De Fryske Twitterdei wie in moai feestje. Om 08.00 oere moarns stie de hashtag #Frysk al tusken de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter. Tûzenen twitterders ferstjoerden 3.500 unike tweets en der waard fansels ek wer in soad retweeten. De tweets kamen út mear as 25 lannen, fan Amearika oant Korea en fan Súd Afrika oant Noarwegen.
Mear orizjinele posten, minder retweets en mear sichtber
It totaal oantal tweets lei dit jier leger, mar it oanpart orizjinele tweets wie in stik heger dit jier: 75%. Ferline jier wie dat 40% . ‘Wy hawwe der bewust foar keazen om dit jier sels minder te stjoeren’, seit Mirjam Vellinga fan Afûk/Praat mar Frysk, ‘ferline jier seagen wy dat in hiel grut part fan de #Frysk tweets bestie út retweets fan ús plaatsjes en tweets. Hartstikke moai fansels, mar it is de bedoeling dat minsken sels aktyf dwaande binne mei it Frysk en dat is dit jier goed slagge. Minsken wiene tige kreatyf yn har tweets, mei dichtrigels, wurdgrapkes en aksjes en fansels felisitaasjes foar it Fries Museum dat juster de Museumpriis wûn. Ek de kwaliteit fan it Frysk wie opfallend goed.’
Dêrneist is de hashtag #Frysk by mear as sân miljoen minsken ûnder eagen kommen. In miljoen mear as ferline jier.
Neist bekende Friezen en BN-ers lykas Jorrit Bergsma, Lieuwe Westra, Lutz Jacobi en John Jorritsma, dienen der diskear ek wer in protte bedriuwen en ynstellings mei oan de Fryske Twitterdei, lykas Tresoar, Politie Fryslân, PostNL, Ziggo, SC Heerenveen, restaurants, sportferieningen, korpsen, musea, biblioteken, skoallen en ferskate Fryske oerheden.
De Fryske Twitterdei is in inisjatyf fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk. Mei dizze aksje wol de kampanje de drompels om it Frysk te brûken fuortnimme en it brûken fan it Frysk op social media lykas Twitter en Facebook stimuleare.
Wybren Bruinsma @Fjildmantsje
#FRYSKETWITTERDEI en sa fier fan hûs, mar dochs eefkes twitterje yn ‘t #Frysk myn memmetaal, hja lêze it grif wol yn ús heitelân.