nije Fryske skriller ‘De klûs – De dûbele moard op ien professor’

By de Afûk is de nije Fryske skriller ‘De klûs – De dûbele moard op ien professor’ fan Tsjeardsje Lamberts ferskynd. It boek is it twadde aventoer fan ynspekteur Kynke Swichum, de ‘opfallend ûnopfallende’ plysjefrou dy’t ek al de haadrol spile yn ‘Depot 5’.

It ferhaal

De Wittenskiplike Bibleteek, it pronkje fan in sliepperige provinsjehaadstêd yn it noarden fan it lân, wurdt opskrille troch in makabere ûntdekking. Yn de klûs fan it wichtige ynstitút fine meiwurkers it lichem fan in deade man. Hy is fermoarde én mummifisearre. In saak dy’t ynspekteur Kynke Swichum daliks foar in grutte útdaging stelt.

Sintraal yn it ferhaal stiet in deugdsume histoarikus dy’t in bysûndere ûntdekking dien hat. Wylst Swichum besiket om de grouwélige moard sa gau mooglik op te lossen, wurdt se konfrontearre mei gefaren út ûnferwachte hoeken. Har gefoelens foar de sjarmante boargemaster Gysbert Braeksma meitsje har wurk ek net makliker. Kin Swichum alle gefaren dy’t op har ôfkomme ûntwike en tagelyk soargje dat rjocht dien wurdt? En slagget it har om har romantyske gefoelens in plak te jaan?

Oer de auteur
Tsjeardsje Lamberts wurke mear as fjirtich jier by ferskate argyfynstellingen. Se set har graach yn foar de oplieding fan takomstige professionals op it mêd fan kultuer en skiednis. Yn har frije tiid lêst se graach, reizget se de wrâld oer en genietet se fan har knyntsjedagen. Fan social media moat se neat hawwe. Fan Lamberts ferskynde earder de skriller ‘Depot 5 – De moard op de haadargivaris’.

Boekgegevens

  • Titel: De Klûs
  • Auteur: Tsjeardsje Lamberts
  • Utfiering: paperback
  • ISBN: 978 949 331 8816
  • Ferkeappriis: € 7,50
  • Tal siden: 111
  • websjop.afuk.frl

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *