Binne de trije bruorren Keimpe, Marten en Wybren Hogerhuis mei rjocht en reden feroardiele ta jierrenlange selstraffen of net? Op 16 febrewaris iepenet Obe by Tresoar de nije tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’. Yn de tentoanstelling wurdt dizze ferneamde rjochtsaak oer in ynbraak ‘weriepene’. Untdek de ins en outs oer de ynbraak mei bewizen en tsjûgeferklearringen en oardielje sels: binne de bruorren skuldich of ûnskuldich?
De bruorren Hogerhuis út Bitgum wurde yn 1896 feroardiele ta jierrenlange selstraffen. Keimpe, Marten en Wybren moatte seis, alve en tolve jier sitte yn de Ljouwerter Blokhúspoarte. Se binne oppakt as fertochten fan in ynbraak, mar binne se wol skuldich? De rjochtsaak ropt in soad fragen op en tsjûgen jouwe tsjinstridige ferklearringen. It folk is ferbjustere oer it fûnis. Woe justysje in foarbyld stelle? Spile it in rol dat de bruorren sosjalisten wienen? Wie der sprake fan klassejustysje? De saak krige sels lanlike bekendheid doe’t advokaat en sosjalistysk foarman Piter Jelles Troelstra him dermei bemuoide.
De tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’ is te sjen fan 16 febrewaris oant en mei 11 juny yn Obe by Tresoar, Heer Ivostraatje 1 yn Ljouwert.
Mear ynformaasje oer de tentoanstelling is te lêzen op tresoar.nl.
Testament van de ziel fan Hylke Speerstra is koartby ferskynd by útjouwerij Atlas Contact. It is Speerstra syn eigen oersetting fan syn boek Testamint fan de siel (Bornmeer, 2021) oer twa widners mei Fryske woartels dy’t inoar yn Kanada by in rodeo moetsje en inoar harren libbensferhalen fertelle. De oersetting fan it boek sil presintearre wurde op freed 10 febrewaris om 16.00 oere yn Tresoar.
De presintaasje wurdt stal jûn yn de foarm fan in fraachpetear. Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, sil de skriuwer freegje nei syn motiven om it boek te skriuwen en de tûkelteammen by it oersetten. Fierders sitte Douwe Draaisma en Geert Mak ek oan tafel. Mak sil benammen frege wurde nei de wearde fan it fertellen fan ferhalen en fan oral history yn it algemien, wylst Draaisma ynterviewd wurde sil oer ûnder oare de (ûn)betrouberens fan it ûnthâld.
Nei it fraachpetear kin sawol de Fryske- as Hollânsktalige ferzje fan it boek kocht wurde en sit Hylke Speerstra klear om boeken te sinjearjen.
Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf sette in grut part fan de audio-opnames fan Operaesje Fers wer online. It opnij beskikber stellen fan dizze ferneamde dichterskolleksje wurdt op de lanlike Gedichtedei (tongersdei 26 jannewaris) feestlik fierd yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.
dichters
Meindert Bylsma, ien fan de trije dichters dy’t yn 1968 it inisjatyf namen ta Operaesje Fers, sil ynterviewd wurde en guon gedichten út dy tiid foardrage. Willem Abma is der ek en sil ynterviewd wurde. Fan him sitte der mear as hûndert gedichten yn de kolleksje fan Operaesje FersFierders treedt in jonge garde dichters op, oansletten by de dichterskollektiven RIXT en Dichter Bij Leeuwarden. Ilse Vos, Marije de Lange en Preston Losack drage gedichten foar dy’t passe by de sfear dy’t de oprjochters fan Operaesje Fers foar eagen hiene: poëzy op fernijende wize ûnder de minsken bringe.
Operaasje Fers
In tillefoannûmer draaie en dan in gedicht hearre. It wie jierrenlang hiel populêr. Operaesje Fers waard ynternasjonaal nijs doe’t in groepke Fryske dichters der yn 1968 mei begûn. It wie de earste dichterstillefoan op ‘e wrâld. Tsjintwurdich ha wy Google, YouTube, Spotify en sosjale media. Mar doe koest 058-131313 draaie en dan heardest in gedicht, alle wiken in nijenien. Operaesje Fers hat 25 jier bestien, fan 1968 oant 1994. Op de dichterstillefoan hawwe mear as 2000 gedichten te belústerjen west: 1100 Fryske, 800 Nederlânske en sa’n 100 yn oare talen. Oprjochters fan Operaesje Fers wiene Josse de Haan, Meindert Bylsma en Geart van der Zwaag; de geastlike heit wie Feyo Schelto Sixma van Heemstra.
opnames
It Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) hat alle orizjinele opnames fan Operaesje Fers dy’t by Tresoar yn depot lizze, op ‘e nij digitalisearre en pleatst yn syn online katalogus op archieven.nl. It giet om mear as 2700 gedichten. Folle mear dus as de krekt neamde 2000. Dat komt omdat net alle opnommen gedichten op de dichterstillefoan útstjoerd waarden. Boppedat gie lûdstechnikus Hein van der Vliet by dichterseveneminten yn en bûten Fryslân del en sammele hy op dy wize withoefolle gedichten.
In soad opnames fan Operaesje Fers waarden troch Tresoar yn 2005 al online pleatst. In pear jier lyn waard dy webside út de loft helle omdat er slim ferâldere wie. De útwreide kolleksje stiet no op archieven.nl, dêr’t alle digitale byld- en lûdkolleksjes fan it FFAA beskikber binne. In seleksje fan 100 gedichten út Operaesje Fers is fan 26 jannewaris ôf ek op it soundcloudkanaal fan it FFAA te beharkjen.
harkje
Yn Kafee De Gouden Leeuw by Tresoar kinst fan 26 jannewaris ôf in seleksje út de Operaesje Fers-gedichten op ludike wize beharkje.
Beharkje hjir it radiopetear dat de AVRO yn 1968 mei oprjochter Josse de Haan hie. Besjoch hjir de kolleksje fan Operaesje Fers op archieven.nl – de audiobestannen binne fan 26 jannewaris ôf beskikber.
Lansearring Operaesje Fers
Datum: 26 jannewaris 2023 Tiid: 16.00-18.00 oere Plak: Tresoar, Kafee De Gouden Leeuw Mear ynformaasje
Yn ferbân mei it beheinde tal sitplakken yn kafee De Gouden Leeuw is reservearje ferplichte. Kinst dy hjir oanmelde
It is dit jier 100 jier lyn dat de Richthofenkolleksje yn besit kaam fan Provinsje Fryslân en ûnderbrocht waard by Tresoar. Op freedtemiddei 16 desimber fiere we de mylpeal fan dizze bysûndere kolleksje by Tresoar, dy’t op 1 novimber ek it predikaat UNESCO Memory of the World krigen hat.
Wat is eins de Richthofenkolleksje? En wêrom is dy kolleksje sa belangryk foar Fryslân? Mei lêzingen fan û.o. Vincent Robijn (direkteur Collectie Overijssel), prof. dr. Andreas Deutsch (direkteur Deutsches Rechtswörterbuch) en de ûndersyksgroep Pastei, wurdt it in nijsgjirrige middei. Fansels helje we foar dizze spesjale gelegenheid de Richthofenkolleksje út it depot, sadatst it mei eigen eagen besjen kinst!
Programma
13:30
Ynrin mei kofje en tee
14:00
Wolkom en ynlieding – Arjen Dijkstra, direkteur Tresoar
Untdekkingen – Herre de Vries en Riemer Janssen, ûndersyksgroep Pastei
‘No Richthofen, No Fryslân’ – Bert Looper, Tresoar
‘Richthofenkolleksje en de talen van Nederland’ – Vincent Robijn, direkteur Collectie Overijssel
‘Die internationale Bedeutung der Friesischen Rechtsquellen’ – Andreas Deutsch, direkteur Deutsches Rechtswörterbuch
skoft
‘Crowdfunding yn 1922 om de Richthofenkolleksje nei Fryslân te krijen’ – Sietske Poepjes, deputearre Provinsje Fryslân
‘Unesco Memory of the World’ – Nederlandse Unesco Commissie
Tankwurd – Arjen Dijkstra, direkteur Tresoar
16:30
Ofsluting mei in borrel
Oer de Richthofenkolleksje
De Richthofenkolleksje bestiet út tsien midsiuwske rjochtshânskriften en jildt as in topkolleksje. De hânskriften binne sammele troch de Prusyske rjochtsgelearde Karl von Richthofen (1811-1888), dy’t him spesjalisearre yn midsiuwsk Frysk rjocht. Op 1 novimber 2022 is de Richthofenkolleksje ynskreaun yn it Unesco Memory of the World Register.
It belang fan de Richthofenkolleksje sit him benammen yn it feit dat seis fan de tsien hânskriften yn de Aldfryske taal skreaun binne; dêrmei befettet de kolleksje in grut part fan wat der oan Aldfrysk oerlevere is. Want yn totaal binne der mar sechtsjin Aldfryske hânskriften bekend, neist it earste yn it Frysk drukte boek. Fan dat boek – it ‘Freeska Landriucht’ (1484-86) – hat Tresoar ek trije eksimplaren in de kolleksje.
Foto: Tresoar
Yn 2020 gie in ûndersyksgroep fan Pastei fan start mei in ûndersyk nei de Richthofenkolleksje. Mear ynformaasje oer de Richthofenkolleksje: Richthofen.nl
Oanmelde
Komst ek nei it sympoasium op freedtemiddei 16 desimber? Meld dy hjir oan
De Fedde Schurerlêzing “Wurkje, Wenje, Wyn: wat moat wêr yn Fryslân?” hat plak op sneontemiddei 19 novimber, yn Tresoar te Ljouwert, fan 15:00-17:00 oere (ynrin fan 14:30 ôf).
Sprekkers binne Francesco Veenstra, Ryksboumaster; Avine Fokkens-Kelder, deputearre fan de provinsje Fryslân; Sijbe Knol, fraksjefoarsitter FNP, Provinsjale Steaten. De diskusje wurdt laat troch Sander Warmerdam, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. Sjoernaliste Jantien de Boer (Ljouwerter Krante) sprekt in kollum út en der is muzyk fan Sytse Haima en Menzo Rohn.
Yn it Frysk prate tsjin dyn mobile telefoan of in app? Dat is no net mooglik. De Fryske ynsprekmaraton moat dêr feroaring yn bringe. Op 27 oktober joech Deputearre Sietske Poepjes it symboalyske startskot tegearre mei de Fryske flogger Eduard Rekker by it radioprogramma Goeiemiddei fan Omrop Fryslân. Mei dit projekt wol de provinsje yn ’e mande mei harren partners 300 oeren ynsprutsen Frysk sammelje. Elkenien dy’t Frysk praat kin meidwaan op ynsprekmaraton.frl. De Fryske ynsprekmaraton rint oan 21 febrewaris 2023, de ynternasjonale dei fan de memmetaal.
“Foar de takomst fan it Frysk is it wichtich dat wy it Frysk ek brûke kinne yn ús kommunikaasje mei de mobile telefoan of apps. Sa bliuwt ek de nije generaasje it Frysk brûken en bliuwt de taal fitaal. Mei dizze ynsprekmaraton kinne wy in grutte stap sette om it Frysk ek digitaal in plak te jaan. Ik nûgje alle Friezen út om harren stim hearre te litten.
Deputearre Sietske Poepjes
Foar it behâld fan de Fryske taal is it wichtich dat Friezen de taal ek yn de digitale wrâld brûke kinne. Mei de ynsprekmaraton wurket de provinsje oan in digitale samling fan yn it Frysk sprutsen sinnen. Sa’n ‘dataset’ is de basis foar it meitsjen fan spraaktechnology. Foar in goede dataset binne sa’n 300 oeren sprutsen Frysk nedich. De provinsje makket hjirfoar gebrûk fan de software Mozilla Common Voice. Mei dizze dataset kin bygelyks in technologybedriuw spraakstjoerde tapassingen meitsje foar de Fryske taal. Ek hobbyisten kinne der mei oan ’e slach.
Ynsprekmaraton.frl
Elkenien dy’t Frysk praat kin online sinnen ynsprekke op de webside: ynsprekmaraton.frl. Dat kin simpel fia sawol de telefoan, tablet of kompjûter. Ferskillen yn regionale útspraak binne gjin probleem. Dat is krekt wichtich by it opbouwen fan de dataset. Sa is it ek wichtich dat der sawol mannen- as frouljusstimmen opnommen wurde yn alle leeftiden. Der is oant no ta 135 oeren oan materiaal sammele.
Eduard Rekker, de Fryske flogger, en deputearre Sietske Poepjes jouwe it startskot foar de ynsprekmaraton. foto: provinsje Fryslân
Om de Fryske ynsprekmaraton bekend te meitsjen ûnder de Friezen reizget Eduard Rekker, de Fryske flogger en ambassadeur fan it projekt, mei syn ynsprekcamper by ferskate eveneminten in Fryslân del. Ek binne der ferskate flogs om Friezen op te roppen om mei te dwaan oan de ynsprekmaraton. De provinsje wurket foar dit projekt gear mei Mozilla Common Voice, Afûk, Fryske Akademy, NHL Stenden, Omrop Fryslân, RUG Campus Fryslân en Tresoar.
Wat sjochst, wannear’tst troch de eagen fan in kompjûter nei fideobylden fan Fryslân sjochst? Fan 10 novimber o/m 31 desimber 2022 is yn Tresoar de tentoanstelling ‘Archief van de Toekomst’ te sjen. In multymediale ynstallaasje fan keunstner en ûntwerper Richard Vijgen foarmet it middelpunt fan de tentoanstelling. De tentoanstelling wurdt iepene op de earste dei fan it Noordelijk Film Festival en is ûnderdiel fan it festivalprogramma.
ynteraktive ynstallaasje Yn dizze ynteraktive ynstallaasje komme hûnderten oeren byld fan Fryslân oer in perioade fan goed sechtich jier út de kolleksje fan it Frysk Film & Audio Argyf by elkoar, en makket in selslearende kompjûter it mooglik om mei Keunstmjittige Yntelliginsje (KI) te sykjen nei patroanen yn de bewegende bylden. Troch te boartsjen mei de ‘eagen’ dêr’t de kompjûter de bylden fan Fryslân mei besjocht, fernimst fan tichtby hoe’t de ynstallaasje ynformaasje ferwurket en krijst in idee fan de mooglikheden, mar ek fan de beheiningen fan computer vision en automatyske byldwerkenning.
Keunstmjittige Yntelliginsje It begryp Keunstmjittige Yntelliginsje (KI) of Artificial Intelligence (AI), stiet foar it fermogen fan in kompjûter om ynformaasje te ferwurkjen en beslissingen te nimmen. Hoe sjocht in Keunstmjittige Yntelliginsje nei in digitaal argyf? Sjocht se ferbannen dy’t we net sjogge? Watfoar patroanen leit se bleat? Kin in Keunstmjittige Yntelliginsje in gids wêze, in kurator? Wit se better wat we sykje as wy sels? Is it ark of in orakel? Mei Het Nieuwe Instituut en VPRO Tegenlicht die Richard Vijgen de ôfrûne moannen ûndersyk nei de mooglike rol fan Keunstmjittige Yntelliginsje by it ûntsluten en presintearjen fan digitale erfgoedkolleksjes. It ûndersyk resultearre yn de tentoanstelling ‘Archief van de Toekomst’ dy’t earder dit jier te sjen wie yn Het Nieuwe Instituut yn Rotterdam, dêr’t de ynstallaasje 20 jier útstjoeringen fan it telefyzjeprogramma VPRO Tegenlicht trochsocht. De tentoanstelling komt no nei Tresoar yn Ljouwert en dêrby binne de útstjoeringen fan Tegenlicht ferfongen troch mear as 600 films út de kolleksje fan it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) oer in perioade fan goed sechtich jier (1920-1985), swart-wyt en kleur. De tentoanstelling sil dêrnei fierder reizgje nei oare argyfynstellingen.
Foto: Richard Vijgen
Tagong Kom del en sneup troch de bylden fan Fryslân, kom yn de kunde mei begripen as computer vision en neurale netwurken en ûntdek hoe’t algoritmes patroanen ‘sjogge’ yn byld of tekst en hoe’t foaroardielen oan de basis lizze fan dyselde algoritmes. Oardielje sels oer de ûnderstelde ‘yntelliginsje’ fan de ynstallaasje. De tentoanstelling is fergees te besjen ûnder de iepeningstiden fan Tresoar.
Het ‘Archief van de Toekomst’ is ûntwikkele troch VPRO Tegenlicht mei meiwurking fan Het Nieuwe Instituut en wurdt mei mooglik makke troch finansjele stipe fan it Mondriaan Fonds.
Yn oanrin nei de ynternasjonale Open Access Week freegje de Ljouwerter Biblioteken en Research Services fan NHL Stenden Hogeschool omtinken foar frije online tagong ta wittenskiplike ynformaasje. Net allinne foar ûndersikers en professionals, mar krekt foar elkenien yn de maatskippij. It boadskip is dúdlik: wittenskiplik ûndersyk dat betelle is mei publyksjild moat foar elkenien yn de maatskippij tagonklik wêze.
Hogeschool Van Hall Larenstein, NHL Stenden Hogeschool, dBieb en Tresoar hawwe de krêften bondele en as Ljouwerter Biblioteken binne se sûnt 2019 dwaande om de tagonklikheid fan wittenskiplike ynformaasje yn Fryslân op de kaart te setten. Want Open Access is fan belang foar elkenien. Gjin wûnder dat hieltyd mear ynstellingen de útgongspunten fan de ynternasjonale Open Science-beweging ûnderskriuwe.
Undersiken subsidiearre mei publyksjild Ingrid van Gorkum, projektlieder fan it Research Support Team by NHL Stenden Hogeschool, leit út: “Stel dat we de situatie van universiteitsstudenten in ontwikkelingslanden als voorbeeld nemen. Deze studenten hebben daar minder toegang tot wetenschappelijke publicaties en data, omdat er simpelweg geen geld is voor de aanschaf van dure databanken. Ook in Nederland moeten hogescholen en universiteiten keuzes maken in de databanken die ze aanbieden. Dit houdt in dat studenten geen toegang hebben tot alle wetenschappelijke informatie. Door Open Access kan iedereen gebruik maken van up-to-date kennis, zonder dat daar verdere kosten aan zijn verbonden. Het is toch ook vreemd dat wij onderzoeken die nota bene gesubsidieerd zijn, niet kosteloos kunnen inzien? Dat is – als je het mij vraagt – echt de omgekeerde wereld.”
Wrâldwiid, mar ek yn Fryslân is Open Access dus in hot item. Brigette Lee, teamlieder tagonklikheid by Tresoar en ien fan de inisjatyfnimmers fan it gearwurkingsferbân, fertelt: “Daarom willen wij in Fryslân een platform voor Open Science opzetten waar onderzoekers gebruik van kunnen maken en waarmee we ook burgers geïnformeerd houden.”
Open Access Week Nettsjinsteande dizze ûntwikkelingen oangeande Open Access, binne we der noch net. “Ik denk dat het begint met bewustwording,” seit Lee. “Daarom wordt er ieder jaar een Open Access Week georganiseerd, om het belang van Open Access steeds weer te benadrukken met nieuwe inzichten en ontwikkelingen.” Oer de hiele wrâld wurde fan 24 o/m 28 oktober 2022 aktiviteiten organisearre om mear omtinken te freegjen foar frije online tagong ta wittenskiplike ynformaasje.
Open Access Event yn Ljouwert De Ljouwerter Biblioteken en Research Services fan NHL Stenden Hogeschool organisearje op tiisdeitemiddei 25 oktober in Open Access Event yn Ljouwert. Mei in workshop oer FAIR data troch Jellie Visser en Ingrid van Gorkum (NHL Stenden Hogeschool) en in lêzing ‘Open data van de overheid’ fan Britta Ricker (Universiteit Utrecht) wurdt it in nijsgjirrige middei. Belangstellenden binne fan herte útnûge om it evenemint by te wenjen.
Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan Fryslân-krante by de twa Fryske deiblêden brocht syn wurk yn 2019 nochris by in breed publyk ûnder de oandacht.
It portret (oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.) is op 18 oktober troch Eeltsje Hettinga en de direkteur fan Tresoar, Arjen Dijkstra ûntbleate en is te bewûnderjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn dy seal hingje ek de oare portretten fan de Gysbert Japicxpriiswinners.
Portret fan Eeltsje Hettinga makke troch Elske Schotanus Oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.
De makker, Elske Schotanus (1957), is net allinne skilder, mar ek skriuwer. Yn har wurk leit se har de lêste tiid hieltyd mear ta op in kombinaasje fan skriuwend en byldzjend wurk. Har lêste wurk is de graphic novel ‘Kyra’ (2022).
Mear ynformaasje oer Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus is te lêzen op de Fryske literatuerwebside www.sirkwy.nl.
Op woansdei 5 oktober start in nije kursus Skriuwtechniken, wêrby’t begjinnende skriuwers yn it Frysk harren technyk ferbetterje kinne. De 12-dielige kursus wurdt jûn troch Arjan Hut út namme fan de Skriuwersfakskoalle, in inisjatyf fan Leeuwarden UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdei 7 septimber is der in fergeze yntroduksjeles.
Yn de kursus Skriuwtechniken leare dielnimmers har eigen skriuwstyl kennen en te eksperimintearjen mei it Frysk as skriuwtaal. Op de Skriuwersfakskoalle krije kursisten les fan saakkundige auteurs en leare se ek fan elkoar. In jier lyn sette in earste groep útein, dy’t fan ’t maitiid in ferfolchkursus folge en dit neijier trochgiet mei it folgjende lesjier fan de oplieding. De kursus foar nije dielnimmers begjint op 5 oktober 2022 en rint oant en mei 8 maart 2023. De tolve lessen binne op woansdeitejûn fan 18.45 oant 21.45 oere by Tresoar.
Foar minsken dy’t belangstelling ha, is der op woansdei 7 septimber in fergeze proefles. Pauline Durlacher, direkteur fan Schrijversvakschool Groningen: “Je krijgt twee opdrachten en gaat daarmee ter plekke aan de slag. Je krijgt commentaar op je tekst en merkt al snel wat zo’n schrijftraining je oplevert.”
Wa’t him/har foar 15 septimber ynskriuwt foar de folsleine kursus krijt 25% koarting op it lesjild fan € 480,-. Oanmelde foar de proefles en de kursus kin op www.skriuwersfakskoalle.frl.