Op sneintemiddei 14 april set Liet 2013 útein mei de foarronde yn Sealen Schaaf yn Ljouwert. De faksjuery hat yn in earste foarseleksje 15 bands selektearre, dy’t stride sille foar in finaleplak. De finale fan Liet 2013 is dit jier, lykas ferline jier, op Befrijdingsfestival Fryslân yn de Ljouwerter Prinsetún. De winner fan Liet 2013 mei letter dit jier Fryslân fertsjinstwurdigje op op Liet International, dat dit jier organisearre wurdt op Corsica.
Dit is de wurklist fan de foarronde fan Liet 2013 :
1. Fanfare Looft den Heer
2. Gerben Boots & Band
3. Gedobr
4. Bruno Rummler
5. Plattèl
6. Grytz & Grize
7. Marleen de Boer
8. Blanco
9. Rob du Jardin
10. Wiss
11. Sa!
12. Bunch
13. Helder
14. Nelly Gerbrandy
15. Sebeare
Nij dit jaar is dat it publyk ek al yn de foarronde meistimme mei. De faksjuery selektearret út de 15 dielnimmers de earste 9 finalisten. Oan ien fan de oerbliuwende 6 acts mei it publyk in wildcard útdiele. Alle besikers op 14 april meie har stim útbringe. By de finale op 5 maaie yn de Prinsetún binne der twa prizen te fertsjinjen: de faksjuery beneamt in winner, mar it publyk mei de Ivan Pelpublykspriis takenne.
De faksjuery bestiet dit jaar út Sjoerd Bootsma, Wim Brons, Grytsje Schaaf, Douwe Dijkstra en Adri de Boer. Bootsma is foarsitter.
Op 14 april giet de seal om 14.30 oere iepen foar publyk, de foarronde sels begjint om 15.00 oere. Tagongspriis is 7,50 oan de kassa.