Boargerinisjatyf foar ko-offisjele status Frysk yn Europa

Der komt in boargerinisjatyf om 9 lytsere talen yn de EU in ko-offisjele status te jaan. Foar it inisjatyf moatte yn 10 lidsteaten mei-inoar 233.000 hantekenings ophelle wurde, yn Nederlân sa’n 18.750.

It inisjatyf waard dit wykein op de EFA-konferinsje yn Ljouwert presintearre troch de Letske Europarlemintariër Tatjana Zdanoka. Sy komt op foar de Russyske minderheid yn Letlân. As it Frysk in ko-offisjele status krijt meie je yn it Frysk in brief nei de Europeeske ynstellings yn Brussel stjoere.

Publyksdokuminten fan de Europeeske Uny komme dan ek beskikber yn it Frysk. Neffens de FNP kin it boargerinisjatyf om ek it Frysk in ko-offisjele status te jaan yn de Europeeske Uny in trochbraak neamd wurde.

Mear hjiroer by FNP en Omrop Fryslân.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *