De Folkshegeskoalle op Skylge organisearret in arranzjemint oer eilântalen yn it ramt fan LF2018

Mei fertellingen, film en de foarstelling ‘Pineboek’, in bewurking fan ‘De ynbylde sike’ fan Molière yn Aester dialekt.

Yn it wykein fan 17 novimber steane de libbene Skylger dialekten sintraal op de Folkshegeskoalle. Skylge hat mar leafst trije ûnderskate dialekten: it Meslânzers, it Aasters en it Westers. It Meslânzers is it dialekt fan Skylge mei it Nederlânsk as basis, de oare Skylger dialekten hawwe it Frysk as basis. Taalkundich ûndersiker Siebren Dyk fan de Fryske Akademy geat yn op de ûntjouwing fan dy lytse talen.
It programma fan twa dagen bestiet dêrneist út film, in kulturele kuier nei in einekoai en fansels it komyske toanielstik ‘Pineboek’ troch de Aaster Joonpraters.
It binne twa dagen fol taal en kultuer foar minsken mei taalgefoel en gefoel foar humor. Folslein fersoarge, yn de ûntspannen omjouwing yn de bosk by it strân.

Sneon 17 novimber: oankomst tusken 14 en 15 oere.
Ûntfangst mei kofje en koeke
Ynlieding troch Siebren Dyk: ‘Ûntjouwingen fan lytse Fryske dialekten ûnder ynfloed fan isolemint’.
Eilânferhalen by de iepen hurd.
Waarm iten op de Folkshegeskoalle.
Jûnfoljende foarstelling Pineboek yn it Aasters.

Snein 18 novimber: moarnsbrochje en kofje
Ynlieding fan Siebren Dyk oer it Meslânzers.
Koarte film ‘Wadden boven het Water’ fan Kees Hin. In prachtich portret fan de bewenners fan it Waadgebiet, fan ien fan de grutte Nederlânske dokumintêremakkers. Dêryn fertelt skriuwer/kritikus Jo Smit yn it Meslânzers wêrom’t er weromkommen is nei it eilân en wêrom’t er der begroeven wurde wol.
Op paad mei lokale grutheid ‘Flang’ troch it doarp en de einekoai. Yn it Meslânzers fertelt er oer it libben op Skylge. Tsjin 13 oere wurdt elkenien traktearre op de ferneamde snert fan Flang dêr’t er wrâldkampioen mei wurden is.
Ôfsluting om 13.00 oere hinne.

Priizen: op basis fan 2 persoanen de keamer: 125,-  (boskkeamer), 115,- (budzjetkeamer) of 105,- euro (sliepseal). Ynklusyf oernachting mei diner en moarnsbrochje; foarstelling Pineboek; film en lêzingen; rûnlieding mei snert; kofje/tee by ûntfangst en by de film. Eksklusyf oare drankjes.

De Folkshegeskoalle organisearret dit programma oer lytse talen yn gearwurking mei De Fryske Akademy, it Frysk Filmarchief en Lân fan Taal,. yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Op www.folkshegeskoalle.frl lêze jo mear oer it programma en de kursussen fan dizze kulturele ynstelling op Skylge.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.

* Copy This Password *

* Type Or Paste Password Here *