Meisto graach skriuwe? En hast der nocht oan om yn it nachtlibben fan Fryslân te dûken? Meld dy dan no oan foar de skriuwworkshop by de foarstelling Nacht.
De nije teaterfoarstelling Nacht reizget meikoarten troch de provinsje. In unike ûnderfining dy’t him foar in part by dy foar de doar ôfspilet. Dizze foarstelling giet oer minsken dy’t jûns let ûnderweis binne. Wêrom sliepe se net? Wat dogge se noch let bûten? De foarstelling spilet yn de hiele moanne april.
By de foarstelling ûntwikkelje we in oanfoljend programma foar ynteressearre skriuwers: Tryater Rûnom. Besjochst de foarstelling, dochst mei oan in online skriuwworkshop en meist úteinlik dyn wurk presintearje yn in profesjoneel opnommen podcast.
Wat foar dy?
Troch dy op te jaan foar dit skriuwsaventoer dûkst yn it nachtlibben fan Fryslân en ûntdekst watfoar ferhalen oft deryn ferburgen lizze. Hâldsto fan skriuwen en teater? Liket it dy nijsgjirrich om oer de nacht te skriuwen en oare skriuwers te moetsjen yn in skriuwworkshop? En stiest iepen foar publyk? Dan gean we graach mei dy oan de slach.
Oanmelde
De online workshop wurdt hâlden op tongersdeitejûn 15 april. Wês der fluch by, want der is in maksimum dielnimmerslimyt fan 10 persoanen.
Meidwaan? Jou dy dan op fóár 31 maart troch in mailtsje te stjoeren nei Sytse Jansma (s.jansma@tryater.nl). Dêrnei krijst fierdere útlis.
Kosten: €17,50 (ynklusyf foarstelling en workshop) Klik hjir foar mear ynformaasje oer de foarstelling.