie Dam en tolk-oersetter Ammerins Moss-de Boer. De leden binne beneamd op grûn fan harren bysûndere bydrage op it mêd fan de wittenskip of de maatskippij oangeande de Fryske taal en kultuer. De Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 is takend oan Sannah Debreczeni.

Eppie Dam

Ut de laudaasje troch ds. Liuwe Westra:

“Eppie Dam hat foar, tidens en nei syn wurksum libben as skoalmaster, earst op Urk, doe yn Balk, ûnbidich bydroegen ta de Fryske literatuer. Hy publisearre in stik as 20 dichtbondels en ien dêrfan waard yn 2017 bekroane mei de Gysbert Japicx-priis, Fallend ljocht. Njonken dy dichtbondels skreau Dam ek in tal berneboeken, yn ’e selde oarder fan grutte. En dan binne der noch tsientallen lieten, oratoaria, liturgyen en kantates dêr’t Eppie Dam de tekst foar levere hat en dy’t minsken it gefoel jûn hawwe, dat dêryn har djipste libbensoertsjûging oansprekkend ferwurde is. Minsken teksten oanrikke dy’t har reitsje foarby libben en dea – in gruttere bekroaning is der net.”

Ammerins Moss-de Boer

Ut de laudaasje troch ds. Liuwe Westra:

“Ammerins Moss-de Boer is net allinnich beëdige tolk-oersetter fan it Ingelsk nei it Nederlânsk, mar sûnt 2021 ek fan it Ingelsk nei it Frysk en oarsom. Se is ien fan ’e driuwende krêften efter de beweging om in bettere regeling te krijen foar de Fryske tolken by de rjochtbank. As sekretaris fan It Skriuwersbûn fertsjintwurdiget Ammerins Moss ek de kollektive stim fan alle Frysktaligen: de stim fan ’e literatuer. (…) Hja is ien, dy’t de Fryske minske de kâns jout om him- of harsels hearre te litten mei it eigen lûd, just op mominten dat it derop oankomt, en hja stimulearret de Fryske mienskip om mei in eigen lûd mei te dwaan yn ’e wrâld.”

Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 takend oan Sannah Debreczeni

De Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 is takend oan Sannah Debreczeni. Debreczeni hat har masterskripsje,Exploring the Link Between Attitudes and Intelligibility in the Frisian Context: Introducing the Theory of Planned Behaviour, foltôge foar de oplieding Research Master Language & Cognition oan de Ryksuniversiteit Grins op 28 juny 2022. De priis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan €1000,-.

In earfolle fermelding is takend oan Herman van Vliet. Van Vliet hat syn masterskripsje, De eetcultuur aan het Friese stadhouderlijke hof in de eerste helft van de 18e eeuw, foltôge foar de oplieding MA Geschiedenis Vandaag oan de Ryksuniversiteit Grins op 26 novimber 2022.

Oer de Fryske Akademy

De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret al 85 jier it wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren, it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf.

Oprop Tresoar Fellow 2025

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde.

Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom.Alle ynteressearren foar it jier 2025 kinne fan no ôf in útstel yntsjinje.

Tresoar

Betingsten

  • De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2014)
  • Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar
  • De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar
  • De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Vrije Fries
  • By dizze en oare publikaasjes dy’t fuortkomme út it fellowship wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte

Haadtema’s

Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út: Fryske skiednis, Fryske literatuer, of Fryske kultuer. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.

Mear ynformaasje it te ferkrijen by Tresoar

Rûnetafelpetear oer de BFTK yn Den Haach

Dizze tongersdei, op 12 oktober, is der tusken 14:00 en 18:00 oere yn Den Haach in rûnetafelpetear oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Meardere lidorganisaasjes fan it EBLT hawwe sprektiid en teffens in position paper yntsjinne.

foto: pixabay

Programma

Der binne fjouwer blokken fan elk in oere, mei de ûnderwerpen:

Kultuer, Wittenskip en Media

  • H. Rijpstra, Omrop Fryslân
  • J. J. Hoebe, Screen Talent Europe
  • M. Hospers, Explore the North
  • N. IJssennagger-Van der Pluijm, Fryske Akademy

Rjochtspraak

  • F. Dijkstra, rjochtbanktolk
  • A.R. Van der Winkel, Rechtbank Noord-Nederland
  • J. Koster, DINGtiid
  • B.G. Kooi, Kooi Advocaten

Underwiis

  • A. Merkuur, Fryske taal en kultuer Rijksuniversiteit Groningen
  • A. Wallinga, Drachtster Lyceum
  • A. P. Walsweer, lectoraat Meertaligheid & Geletterdheid NHL Stenden
  • H. Van der Molen, Firda
  • S. De Boer, Sintrum Frysktalige Berne-opfang

Bestjoer

  • A. Brok, Kommissaris fan de Kening profinsje Fryslân
  • R. De Groot, Komitee fan Eksperts fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en talen fan minderheden
  • G. Benedictus, Steatekomitee Frysk
  • A.J. Soepboer, wethâlder Noardeast-Fryslân

Dielnimmers

Twadde Keamerleden dy’t dielnimme:  

  • E.A. Haverkort (VVD)
  • H. Bevers (VVD)
  • R.H. (Romke) de Jong (D66)
  • T.C. (Tjeerd) de Groot (D66)
  • H.M. Palland (CDA)
  • J.P. Kwint (SP)
  • H.E. de Hoop (PvdA)
  • C.A.M. van der Plas (BBB)

Mear ynformaasje

Alle dokuminten (ynklusyf position papers), it folsleine programma en mear ynformaasje is te finen op: https://www.tweedekamer.nl/debat_en_vergadering/commissievergaderingen/details?id=2023A06021

It is in iepenbiere gearsit yn Den Haach, mar it is ek mooglik om it petear live te folgjen.Dat kin mei de livestream fan de Thorbeckezaal:  https://www.tweedekamer.nl/vergaderingen/livedebat/thorbeckezaal