Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde.
Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom.Alle ynteressearren foar it jier 2025 kinne fan no ôf in útstel yntsjinje.
Betingsten
- De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2014)
- Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar
- De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar
- De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Vrije Fries
- By dizze en oare publikaasjes dy’t fuortkomme út it fellowship wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte
Haadtema’s
Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út: Fryske skiednis, Fryske literatuer, of Fryske kultuer. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.
Mear ynformaasje it te ferkrijen by Tresoar