De Folkshegeskoalle op Skylge organisearret in arranzjemint oer eilântalen yn it ramt fan LF2018

Mei fertellingen, film en de foarstelling ‘Pineboek’, in bewurking fan ‘De ynbylde sike’ fan Molière yn Aester dialekt.

Yn it wykein fan 17 novimber steane de libbene Skylger dialekten sintraal op de Folkshegeskoalle. Skylge hat mar leafst trije ûnderskate dialekten: it Meslânzers, it Aasters en it Westers. It Meslânzers is it dialekt fan Skylge mei it Nederlânsk as basis, de oare Skylger dialekten hawwe it Frysk as basis. Taalkundich ûndersiker Siebren Dyk fan de Fryske Akademy geat yn op de ûntjouwing fan dy lytse talen.
It programma fan twa dagen bestiet dêrneist út film, in kulturele kuier nei in einekoai en fansels it komyske toanielstik ‘Pineboek’ troch de Aaster Joonpraters.
It binne twa dagen fol taal en kultuer foar minsken mei taalgefoel en gefoel foar humor. Folslein fersoarge, yn de ûntspannen omjouwing yn de bosk by it strân. Continue reading “De Folkshegeskoalle op Skylge organisearret in arranzjemint oer eilântalen yn it ramt fan LF2018”

Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân

folkshegeskoalleDe Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge bestiet 70 jier en fiert dat ûnder oaren mei 4 bysûndere temajûnen yn bûtenteater De Rondte. Op dy jûnen stean Lytse Talen sintraal. Der wurdt gearwurke mei ferskate kulturele partners, oan de fêste wâl en op Skylge.

Identiteit en folkskultuer spylje in wichtige rol  op de Folkshegeskoalle, 70 jier ferlyn oprjochte as in moetingsplak om de Fryske kultuer fuort te sterkjen en mei-inoar te dielen.  Taal as drager fan dy identiteit en kultuer is in hieltyd weromkommend tema op Folkshegeskoalle. It jubileumprogramma is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd Leeuwarden-Fryslân 2018 en Lân fan Taal. We fiere it jubileum mei ús eigen gasten en ek seker mei alle eilanners en badgasten fan Skylge.  Continue reading “Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân”

Taletún lûkt tûzenen skoalbern nei Lân fan taal yn Ljouwert

Foto: Afûk
Foto: Afûk

Dit jier is de Prinsetún yn Ljouwert omtsjoend ta in Taletún. De ôfrûne wiken hawwe mear as 3.000 skoalbern in besite brocht oan de Taletún yn Lân fan taal. De kommende tiid sille yn alle gefallen noch goed 1.500 bern in besite bringe oan de Taletún. ‘Der is lykwols noch romte foar mear groepen’, seit Fokke Jagersma, projektlieder foar de Taletún by de Afûk. ‘Basisskoallen en pjutteboartersplakken dy’t har noch net oanmeld hawwe foar in programma yn de Taletún riede wy lykwols wol oan om dat sa gau as mooglik te dwaan. De planning rint rap fol.’ De Taletún is iepen oant ein oktober.

Continue reading “Taletún lûkt tûzenen skoalbern nei Lân fan taal yn Ljouwert”

Akademytún fol b(l)oeiende taalinisjativen

Foarlêsmaraton Frysk Hânwurdboek

De tún fan de Fryske Akademy – tusken Doelestrjitte 4 en 6 – is it plak dêr’t fan freedtemiddei 25 maaie ôf it folsleine – ientalich Frysk – Frysk Hânwurdboek foarlêzen wurde sil. It foarlêzen fan dit wurdboek, dat sa’n 70.000 wurden telt, is ien fan de simmeraktiviteiten fan de Fryske Akademy yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018/Lân fan taal.

Taalstipe
De foarlêsmaraton fan it Frysk Hânwurdboek is keppele oan in goed doel, nammentlik in bydrage foar ien of mear laptops foar taalstipe op lokaasje yn Fryslân troch Stichting Lezen & Schrijven. Dielnimmers kinne harren dêrfoar sponsorje litte. Troch it yntegraal foarlêzen fan it wurdboek – en it opnimmen dêrfan –  ûntstiet der in  korpus sprutsen Frysk, dat foar ûndersikers ta nijsgjirrige nije ynsichten liede sil. Alles komt foarby, hiel gewoane wurden, mar ek bysûndere en ferjitten wurden. Dêrmei is it foarlêsprojekt ek in earbetoan oan de Fryske taal. Foar it foarlêzen fan it wurdboek wurde der noch lêzers socht. It folslein yn ‘e macht hawwen fan it Frysk is dêrfoar gjin fereaske.  Wa’t in kertier foarlêze wol – mear as ien mei ek – dy kin him of har opjaan fia: www.fryske-akademy.nl/lf2018 Continue reading “Akademytún fol b(l)oeiende taalinisjativen”