Wedstriid nije Fryske wurden

Mar leafst 61 persoanen hawwe meidien oan de wedstriid nije Fryske wurden, útskreaun troch de Ried fan de Fryske Beweging, yn gearwurking mei de Fryske Akademy en Tresoar. De bedoeling wie om út in list fan 24 Hollânske wurden dy’t yn 2012 yn ’t nijs wiene, in moaie Fryske oersetting te meitsjen.
De sjuery, besteande út Truus de Vries, Hindrik Sijens en Wieke de Haan, hat sjoen nei hoe orizjineel, yntuïtyf en praktysk tapasber de wurden wiene en oft it flot Frysk wie. Boppedat moast it nije Fryske wurd safolle mooglik de lading dekke.

Ut de ynstjoerings binne fiif wurden nominearre, dêr’t it opfallend by is dat guon wurden troch mear as ien persoan ynstjoerd waarden. De wurden binne: skjinpraatkultuer (‘sorrykultuur’), heitydei (‘papadag’), bringbrommer (‘bezorgbromfiets’), pronkprotter (‘aandachtsjunk’) en apesturter (‘apenstaartgeneratie’).
It winnende wurd sil op freed 15 febrewaris om 16:00 oere bekend makke wurde yn Tresoar. Lieteskriuwer Jurjen van der Meer sil spesjaal foar de priisfraach in liet skriuwe oer it winnende wurd en dat sil er de middeis tegearre mei Hans Wempe sjonge.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.