Dit jier is de Prinsetún yn Ljouwert omtsjoend ta in Taletún. De ôfrûne wiken hawwe mear as 3.000 skoalbern in besite brocht oan de Taletún yn Lân fan taal. De kommende tiid sille yn alle gefallen noch goed 1.500 bern in besite bringe oan de Taletún. ‘Der is lykwols noch romte foar mear groepen’, seit Fokke Jagersma, projektlieder foar de Taletún by de Afûk. ‘Basisskoallen en pjutteboartersplakken dy’t har noch net oanmeld hawwe foar in programma yn de Taletún riede wy lykwols wol oan om dat sa gau as mooglik te dwaan. De planning rint rap fol.’ De Taletún is iepen oant ein oktober.
‘It is hjir krekt de Efteling’
Sa seit juf Madelon fan OBS De Lamer út Aldlemmer. Yn de Taletún geane besikers op syk nei en kinne se boartsje mei taal. Op skoaldagen wurdt der in edukatyf programma oanbean foar pjutten, beukers en learlingen fan de midden- en boppebou fan it basisûnderwiis. Nei de tariedende lessen yn de klasse geane pjutten en beukers yn de Taletún op syk nei de freontsjes fan Tomke of Rinze, helpe de bern fan groep 3, 4 en 5 fjoertoerwachter Bonk om syn freondintsje Vera út de see te rêden en helpe de boppebouwers Sietse om te ûntsnappen út it lân fan de moaipraters.
Letterfermiselje yn ’e fiver
Om de karakters út de ferhalen te helpen brûke de bern ferskillende ynteraktive keunstobjekten, dy’t eksklusyf foar de Taletún realisearre binne troch Sibe Jan Kramer, Bouke Groen en Machiel Braaksma. Sa kinne de bern bygelyks in boadskip seine mei in semafoar, lûke frjemde lûden harren nei in oare realiteit of wurde se ynspirearre troch in gedicht fan letterfermiselje yn de fiver. Foar de begelieding fan de skoalgroepen wurdt in berop dien op de eigen learkrêft(en) en âlders, mar ek in grutte groep frijwilligers, meiwurkers fan de Afûk en studinten fan ROC Friese Poort binne dêrby belutsen.
De Taletún is in projekt fan de Afûk yn Lân fan taal en wol besikers de rykdom fan taal en meartaligens ûnderfine litte en harren aktivearje om sels kreatyf mei taal oan de slach te gean. Foar de realisaasje fan it projekt wurket de Afûk yntinsyf gear mei ferskate partijen, lykas Keunstwurk, Cedin en de Friese Poort.