De FNP is tusken 22 en 25 maart gasthear fan politisy dy’t út hiel Europa nei Fryslân ta komme foar it EFA-kongres. It kongres sil hâlden wurde yn it WTC te Ljouwert. De 155 dielnimmers fan de 36 lidorganisaasjes fan de EFA fertsjintwurdigje kultueren en regio’s út 18 EU-lidsteaten. Under de bywêzigen binne seis Europarlemintariërs út Skotlân, Flaanderen, Galisië, Korsica en Letlân. It EFA kongres set útein mei de Algemiene Ledegearkomste dy’t mei iepene wurde sil troch Kommissaris John Jorritsma.
Op it EFA-kongres sille de dielnimmers prate oer de politike ûntwikkelings yn Europa. It giet dêrby sawol om ynhâldlike ûnderwerpen dy’t behannele wurde yn it Europeesk Parlemint as yn de EU-lidsteaten en regio’s sels. De EFA sit mei 7 minsken yn it Europeesk Parlemint en fertsjintwurdiget dêr mei de Greens de fjirde fraksje yn grutte. De FNP is lidorganisaasje fan de EFA en hat sa streekrjocht yngong en kontakt mei de minsken yn it Europeesk Parlemint.
Freedtemiddeis (15.00-19.00 oere) en sneontemoarns is it politike part. Freeds wurde moasjes en resolúsjes yntsjinne en behannele oer Europeeske én regionale politike ûnderwerpen. Sneontemoarns giet it as oanset foar it EFA ferkiezingsprogram foar de ferkiezings fan it Europeesk Parlemint yn 2014 oer de takomst fan Europa dat no yn swier waar sit. De kongresgongers sil bystien wurde troch oersetters dy’t njonken it Frysk en it Nederlânsk soargje foar it simultaan oersetten yn it Ingelsk, Dútsk, Frânsk, Italjaansk en Spaansk.
Sneontemiddeis wol de FNP har gasten wat fan Fryslân priuwe litte mei in boattocht troch de Alde Feanen en oanslutend mei in stedskuier troch de âlde binnenstêd fan Ljouwert.
Tongerdei 22 maart, foarôfgeand oan it kongres sil in foarum oer de takomst fan it Europeesk lânboubelied hâlden wurde yn de Dairy Campus.
In apart ûnderdiel is it kongres fan de EFA Youth: de jongerein fan de EFA-lidorganisaasjes. Op freed en sneon sille 35 jonge minsken aktuele ûntwikkelings yn Europa by de kop hawwe. Fansels sille sy ek it jûnslibben fan Ljouwert ferkenne. De FNP jongerein litte de bûtenlânske gasten sjen wat Fryslân te bieden hat!
It folslein programma is hjir te finen. Op Twitter binne de berjochten oer it kongres te folgjen fia #EFAGA12.