Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it BoekfeestBoek dat op freed 10 septimber yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan 750-1000 wurden te skriuwen yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘LOS’ yn de breedste sin fan it wurd. Wy kinne wer los, kinst los komme út detinsje, kinst dy los meitsje of fiele, neam mar op!
De winner wurdt bekend makke op it BoekfeestBoek op 10 septimber yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost. De winner mei dan syn of har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut dus fuort in live-optreden mei oare Fryske skriuwers lykas Hylke Speerstra, Hein Jaap Hilarides, Greet Andringa, Aant Jelle Soepboer, Elmar Kuiper dy’t dêr jûns al stean om in koart ferhaal hearre te litten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre.
Ynstjoeringen moatte op syn lêst sneon 28 augustus binnen wêze op it e-mailadres ynfo@boekenfanfryslan.frl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.
Boekwinterboekfeest 2020 Foto: Roelof van der Schaaf
Gasten fan goed 15 restaurants komme yn de kunde mei ús rike taalferskaat mei help fan Keimpe de Krokodil.
As it foarútsjoch kloppet, sille der hieltyd mear besikers út eigen provinsje en fan dêrbûten in besite bringe oan de hoareka yn Fryslân. Dat is in moai momint om de gasten yn de kunde komme litte mei it Frysk en it rike taalferskaat fan Fryslân. Dêrom yntrodusearre de Afûk op 8 july by Restaurant & Partycentrum De Pleats yn Burgum in oanbod foar restaurants, besteande út in placemat fol spultsjes en it meartalige lêsboekje ‘Iis foar Eef’ foar de jongste gasten.
It idee foar it nije oanbod komt fan studinten fan it ROC Friesland College. Sy hawwe de ôfrûne perioade ûndersyk dien nei it binen fan klanten mei help fan de Fryske taal. Neffens de studinten fan de oplieding Travel & Hospitality is benammen it wachtsjen op it iten foar bern in dreech putsje.
Allerhande meartalige spultsjes op in placemat meitsje dat wachtsjen moai wurk wurdt. As de bern ek noch in grappich lêsboekje mei nei hûs krije is it feest kompleet. By Keimpe op reis steane de autochtoane talen fan Fryslân sintraal. Dêrby wurde de spultsjes en ferhaaltsjes altyd yn it Frysk oanbean en yn de oanbelangjende regio’s/stêden ek yn de eigen taalfariaasje (Biltsk, Dokkumers en Franekers). Fansels wurde gasten dy’t dy talen (noch) net machtich binne goed by de hân naam yn it Nederlânsk en Ingelsk. Sa binne de produkten oansprekkend foar minsken dy’t Frysk, Biltsk, Dokkumers of Franekers prate, mar ek hiel nijsgjirrich foar bygelyks toeristen fan bûten de provinsje, dy’t net bekend binne mei de talen.
Foto: Jacob van Essen
Keimpe de Krokodil
Keimpe de Krokodil stiet symboal foar taal- en lêsbefoardering foar bern fan 4-8 jier. Hy is gek op lêzen en wol bern en âlden stimulearje om te kiezen foar Fryske ferhalen, dêr wille oan te belibjen en sa de meartaligens te befoarderjen. Dat docht Keimpe al in oantal jierren op skoalle, yn de metoade Spoar 8. Sûnt ferline jier berikt Keimpe de bern ek thús troch de Fryske Foarlêswike yn de biblioteken. En no giet Keimpe op reis!
Dielnimmende restaurants De Pleats yn Burgum, Restaria ’t Luifeltje yn Burgum, Zwarte Haan yn Sint Jabik, Wapen van Baarderadeel yn Jorwert, De Viersprong yn Koatstertille, De Hûskeamer yn Aldegea (Sm), De Winze yn Wyns, HCR de Harmonie yn Seisbierrum, ‘t Posthús yn Burdaard, de Blikvaart yn Sint Anne, Land en Zeezicht yn Holwert, De Dikke Draai yn Surhústerfean, Veldzicht yn Mitselwier, de Pater yn Engwierrum, De Leyen yn De Rottefalle, Bloemketerp yn Frjentsjer en The Friezinn yn Westhoek.
Mear ynformaasje oer Keimpe en oanmelde foar Keimpe op reis kin fia www.keimpe.frl
Mei tank oan de gemeenten Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel kinne bedriuwen út dy gemeenten fergees gebrûk meitsje fan it oanbod.
It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier de 11e Dei fan de Fryske Taalkunde, as ûnderdiel fan de ‘Myn Taal’-fiering om Kneppelfreed hinne.
De 11e Dei fan de Fryske Taalkunde is fan belang foar elkenien dy’t niget hat oan de stúdzje fan it Frysk yn brede sin. Resultaten fan histoarysk, sosjologysk en taalkundich ûndersyk binne wolkom, mar ek presintaasjes fan ûndersyksplannen, spekulaasjes en taalkorpora. Lêzingen meie jûn wurde yn alle Westgermaanske talen.
Fanwege de ‘Myn taal’- moanne is ‘Taalstriid’ it opsjonele kongrestema (konkurrinsje tusken talen, wurden of struktueren). Bydragen fan studinten binne, lykas altyd, fan herte wolkom. Ofhinklik fan it tal ynstjoeringen sil der ek in postersesje wêze.
Wannear: freed 19 novimber 2021, 10.00-1700 oere Plak: Fryske Akademy (seal Sânwâlden of as it nedich fanwegen de koroanasitewaasje online) Organisaasje: Taalkundich Wurkferbân Opjefte: fia Eric Hoekstra
Oprop foar lêzingen
Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen).
De Fryske Akademy ropt elk hjirby op om him/har oan te melden foar in lêzing. Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst op woansdei 1 septimber – in gearfetting fan in heale A4, mei namme en adres, nei Eric Hoekstra (skriuwer fan it Wurkferbân):
Sinds 1 juli 2021 is Aaltje Leusink-Houwing oet Bunen de neie Streektaolambassadeur van het Huus van de Taol veur de gemiente Börger-Oring. Ze hef het stokkie overnummen van Willy Weerman, die zowat virtien jaor Streektaolambassadeur in de gemiente west hef.
Leusink-Houwing is gien onbekende in de gemiente Börger-Oring; ze hef, samen met heur dochter, kees- en delicatessenwinkel De Kaasbank in Börger,
As Streektaolambassadeur zörgt ze samen met een koppel vrijwilligers veur de organisatie van streektaolactiviteiten in de gemiente Börger-Oring.
Foto: Marianne Weerman
Het Huus van de Taol is de streektaolorganisatie die het Drents anfietert met as doel um het een taol te laoten weden waor de gebroekers groots op bint en die de niet-gebroekers waardeert. Dat gebeurt under andere deur activiteiten te organiseren op het gebied van schrieverij, meziek, taolpremotie, taolwetenschap en underwies
Op freed 2 july presintearje de Afûk en Rubinstein yn gearwurking mei it Keninklik Nederlânsk Keatsbûn it Gouden Boekje: Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild.
Topkeatser Tjisse Steenstra en auteur Lida Dijkstra jouwe it boekje kado oan trije jonge keatsende Sipke’s, foarôfgeand oan de finale (tusken 18.00 en 19.00 oere) fan de hearen haadklasse by keatsferiening “De Pompeblêdden” op It Hearrenfean.
Oer it boek
It jierlikse famyljekeatsen is yn folle gong. Sipke sjocht fol spanning ta hoe’t it partoer fan pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarns. Oant ynienen muoike Aaf it ankel ferkloft, en net fierder spylje kin. Pake ropt Sipke it fjild yn. Mar ús lytse pipermûs hat noch noait keatst! Kin er de wedstiid rêde…..?
Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild is alwer it fjirde boekje yn de searje oer de lytse pipermûs Sipke. De twatalige boekjes binne makke yn gearwurking mei de Afûk.
Yn de mande mei Akademia Papiamentu en it EBLT organisearret SPLIKA in webinar oer de beskerming fan net-territoriale talen ûnder it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen.
De sprekkers binne Andrew Dijkhoff (foarsitter SPLIKA), Bart Wallet, (Histoarikus VU, Hebrieuske en Joadske stúdzjes UvA ) Stefan Oeter (rjochtsgelearde), René de Groot (lid COMEX) en Alexandra van den Elsen (beliedsmeiwurker YSK/BZK). De fiertaal is it Ingelsk.
Sûnt 2009 is SPLIKA dwaande om it Papiamintsk beskerme te krijen. In formeel fersyk s ôfwiisd yn 2014, mar no sil in mooglike erkenning fan de taal ûnder it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen ûndersocht wurde.
Op 12 feberwaori 2021 wodde de Mannefestaosie Nedersaksische literetuur holen, in de vorm van een Zoom-konfereensie. As alternatief veur een gewoon symposium was de ‘mannefestaosie’ via live stream te volgen. Zoe’n 120 kiekers keken naor et 3,5 ure durende pergramme, wiels meer as 3200 kiekers et laeter zaggen of et nog es bekeken. Vier filmpies mit Nedersaksische auteurs uut et pergramme wodden aachterof al meer as 200 keer bekeken via sasland.nl.
Van 1 juli of zal de mannefestaosie nog in patten te zien wezen via de webstee.
Van 1 juli of zal de mannefestaosie nog in patten te zien wezen via de webstee.
Et gaot in die ‘uutzending’ dus om:
Chris Canter, naor anleiding van zien Drentstaelige boek Moenen,
Johan Veenstra, bekend o.m. as romancier in het Stellingwerfs,
Tonko Ufkes (poëzie en proza in et Grunninger Westerkertiers),
Jannie Bakker (Nedersaksisch van Genemuden),
Jan van Leeuwen (Oost-Veluws Nedersaksisch),
Laurens ten Den, akteur en theaterman in et Twents
Derk Jan (Dick) ten Hoopen, dichter in et Aachterhoeks
Beschouwings over de Nedersaksische en Nederduutse literetuur wodden geven deur:
perf. dr. Doreen Brandt, hooglerer Nederduutse letterkunde van de Universiteit van Ooldenborg,
dr. Hermut Lensing uut Greven over saemenwarking van Nederduutse en Nedersaksische auteurs en promotoren van vlak nao WO II,
dr. Henk Nijkeuter, letterkundespecialist, verbunnen an et Drents Archief in Assen.
Haost alle teksten van et pergramme zullen in juni 2021 verschienen in et Jaorboek Nedersaksisch 2 (2021).
Direkteur-bestjoerder Nina Hiddema sil oan de ein fan dit jier ophâlde by Omrop Fryslân. Hiddema is sûnt maaie 2018 yn tsjinst fan de Omrop.
Grutsk
Nina Hiddema oer har oankommende fuortgean: “It wie in dreech beslút. Ik bin hechte rekke oan de Omrop. Wy hawwe de ôfrûne jierren mei-inoar hurd wurke oan de radio- en telefyzjeprogramma’s dy’t it ferhaal efter it nijs fertelle, dy’t ferbining meitsje mei de Fryske mienskip en dy’t de Fryske harkers en sjoggers reitsje. Soks giet net fan hjoed op moarn. Wy hawwe yn in soarchfâldich proses tusken organisaasje en bûtenwrâld in nije en droegen strategy formulearre en ús organisaasje oanpast. Ik bin grutsk op alle teams binnen de Omrop dy’t dat mooglik makke hawwe en op de geweldige ynset fan de meiwurkers, ek yn coronatiid. Yn goed oerlis mei de Ried fan Kommissarissen hawwe wy de datum fan myn fuortgean bepaald. It is 1 jannewaris wurden, dan is der genôch tiid om in nije direkteur oan te lûken en yn te wurkjen.”
Takomst
“Wat ik hjirnei dwaan sil? Dat wit ik noch net. Myn holle is noch by de Omrop. Troch no myn fuortgean oan te kundigjen, ûntstiet der romte om in moai folgjend plak te finen yn de wrâld fan kultuer, media en ûnderwiis.”
Stevich fûnemint
Ger Jaarsma, foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan de Omrop, oer it oankommende fuortgean fan Nina Hiddema: “Sy hat mei hert en siel wurke om de Omrop in nij fûnemint te jaan. Tusken en mei de minsken. Dat wie in yntinsyf proses, yn it bysûnder foar har. Wy binne as Ried bliid mei har ynset en mei it resultaat. Sy bliuwt noch efkes by ús, dat jout ús de gelegenheid om soarchfâldich op syk te gean nei har opfolger.”
Sûnt maart 2017 wurket berne-opfang De Lytse Haskes mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe de ôfrûne jierren begelieding hân om it twatalich belied foarm te jaan, passend by har eigen wurkwize. Dat trajekt is no ôfrûne en de lokaasje hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle.
De Lytse Haskes en twatalichheid
De Lytse Haskes is in partikulier bernedeiferbliuw yn Aldehaske. Eigner Stien Ploegstra hat de lokaasje opsetten yn de skuorre fan in pleats. Der waard earst wurke mei ien berne-opfanggroep, mar ûnderwilens is dêr in twadde groep by kommen.
Sûnt 2017 wurdt der wurke mei in twatalich belied. Dat sjocht der yn de praktyk as folget út: guon pedagogyske meiwurksters prate konsekwint Frysk mei alle bern en guon pedagogyske meiwurksters prate konsekwint Nederlânsk mei elkenien. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan inoar te skieden, leare de bern de talen goed út inoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftiid bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.
Fisitaasjekommisje
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Lytse Haskes west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘In gouden momint nei’t Stien in Tomkeferhaal oer in spin foarlêzen hat. De bern harkje oandachtich, begripe it ferhaal ûnderstipe troch Stiens mimyk en yntonaasje. Kwa ynhâld past by it ‘grizeltema’ Halloween. Stien praat efkes mei de bern nei, mar it wurdt hielendal kânsryk as in tal bern it ferhaal sels nóch in kear ‘foarlêze’. Hiel goed om de bern sels sa oan it wurd te litten. Dat binne tige learsume taalmominten! Ek moai dat de bern har sa feilich fiele en sels it inisjatyf nimme.’
By it sertifisearringstrajekt kriget De Lytse Haskes begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.
Streektaolorganisatie Huus van de Taol organiseert al jaoren cursussen over Drentse taol en cultuur. Deur de maotregeln hef het cursuswark dik een jaor stillegen, maor vanof september begunt het neie cursusseizoen, vanof nou kuj je daorveur anmelden. Vanzölf bint de cursussen dan ok volgens de dan geldende richtlienen.
De cursussen bint geschikt aj net in Drenthe woont, maor ok aj hier geboren en getogen bint is het aordig um ies een cursus te volgen. Je kunt kiezen oet:
Moi!-cursus: drei aovenden waor aj meer leert over Drenthe, de inwoners, taol en cultuur.
Drenthecursus: dizze cursus hef acht lesaovenden en giet wat wieder as de Moi!-cursus. Je leert meer over schrieverij, meziek en achtergronden bij de streektaol.
Hej der nog gien genog van nao de Drenthecursus? Wi’j nóg wieder de diepte in op het gebied van meziek, schrieverij en taol? Dan kuj zes aovenden Dieper deur Drenthe volgen. Vanof begun 2022 is dizze cursus der in een nei jassie, klaor veur weer jaoren plezier.
Spellingcursus: nao dizze cursus kuj de officieel deur de provincie vaststelde spelling gebroeken.
Alle cursussen wordt deur kundige docenten verzörgd oet de umgeving van de cursuslocatie. Een cursus in Börger zöt er dus wat aans oet as een cursus in Dwingel.
Een cursus begunt pas wanneer der genog animo is in de buurt, dus as der zu’n 12 man-/vrouwlu metandoen wilt. Daor kun wij ok bij hölpen deur bijveurbeeld online te warven.
Aj interesse hebt kuj dat deurgeven op de website : www.huusvandetaol.nl/cursussen of tillefonisch via 0593-371010. Wanneer der in de buurt dan een cursus is kriej vanzölf bericht.
Aj as bestuur van een dörpshoes, bibliotheek of wiekgebouw een Drenthecursus in hoes halen wilt, kuj dat ok deurgeven via www.huusvandetaol.nl/cursussen.