It Fryske Bûsboekje 2026 skynt út yn readens

It nije Fryske Bûsboekje is der! Edysje 51, foar 2026, giet oer boadskippen. In tema dêr’t je alle kanten mei op kinne en dat koe de redaksje moai brûke.

Boadskippen gienen yn it ferline fan mûle op mûle, mei reeksinjalen en postdowen. Hjoed-de-dei giet it gauris digitaal. Mar bestellingen fia it ynternet liede wer ta in protte boadskippen (pakjes) dy’t oan ‘e doar brocht wurde. En minsken wurde noch faak om in boadskip stjoerd. Yn oarlochstiid wurde boadskippen faak ferpakt yn koades.

Under de titel ‘geveltsjefrysk’ freget de redaksje lêzers om foarbylden fan moaie boadskippen oan ‘e dyk. Sa as: ‘tink om de hûn’ en ‘tút en der út’. Ynstjoerders meitsje kâns op in Bûsboekje 2027!

It Bûsboekje bringt ek alle wiken wer in boadskip (sechje). It wyklikse sechje wurdt tenei op Bluesky setten. De redaksje hat ôfskie nommen fan X (foarhinne: Twitter). Jimme meie dêr ek in boadskip yn sjen. Feitliks is dit reade Bûsboekje in boadskip op himsels. Wy hoopje yn alle gefallen dat it Bûsboekje 2026 ek wer faak by de boadskippen sitte sil.

It 51e Bûsboekje is tongersdei, 17 july presintearre op it Bouwurk fan Arcadia yn Ljouwert.

De Bûsboekjeredaksje: Arjen J. Dijkstra, Sieta de Vries, Minke Dooper, Piter Andringa en Klaas Johan Osinga

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *