Binne de trije bruorren Keimpe, Marten en Wybren Hogerhuis mei rjocht en reden feroardiele ta jierrenlange selstraffen of net? Op 16 febrewaris iepenet Obe by Tresoar de nije tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’. Yn de tentoanstelling wurdt dizze ferneamde rjochtsaak oer in ynbraak ‘weriepene’. Untdek de ins en outs oer de ynbraak mei bewizen en tsjûgeferklearringen en oardielje sels: binne de bruorren skuldich of ûnskuldich?
De bruorren Hogerhuis út Bitgum wurde yn 1896 feroardiele ta jierrenlange selstraffen. Keimpe, Marten en Wybren moatte seis, alve en tolve jier sitte yn de Ljouwerter Blokhúspoarte. Se binne oppakt as fertochten fan in ynbraak, mar binne se wol skuldich? De rjochtsaak ropt in soad fragen op en tsjûgen jouwe tsjinstridige ferklearringen. It folk is ferbjustere oer it fûnis. Woe justysje in foarbyld stelle? Spile it in rol dat de bruorren sosjalisten wienen? Wie der sprake fan klassejustysje? De saak krige sels lanlike bekendheid doe’t advokaat en sosjalistysk foarman Piter Jelles Troelstra him dermei bemuoide.
De tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’ is te sjen fan 16 febrewaris oant en mei 11 juny yn Obe by Tresoar, Heer Ivostraatje 1 yn Ljouwert.
Mear ynformaasje oer de tentoanstelling is te lêzen op tresoar.nl.