Bosk by Obe – Als bomen kunnen wandelen

De kulturele produksje ‘Als bomen kunnen wandelen’ by Obe, poadium foar Fryske kultuer, fertelt dizze simmer tusken 7 maaie en 14 augustus it ferhaal achter Bosk: de mear as tûzen seis, sân meter hege beammen dy’t troch de binnenstêd fan Ljouwert ‘kuierje’ en fia alve lokaasjes úteinlik op it Aldehoustertsjerkhôf einigje.

De kuierjende bosk is basearre op it essay Planet Paradise fan Bruno Doedens, artistyk lieder fan Bosk. Yn dit essay ropt er op it ferhaal fan de ierde op ’e nij te skriuwen. Net allinne de natuer hat dêr baat by, de minske ek. We hawwe nije ferhalen nedich dêr’t we yn leauwe kinne, want it ferhaal fan no is te belêstend foar de ierde. De kulturele produksje ‘Als bomen kunnen wandelen’ draacht dat boadskip út mei in multydissiplinêr programma wêryn it Boskpoadium in sintrale rol spilet. It fertelt en ûndersiket de sintrale fraach fan Bosk: wat kinne we leare fan beammen?


 Fan rûp nei flinter

Yn Obe makket de besiker de transysje fan ego-tinken nei eko-tinken, de transysje fan rûp nei flinter. De minske: warber, ûndernimmend en by steat ta bysûndere prestaasjes. Fan komplekse organisaasjestruktueren oant ûnfoarstelbere technyk en ymminse bouwurken: de minske kin én docht it allegearre. De oare kant? De minske tinkt foaral oan de minske, en net sa bot oan de ierde. Hoe transformearje we ús ego-tinken yn eko-tinken?

Plantsje in beam-belofte

By in besite oan Obe falle in seis meter grutte stielen rûp en flinter fuort op. By de start binne se noch keal, mar besikers wurde útnûge lapkes stof oan de rûp of flinter te knoopjen. Mei dat ritueel ferbine se har oan de belofte in beam te plantsjen, en dêrnei it leafst nóch in beam op elke kommende jierdei. As betankje oan de ierde. Alle lapkes stof soargje derfoar dat de rûp en flinter oan de ein fan de produksje in eksploazje fan beloften binne.

Boskpoadium

It Boskpoadium is it multydissiplinêre programma fan ‘Als bomen kunnen wandelen’ dat net foar neat yn de eko-romte is: dêr wêr’t we ús in foarstelling meitsje fan de wrâld fan moarn. Keunstners, artysten, makkers, partners en publyk wurde útnûge om mei te tinken, te meitsjen, te ûndersykjen en te presintearjen by de sintrale fraach ‘wat kinne we leare fan beammen?’ Dêrmei wurdt Obe in libben publyksplak.

Yn Boskpoadium siket Tresoar bewust de gearwurking mei ferskate kulturele organisaasjes, artysten of kollektiven dy’t as kurator fan it programma fungearje. Dat liedt ta in breed ferskaat wykeinprogramma, lykas in jûn mei livemuzyk, workshops op it mêd fan duorsumens, in performance of in jûn mei spoken word, dichtkeunst en rap.

Bosklab

Yn it Bosklab wurkje sa’n fiifentweintich makkers oan ferskate artistike projekten dy’t op allerhanne Bosklokaasjes binne. Elke trije wiken is in oare makker oan it wurk yn it Bosklab, ynspirearre troch de sintrale fraach wat we fan beammen leare kinne om ússels op ‘e nij út fine te kinnen. Dy makkers jouwe by it Boskpoadium in koart optreden dêr’t se mear oer har projekt fertelle.

Oprop en mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer ‘Bosk by Obe – Als bomen kunnen wandelen’, it Boskpoadiumprogramma en de oprop fan Tresoar oan it publyk om in kollektestik te dielen oer de skiednis fan bosk en natuer yn Fryslân, is te finen op de webside fan Tresoar.

‘Bosk by Obe – Als bomen kunnen wandelen’ is in gearwurking fan Tresoar en Arcadia.

Tresoar is al 20 jier de skatkeamer fan Fryslân!

Tresoar bestiet dit jier 20 jier! De skatkeamer fan Fryslân traktearret dy yn it jubileumjier op allerhanne ekstra aktiviteiten. Mei de toer Tresoar komt nei dy ta! giet Tresoar de provinsje yn om de bysûndere ferhalen fan dyn wenplak nei dy ta te bringen. Dêrneist litte meiwurkers fan Tresoar alle wiken – it hiele jier lang – online har persoanlike topstikken sjen. En dat is noch net alles: Tresoar is nammentlik benijd nei dyn persoanlike ferhaal of topstik! Want ferhalen fan no fertelle ús letter mear oer ús ferline, ús wearden en ús hoop. Om dy reden docht Tresoar de oprop om safolle mooglik ferhalen te dielen mei de hashtag #mijnverhaalvanfryslan.

Tresoar komt nei dy ta
Untdek de bysûndere ferhalen dy’t yn dyn wenplak te finen binne. Tresoar bringt de Fryske skiednis nei dy ta! Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar, fertelt it ferhaal by dy op lokaasje en giet mei dy yn petear oer de rol fan skiednis foar de takomst fan dyn doarp of stêd. Dus bist benijd nei it ferline én wolst mei elkoar foarútsjen? Op tresoar.nl kinst dyn doarp of stêd oanmelde.

Diel dyn ferhaal of persoanlike topstik #mijnverhaalvanfryslan
Dyn ferhaal makket it ferhaal fan Fryslân fan eartiids kompleter, fertelt it ferhaal fan Fryslân fan no en foarmet it ferhaal fan Fryslân fan letter. Dêrom is Tresoar benijd nei dyn persoanlike ferhaal of topstik! Want ús hjoeddeiske Fryske mienskip is ferskaat en sit fol ferhalen. Ferhalen dy’t ferteld wurde moatte sadat se ûnderdiel wurde fan it takomstich kollektyf ûnthâld fan Fryslân. Dus diel dyn ferhaal of topstik yn in berjocht of fideo op Facebook of Instagram mei de hashtag #mijnverhaalvanfryslan en tag trije freonen om itselde te dwaan. Fleurige of fertrietlik ferhalen, ferhalen fan no of fan langer lyn, koart of lang: alles mei! As it mar in link mei Fryslân hat. Mei elkoar sjogge we mear fan Fryslân en mear fan elkoar!

Septimber feestmoanne: iepen dagen Tresoar én in kulturele produksje yn Obe
Altyd al witte wollen watfoar skatten yn de skatkeamer fan Fryslân ferburgen lizze? By de iepen dagen fan Tresoar op 10 en 11 septimber komme dy skatten foar it ljocht! Ek is de kulturele produksje Skatkeamer fol ferhalen fan septimber ôf te sjen yn Obe, mei yndrukwekkende ferhalen fan fiifentweintich bekende en ûnbekende histoaryske Friezen.

Mear ynformaasje oer de iepen dagen en de kulturele produksje Skatkeamer fol ferhalen wurdt letter dit jier bekend makke op de socialmediakanalen fan Tresoar en op tresoar.nl!

Koarte weromblik op 20 jier Tresoar
Yn septimber 2002 ûntstie Tresoar troch in fúzje fan de Provinsjale Biblioteek, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en it Ryksargyf. Dit jier is it 20 jier lyn dat de trije organisaasjes fusearren. Ryksargivaris Douwe de Vries waard de earste direkteur fan Tresoar. Bert Looper folge him yn 2007 op. Rien Vrijenhoek is sûnt foarich jier de hjoeddeistige ynterim-direkteur fan Tresoar.

Ien fan de earste hichtepunten fan Tresoar wie de besite fan prins Willem-Alexander en syn frou prinses Máxima oan Tresoar, begjin 2003. Se kamen om de nije ynventaris fan it stedhâlderlik argyf yn ûntfangst te nimmen. Der folgen mear hichtepunten lykas it projekt ‘Grutte Pier De Famylje’. Elkenien yn Fryslân en dêrbûten koe in kertiersteat ynfolje en útsykje litte oft hy/sy besibbe is oan de grutte frijheidsstrider. Mear as tûzen stambeammen út 31 lannen waarden ynstjoerd. Ek doe’t hûnderten minsken út allerhanne lannen Tresoar besochten yn it kulturele haadstêdjier yn 2018 en dat Obe, poadium foar Fryske kultuer, yn 2019 ûnderdiel waard fan Tresoar binne heuchlike mominten.

Tresoar hat as misje kultueroerdracht: it ferbinen fan ferline, no en takomst, fan kennis en ûnderfiningen, fan kultueren en generaasjes. Tal fan lêzingen, ekskurzjes, workshops, literêre jûnen, tentoanstellingen en grutte kulturele eveneminten en projekten foar in breed publyk hat Tresoar yn de ôfrûne jierren organisearre om oan dy misje te foldwaan. Troch de hieltyd fierdergeande digitalisearring is it mooglik hieltyd mear ynformaasje oer Fryslân online te ûntdekken en duorsum te bewarjen.

Bettere beleanning foar Fryske skriuwers! Effektivere promoasje fan boeken yn it Frysk

It Skriuwersboun hat ferline hjerst in kommisje ynsteld dy’t har dwaande hâlden hat mei de fraach: hoe komme wy ta in bettere beleanning fan Fryske skriuwers. Dy kommisje hat in einrapportaazje presintearre mei in tal útstellen, dy’t it Skriuwersbounbestjoer oernommen hat. It giet om In tal konkrete en praktyske maatregels, dy’t relatyf ienfâldich te realisearjen binne.

Presintaasje 7 april

De presintaasje hjirfan fynt plak op tongersdeitejûn, 7 april, om 19:30 oere, yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Belanghawwerrs

Foar de realisaasje fan dizze plannen is meiwurking nedich fan

  • de leden fan it Skriuwersboun
  • de redaksjes fan (diels) Frysktalige tydskriften
  • de omrop
  • organisaasjes dy’t literêre eveneminten organisearje
  • de provinsjale en regionale kranten
  • útjouwers
  • biblioteken
  • Tresoar
  • ‘Boeken fan Fryslân’
  • de provinsje Fryslân
  • minsken dy’t graach Frysk lêze meie.

Alle boppesteande persoanen en organisaasjes binne op 7 april wolkom.
It plan wurdt dan presintearre en der leit in brosjuere klear dêr’t de útstellen yn beskreaun en taljochte wurde.



It Literêr Sirkwy by tentoanstelling Kor Onclin

Op freedtejûn 1 april hâldt Frysk Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear wurdt de jûn organisearre yn gearwurking mei Tresoar. It wurk fan byldzjend keunstner Kor Onclin foarmet de oanlieding. In seleksje út it wurk fan Onclin is te sjen yn de tentoanstelling Ferwûndering & Ûngerêstens yn Obe, poadium foar Fryske kultuer. Ferskate dichters fan RIXT hawwe op útnûging fan Tresoar poëzy skreaun by skilderijen fan Kor Onclin. Guon fan dy gedichten, ynklusyf in pear fan Onclin sels, binne opnommen yn de tentoanstelling.

Kor Onclin (Ljouwert, 1918-2003) wurke yn in lyrysk en abstrakt ekspressionistyske styl. Syn kleurgebrûk is faak oerdiedich. In troch Onclin skildere kop is in lânskip, dêr’t it libben syn spoaren trochhinne lutsen hat. Onclin wie altyd op ‘e syk nei de ferwûndering: it finen en op ‘e nij finen dêrfan. Fan 1978 oant 2002 wennet en wurket er mei syn frou Marleen yn it Frânske doarp Privas yn de Ardèche. Syn kleuren krigen dêr noch mear helderheid, syn styl waard der noch persoanliker en yntinser.

Dichteres Griet Westra skreau in haikû by it skilderij Upside-down út 1995. 

fielst dy sûnder siel
sa blau, dyn wrâld sa readrau
do rinst dwers troch my


Oare dichters fan wa’t poëzy yn de tentoanstelling te lêzen is, binne Tryntsje van der Veer, Edwin de Groot en Syds Wiersma. Sy litte har gedichten op 1 april klinke by de doeken fan Onclin. De dichters Carla van der Zwaag, Mees van Rijswijk, Dêrgjitr en eilândichter fan Skylge, Ina Schroders-Zeeders, binne ek presint. Dêrnjonken fertelt Marleen Onclin it ferhaal fan it libben, de ynspiraasje en de keunst fan har man. 

De Biltske muzikanten Jan de Vries en Ruben Bus meitsje muzyk. In jûn sûnder muzyk is gjin Kor Onclin-jûn. As keunstner socht Onclin de eigen minske- en stimmuzyk. Hy spile boppedat graach jazz. 

De jûn wurdt ôfsletten mei in iepen poadium. Dichters dy’t optrede wolle, kinne har oanmelde by ynfo@rixt.frl

De literêre jûn wurdt mooglik makke troch in subsydzje fan de gemeente Ljouwert.

Datum: 1 april 2022
Plak: Obe, poadium foar Fryske kultuer – Oldehoustertsjerkhôf, Ljouwert
Tiid: 19.30 – 21.30 oere (ynrin 19.00)
Tagong: €5
Oanmelde fia ynfo@rixt.frl

Tentoanstelling ‘Kor Onclin: Verwondering & Verontrusting’

Rasskilder Kor Onclin (Ljouwert, 1918-2003) hâldt fan it libben en ferwûnderet him alle dagen oer de skjintme fan de dingen. Hy toant hertstochtlik en útsprutsen de skjintme fan in lânskip en syn fassinaasje foar de minske. De kleuren fan Kor Onclin binne dy fan in pasjonearre en yntins libjende minske, mar yn syn palet sitte ek tinten dy’t in oare kant fan him sjen litte. Fan 6 maart o/m 3 maaie 2022 presintearret Tresoar it fassinearjende wurk fan Onclin yn de tentoanstelling Kor Onclin: Verwondering & Verontrusting. De tentoanstelling is te sjen yn Obe, poadium foar Fryske kultuer, ûnderdiel fan Tresoar. 

Besibbens, Ferwûndering & Ungerêstens, Portret en Spul

Mei in seleksje skilderijen en objekten wurdt oan de hân fan fjouwer tema’s Onclin syn wurk presintearre.
Besibbens, dêr’t keunst, muzyk en poëzy by elkoar komme. Fryske dichters binne útnûge om in gedicht te skriuwen ynspirearre op in keunstwurk út de tentoanstelling. In oantal gedichten is opnommen yn de tentoanstelling.
Ferwûndering & Ungerêstens, oer ferwûndering oer alles wat de wrâld, de minske en de natuer te bieden hat en tagelyk de ûngerêstens oer destruktive krêften yn de wrâld en wat minsken elkoar oandogge. 
Portret oer it ‘wêzen’ fan de minske, dêr’t Onclin laach foar laach nei siket. De kreëarre personaazjes fan Onclin toane it gemoed: ferwûndering, earnst, humor, myldens en moederaasje. 
Spul, karakteristyk troch de mear geometrysk abstrakte foarmen, it ûnbefongene, spontane en oarspronklike. 

It ûntwerp fan de tentoanstelling is ta stân kaam yn gearwurking mei ûntwerpburo LOKAALWERK. De gearstalling fan tekst en byld is dien yn gearwurking mei Marleen Onclin.

Lêzing Spel met verf troch Marleen Onclin

Wat is it ferhaal fan Kor Onclin? Hoe seach syn libben derút? Hoe stie er yn it libben en wat fertelt er mei syn keunst? Marleen Onclin jout dy antwurden yn har lêzing Spel met Verf op 24 maart yn Obe.

Literêre jûn mei dichterskollektyf RIXT

Op 1 april is der in literêre jûn yn Obe. Acht dichters fan Frysk Dichterskollektyf RIXT drage har gedichten foar dy’t se skreaun hawwe by it wurk fan Kor Onclin. Nei de optredens fan de dichters is it poadium frij foar wa’t it moai fynt om in gedicht foar te dragen. Ek sil der muzyk te hearren wêze.

It folsleine programma komt op de webside fan Tresoar.

Tentoanstelling Vierspanning yn paviljoen Obe

Ekspressyf, kleurryk en besiele mei in ûnbidige ferbylding – dat tekenet it wurk fan Horst Dijkstra, Anne Feddema, Henk Krist en Eddy Sikma. Oant en mei 27 febrewaris 2022 presintearjret Tresoar yn gearwurking mei Museum Belvédère Vierspanning: in eksposysje mei in greep út resint wurk fan de fjouwer Fryske skilders. De tentoanstelling is te sjen yn Obe, it paviljoen foar Fryske kultuer, ûnderdiel fan Tresoar.

Fiering fan in jubileum

De tentoanstelling Vierspanning fiert it jubileum (25 + 1) fan de gearwurking fan de keunstners. De earste mienskiplike eksposysje fan de fjouwer skilders yn 1995 hie de iroanyske titel ‘Een kwart Christus in zicht’. Sûnt foarmen se by gelegenheden in keunstnersgroep, in soarte fan ‘vierspan’. Yn de ôfrûne desennia gienen alle skilders, eigensinnich en dwers, har eigen figurative wegen. Hoewol’t se har eigen kleuretaal ûntwikkele hawwe, is der ek in dúdlik ferbân te sjen: har kleurrike wurk wurdt dreaun troch in ûnbedimme ferbylding.
 

Unike dûbeleksposysje

Vierspanning is in unike, ynterdissiplinêre dûbeleksposysje. Letter yn 2022 toant ek Museum Belvédère wurk fan de keunstners. De eksposysjes toane foaral resint wurk fan it bysûndere fjouwerspan. Yn de tentoanstellingen binne de krêft en de spanning fan kleurgebrûk sichtber yn de keunstwerken dêr’t letterlike en figuerlike lânskippen, persoanlike ferhalen, humor, irony en dreambylden sintraal yn stean.

Katalogus

De tentoanstelling is ferrike mei in byhearrende katalogus dêr’t de keunstwurken yn te bewûnderjen binne. Fotografe Tryntsje Nauta makke foar dizze katalogus foto’s fan de wurken en fjouwer yntrigearjende portretten fan de skilders. Oer elke keunstner binne koarte artikels skreaun en by inkelde skilderijen binne frije literêre reaksjes te lêzen yn de foarm fan poëzy en proaza. Dy bydragen binne skrean troch jong talint en mear fêstige (lokale) skriuwers. It foarwurd is skreaun troch Bert Looper en de ynlieding troch Anna Tilroe.

Mear ynformaasje

Benijd wurden nei de ferbyldingskrêft fan it Fryske fjouwerspan? Dan bisto fan herte útnûge dy ûnder te dompeljen yn kleure-eksploazjes fan it wurk fan Horst Dijkstra, Anne Feddema, Henk Krist en Eddy Sikma. Sjoch hjir foar de aktuele iepeningstiden fan Obe.

Tresoar en Literatuurmuseum wurkje gear oan lansearring auteursportaal

Frysk letterkundich en histoarysk sintrum Tresoar en it Literatuurmuseum yn Den Haag binne mei de Koninklijke Bibliotheek en oare organisaasjes mei biblioteekkolleksjes in gearwurking oangien om Nederlânsk literêr erfgoed oan elkoar te ferbinen. Dy gearwurking hyt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken.’ In auteursportaal dêr’t alle ynformaasje oer ien skriuwer yn te finen is, tsjinnet as praktyske tapassing fan it ‘verbonden erfgoed’.

It wurk fan de yn Fryslân berne skriuwer Theun de Vries (1907-2005), dy’t in ûnbidich grut literêr oeuvre skreaun hat, tsjinnet as pilot foar it auteursportaal. Ynformaasje oer in auteur is faak net op ien plak te finen. Sa bewarret it Literatuurmuseum brieven en manuskripten fan Theun de Vries en Tresoar boeken, foto’s en artikels. Ynformaasje oer syn publikaasjes is te finen by de Koninklijke Bibliotheek en it NIOD Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies bewarret in fersetsberjocht.

It online auteursportaal Theun de Vries moat in ein meitsje oan de oerlaap oan biografyske en bibliografyske ynformaasje en bringt de belangrykste boarnen by elkoar yn in oersichtlik gehiel. It portaal wurdt op sa’n wize makke dat it ek brûkt wurde kin foar ynformaasje oer oare auteurs. Ein 2022 komt it portaal online.

Nij oan dit portaal is dat gebrûk makke wurdt fan Linked Open Data (LOD). LOD is de standert wize om gegevens sa online op it web te publisearjen dat se (wer)brûkber binne. It kin dan gean om digitale of digitalisearre materialen lykas tekst, ôfbyldingen of audiofisueel materiaal, mar ek ynformaasje oer materialen: de metadata. De data wurdt op sa’n wize oanbean dat der folle makliker, en sels automatysk, ferbining lein wurde kin mei oare data. Dêrtroch wurdt de data riker en nuttiger foar de brûker. De ynformaasje giet net ferlern as in webside opheft wurdt.


In resintlik takende subsydzje fan Stichting Pica makket it mooglik it projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ út te fieren en dêrmei it auteursportaal te realisearjen. It projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ rint oant en mei maart 2023.

Fedde Schurerlêzing

De Fedde Schurerlêzing stiet dit jier fansels yn it teken fan Kneppelfreed. Op sneon 27 novimber is elk fan 14.30 oere ôf wolkom yn de Koperen Tún yn Ljouwert. De tagong is fergees, mar besikers moatte al tagongskaarten oanfreegje by VanPlan. By de yngong sil op de QR-koade kontrolearre wurde. Kaarten kinne hjir oanfrege wurde.

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt jierliks organisearre op in saterdeimiddei yn novimber. De lêzing is yn gearwurking mei Tresoar, It HCL en de Leeuwarder Courant. Fan takommend jier ôf ek yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Tentoanstelling Tresoar: SOAN-Heit in moeting

Fan 15 novimber 2021 o/m 9 jannewaris 2022 is yn Tresoar de tentoanstelling SOAN-Heit in moeting te sjen. Yn de tentoanstelling komme de wrâlden fan fotograaf Simon Haringa (1953) en syn heit dichter Harmen Haringa (1920-2000) by elkoar yn 24 trijelûken. Dy bestean út twa foto’s en ien gedicht. 

De foto’s fan Simon, op syn 26ste ferhuze nei Amsterdam, litte in wrâld fan no sjen. Hy lit de besiker meisjen troch de eagen fan in observearjende foarbygonger op syk nei rêst en balâns yn in grutte, hektyske wrâld. Ienentweintich jier nei syn dea slút Harmen postúm oan by dizze foto’s mei syn gedichten. Hy skriuwt yn de taal dy’t him sa dierber is en leit dêrmei syn ‘Fryske siel’ bleat.

De paadwizer foar dizze eksposysje is de omrin. It folget de seizoenen en fertelt ek it ferhaal fan in libbenssyklus. Soan en heit moetsje elkoar wer op in leeftiid dat se beide weromsjen kinne en reflektearje. Foar beide is in lêste libbensfaze yn sicht. Dat ropt fragen op en twingt om te kiezen. 

Wat my opfoel is dat ik as sechstiger mear mei him dielde as ik tocht. It is moai om te sjen wêr’t er mei dwaande wie en hoe’t er nei de wrâld seach. Ik learde him dêrtroch better kennen.’ (Simon Haringa)

Foto: Simon Haringa

De soan siket frijheid achter de hoarizon, de heit siket wissichheid yn de him fertroude Fryske omjouwing. Op it earste each hawwe har wrâlden net folle mei elkoar mienskiplik. Dochs, nei de dea fan syn heit, lêst Simon de gedichten fan syn heit op ’e nij en ûntdekt dat se as ‘sechstigers’ mear mei elkoar diele as tocht. Beide reagearje sterk op prikkels út har omjouwing en fiele needsaak har gefoelens te uterjen. De ien filmet en fotografearret, de oar skriuwt. Fertelle se eins net itselde ferhaal? Is har wrâld wol sa ferskillend?

Oer de tentoanstelling SOAN-Heit in moeting seit Simon: ‘Ik soe it moai fine as minsken sjogge dat in ‘folksdichter’ echt wol moaie dingen meitsje kin. It giet my net om de erkenning fan it talint fan ús heit, mar om de ferwûndering en wurdearring dy’t ik ek ûnderfûn ha.’

Aktiviteiten rûnom de Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.

Moandei 1 novimber | literêre jûn

Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne. Op dy jûn draacht Raymond Muller foar út it wurk fan Eeltsje Hettinga en fersoarget Arjan Hut in skôging oer it dichtwurk fan Hettinga. Wiebe Kaspers soarget foar muzyk en de presintaasje is yn hannen fan Amarins Geveke. In moaie jûn dus om foar it earst of better yn de kunde te kommen mei de nijste Gysbert Japicxpriiswinner.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.  
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn’t foar oan te melden

Freed 5 novimber | jûn mei literêr en muzikaal program

Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert. De jûn set útein mei in pear oades oan Eeltsje Hettinga fan keunstners dy’t in soad mei him gearwurkje. De dichters fan RIXT fersoargje in optreden en spesjaal sille in oantal dichters yn gearwurking mei de ‘Verhalenavonde’ it ferhaal oer har gedichten fertelle. Op de jûn wurdt ek de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske gedichten presintearre. It program wurdt ôfsletten mei muzyk.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn’t foar oan te melden.

Mear aktiviteiten

Yn oanrin nei en yn de Gysbert Japicxpriis wike krijst by bakker Posthuma út Boalsert en Wommels en bakker Salverda út Ljouwert in kaartsje by in taartsje. Hast wat te fieren? Op nei de bakker!

Tresoar fersoarget yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân foar skoalbern in edukatyf program oer dichtsjen.

Gasten foar de priisútrikking op 6 novimber 2021 yn De Tiid yn Boalsert hawwe in persoanlike útnûging krigen.