Finale Liet 2012 yn fiver fan Ljouwerter Prinsetún
De finale fan it Fryske sjongfestival Liet 2012 is dit jier op foar it earst yn de Ljouwerter Prinsetún, om krekt te wêzen op in poadium yn de fiver fan de tún. Dit is mooglik tanksij de gearwurking tusken Stichting Liet ‘91 en Befrijdingsfestival Fryslân. It Fryske sjongfestival begjint om 18.00 oere jûns op de tiid dat de oare programma-ûnderdielen yn de Prinsetún ôfrûn binne. It is ek foar it earst dat it Fryske sjongfestival op 5 maaie hâlden wurdt.
Yn de finale fan Liet 2012 stean dit jier alve formaasjes yn ferskate muzikale stilen. Der sit jong talint by, mar ek formaasjes mei muzikanten mei mear ûnderfining. Alle dielnimmers sjonge dit jier yn it Frysk. De folgjende alve bands steane yn de finale fan Liet 2012 op it poadium:
* Carla de Wal mei it nûmer Kom ris tichterby
* The Crab Groove Alliance mei it nûmer De wei kwyt
* Frjemdling mei it nûmer Rûzige fierten
* Jan Dirk van der Meulen mei it nûmer Broer en sus
* Klif mei it nûmer As de leafde winkt
* Minstrels mei it nûmer Grutte Pier
* Mosk mei it nûmer Bona
* Sake mei it nûmer Skimerlampe
* Sjaak Weiland mei it nûmer Earste leafde
* Het struikelblok mei it nûmer Gewoan opnij
* Yldau mei it nûmer Fjoer
Continue reading “Finale Liet 2012 yn fiver fan Ljouwerter Prinsetún”
Aginda
Sjoch ek ris op ús aginda.
Nije kânsen foar de Fryslannen
Dizze kongressen binne der sûnt 1925, yn of by ien fan de Fryslannen yn Nederlân en Dútslân. No dus it 25ste, en diz’ kear yn Harns.
De Fryslannen lizze op it fuottenein fan de ekonomyske en politike sintra. Ekonomyske ûntjouwings geane by ús stadiger en wy bliuwe wat ynkommen oanbelanget efteroan. It giet op dit stuit yn Dútslân en Nederlân wol of net goed mei de ekonomy. Mar ek al giet it goed, wy bliuwe emigraasjelannen. By ús ûntsteane krimpregio’s. Is dat echt in bedriging, sa as ús oanpraat wurdt? It biedt ek kânsen! Net yn de nederklits sitte, mar oanpakke! Wy moatte ússels rêde.
Nije kânsen foar de Fryslannen! Dêr giet dit kongres oer. Kom ek en praat mei! En genietsje fan it noflike treffen mei oare Friezen, ek op de waadseetocht. Skriuw daliks yn!
Mear ynformaasje en antwurdkaart fine jo hjir.
Fryske Donald Duck
Nei it suksesfolle Nederlânsktalige Fryslânnûmer fan ‘een vrolijk weekblad’ is fan freed 13 april ôf it ienige echte ‘fleurich Frysk blêd’ fan Donald Duck te keap. Yn de Fryske Donald Duck ferskine yn totaal 9 yn it Frysk oersette strips. Yn de ferhalen falt op dat der in soad omtinken is foar sport en fansels komme grutte Fryske sporteveminten lykas it skûtsjesilen en de Alvestêdetocht foarby. It is dan ek gjin tafal dat de presintaasje fan it earste nûmer op freed 13 april plakfine sil yn Sportstad Heerenveen.
‘Omdat der yn de Fryske Duck in soad omtinken is foar ferskate Fryske sporten en sporteveneminten, like it ús in aardich idee om dêr yn de presintaasje wat mei te dwaan’, seit Koen Eekma, direkteur fan de Afûk. ‘Dêrom hawwe wy skoallen oanskreaun en binne sa’n 100 skoalbern útsocht om ta eare fan it ferskinen fan dizze spesjale Fryske Duck mei te dwaan oan in alternative Alvestêdetocht.’ Foardat de bern mei harren tocht útein sette sil earst it offisjele earste eksimplaar fan de Fryske Donald Duck op ludike wize troch Kommissaris fan de Keninginnne John Jorritsma útrikt wurde. It startskot foar de Alvestêdetocht wurdt jûn troch foarsitter Wiebe Wieling fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden. De ferskate sportive aktiviteiten wurde begelaat troch ferneamde Fryske (âld)sporters, dêrûnder Margot Boer, Foppe de Haan en Evert Wilstra.
Stim op de Afûk as leukste winkel fan Fryslân
Stim op de Afûk as leukste winkel fan Fryslân en win moaie prizen!
De Fryske boek- en taalwinkel fan de Afûk docht mei oan de leukste winkel fan Fryslân-ferkiezing. Om sa heech mooglik te einigjen hawwe wy sa folle mooglik stimmen nedich. Dêrom freegje wy jo in stim út te bringen op de Afûk fia: www.lwvf.nl/221. Stimme kin noch oant en mei tongersdei.
Alfêst betanke!
Wa wint de Fedde Schurerpublykspriis?
It lêzerspublyk kin no stimme
Sûnt 6 april is de website www.fedde2012.nl iepensteld. It Fryske lêzerspublyk kin op dy site syn favoryt oanwize foar de Fedde Schurerpublykspriis. Yn it nijste nûmer fan algemien-kultureel opinyblêd De Moanne is in shortlist bekendmakke fan fiif titels dêr’t út keazen wurde kin. De shortlist is opsteld troch in kommisje, dy’t Deputearre Steaten ek in advys jout foar de Fedde Schurerpriis. Sawol dizze sjuerypriis as de publykspriis wurdt om de trije jier troch de Provinsje Fryslân útrikt foar it bêste Fryske debút of debút yn in nij sjenre. De prizen bedrage €2000 elk.
De fiif nominearre titels binne:
1. De oerwinnings fan Tido Houtsma – Thys Wadman – Ferhalen foar bern fan groep 7/8 en de brêgeklasse
2. Fan glês it brekken – Elske Kampen – Gedichten
3. Fol túch de mist yn – Hidde Boersma – Ferhalen
4. De keunstner fan it dûbele krús. Gerben Rypma – Eeltsje Hettinga – Monografy
5. Identiteit & kowesturten. Essays oer Fryske literatuer – Abe de Vries – Essays en kritiken
De advyskommisje foar de Fedde Schurerpriis is ôfrûne hjerst ynstallearre en bestiet út Tsead Bruinja, Hille Faber en Mette Meinou Piebenga. De organisaasje fan de publykspriis is yn hannen fan Tresoar. De priisútrikking is op freed 12 oktober om 16:00 oere yn it Provinsjehûs.
De taal van Overijssel

Hier komt ‘De taal van Overijssel’.
Een site met alle informatie over streektalen binnen Overijssel. Deze site wordt ontwikkeld door de IJsselacademie en TwentseWelle, ondersteund door de provincie Overijssel.
Vooralsnog wordt er nog hard gewerkt aan de website, maar bezoekers kunnen al wel een zelf opgenomen fragment in hun streektaal insturen.
Grut Frysk Diktee 2012!

Dochst mei?
Op woansdei 9 maaie wurdt wer it Grut Frysk Diktee holden. Doarsto de útdaging oan om sjen te litten hoe’tsto it Frysk yn ‘e macht hast? Doch dan mei oan de kwalifikaasje om dy te pleatsen foar de finale!
Meidwaan? Streekje de flaters oan yn dit kwalifikaasjediktee en set achter elke sin hoefolle flaters asto yn dy sin fûn hast. Komma’s telle net mei. Tel de flaters op en skriuw ek it totaal op. Dêrnei even dyn namme, adres, tillefoannûmer en e-mailadres maile nei: fryskdiktee @ fryske-akademy.nl en klear!
De bêste ynstjoerings wurde útnoege om mei te dwaan oan de grutte finale op 9 maaie. Dyn ynstjoering moat foar 22 april binnen wêze.
Pjutteboartersplak It Krobbenêst yn Drachtster Kompenije meartalich

Op tiisdei 3 april kriget pjutteboartersplak It Krobbenêst yn Drachtster Kompenije it sertifikaat “Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling”. It Krobbenêst makket ûnderdiel út fan St. M.O.S. (Maatschappelijke Onderneming Smallingerland) en is it earste plak fan dy organisaasje dat sertifisearre wurdt. M.O.S. wol de kommende tiid mear omtinken jaan oan meartalichheid.
It sertifikaat wurdt oerlange troch Riemkje Pitstra, skriuwster fan de populêre Tomke ferhaaltsjes. Dêrneist sil frou Pitstra foarlêze yn har ferteljas.
Continue reading “Pjutteboartersplak It Krobbenêst yn Drachtster Kompenije meartalich”


