Linda de Haan ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur

Op CBS De Frissel yn Feanwâlden is Linda de Haan tongersdei 29 jannewaris offisjeel ynstalleare as nije Berneboeke-ambassadeur. Sy krige út hannen fan foarlêskampioen Zorah Hofma de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange. Linda de Haan nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Tialda Hoogeveen, dy’t yn 2023 beneamd waard.

Linda de Haan krige út hannen fan foarlêskampioen Zorah Hofma de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange Foto: Jacob van Essen.

Lêswille is gelok

Linda de Haan: “Dit ambassadeurskip fielt as in fanselssprekkende stap en komt op in prachtich momint yn myn karriêre. Alles wat ik de ôfrûne jierren sammele haw oan ûnderfining kin ik no ynsette, útbouwe en weromjaan oan de bern. Behalve op skoallen hoopje ik ek lêswille te fersprieden op plakken dêr’t lêzen en selsfertrouwen net altyd fanselssprekkend binne, want lêswille is ek de springplanke nei libbenslok.”

Linda de Haan (Burgum, 1976) is yllustrator en berneboekemakker. Yn 2000 ferskynde yn fjouwer talen tagelyk har earste printeboek ‘Kening & Kening’, dat se tegearre mei Stern Nijland makke. De Haan yllustrearre ferskate Fryske en Nederlânsktalige berneboeken en fersoarge û.o. yllustraasjes foar Tomke-boekjes en it tydskrift de Moanne. Har printeboek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’, wêrfan’t sawol it ferhaal as de yllustraasjes fan har hân binne, waard selektearre foar de White Ravens en it stiet op ‘e shortlist fan de klimaatboekepriis. Koartlyn ferskynde har nijste berneboek ‘Wetter’, in printeboek op grut formaat.

Berneboeke-ambassadeur

Om ’e trije jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambassadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.

De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen foar in skoalbesite of in lêzing.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *