
Froskepôle op Drinte en Noard

Der is ek live-muzyk yn de trije talen. Oanlieding fan it spesjale programma is de 1500e útstjoering fan Radio Froskepôle.
De útstjoering is tongersdei 19 juny te beharkjen tusken 18:00 en 20:00 oere op Omrop Fryslân.
Boarne: Omrop Fryslân
Arriva seit: Praat mar Frysk!

Ek krigen sjauffeurs Praat mar Frysk spjeldsjes op it jaske. Yn it ramt Praat mar Frysk wurdt de Fryske taal ek sichtber yn it iepenbier ferfier.
Sa sil der Praat mar Frysk-reklame te sjen wêze, mar kinne minsken ek Fryske gedichten en Fryske feitsjes lêze op de ynfoskermen yn de bus. Praat mar Frysk is al sân jier dwaande om de Fryske taal te promoatsjen. Ferskate ferneamde Friezen, lykas Doutzen Kroes, Jorrit Bergsma, Epke & Herre Zonderland, Foppe de Haan en Iris Kroes binne ek ambassadeurs fan Praat mar Frysk.
Boarne: Omrop Fryslân
Keapmanskeunsten, in komyske opera fan Martinus Schuil
29 en 30 augustus en 2, 4 en 5 septimber 2014
Iepenloftteater De Pleats Burgum
www.keapmanskeunsten.nl
Yn 2012 dûkte yn de argiven fan Tresoar in komplete Fryske opera op, komponearre troch de Fryske musikus Martinus Schuil (1842-1899). Schuil wie bekend mei de Europeeske en Nederlânske muzyk fan syn tiid. En syn komposysjes waarden útfierd yn Nederlân en Europa. Wy kinne him de Fryske Offenbach neame, want dy ferneamde komponist heare wy dúdlik yn Schuil syn wurk.
De kwaliteit fan de muzyk wie sa goed dat Tresoar en Opera Company Noord yn 2014 dizze komyske opera yn in nije bewurking ûnder de titel Keapmanskeunsten op’e planken bringe. Komponist Tjalling Wijnstra restaurearre de partituer en toanielskriuwer/dramaturch Bouke Oldenhof bewurke de tekst. Mei in profesjoneel orkest, solisten en akteurs (ûnder regy fan Henk Zwart) wurdt Iepenloftteater Burgum-De Pleats it poadium fan fiif brûzjende, eigentiidske foarstellings fan Keapmanskeunsten. Leafhawwers fan muzyk, kultuer en drama moatte der fansels by wêze. Continue reading “Keapmanskeunsten, in komyske opera fan Martinus Schuil”
Frysk better sichtber meitsje

Neffens De Vries is it Frysk no benammen in sprutsen taal, mar se wol dat it Frysk ek better op strjitte te sjen is. Projektdirekteur Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018 ûnderskriuwt dy winsk.
It bestjoer fan de Fryske organisaasje EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen) hat de deputearre dêrom tongersdei in boerd oanbean dêr’t sawol it Nederlânsk as it Frysk op brûkt wurde.
Boarne: Omrop Fryslân
Joëlle van der Hoek fan Surhústerfean is de Fryske Foarlêskampioen 2014
Yn in spannende finale fannemiddei yn de teaterseal fan Tryater yn Ljouwert is Joëlle van der Hoek út groep 8 fan basiskoalle It Skriuwboerd út Surhústerfean útroppen ta de Fryske Foarlêskampioen 2014. Sy lies foar út De boel op stelten fan Auck Peanstra.
‘De sjuery hie in drege put want it nivo lei heech, mar Joëlle sprong der boppe út. Sy koe de sfear fan it ferhaal sa goed oerbringe, dat wy mei krûme teannen sieten,’ sa sei sjueryfoarsitter Sietske Bloemhof. Continue reading “Joëlle van der Hoek fan Surhústerfean is de Fryske Foarlêskampioen 2014”
General Assembly NPLD yn Ljouwert
Fan 4-6 juny wie de jierlikse General Assembly fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD), dêr’t deputearre Jannewietske de Vries foarsitter fan is. De GA wie diskear yn Ljouwert. De gearkomsten fûnen plak by Tryater en op it Provinsjehûs. It doel fan it NPLD is om op Europeesk nivo dúdlik te meitsjen hoe wichtich taaldiversiteit is. Fierder besiket de NPLD de útwikseling fan saneamde ‘best practices’ tusken beliedsmakkers, minsken út it wurkfjild, ûndersikers en eksperts yn hiel Europa te stimulearjen. It EBLT is, lykas Kennissintrum Mercator, lid fan it NPLD.
Klik hjir foar in ympresje fan de GA en it NPLD.
Sloop pannen Fryske Akademy sil nije wike heve

SWALK, Frysk op Toernee
In nij, rûnreizgjend festival giet troch Fryslân. Mei SWALK giet de Fryske kultuer letterlik op toernee. Nei de iepening op 12 septimber yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, fart it Frysk mei theaterskip Bald’r troch de provinsje. Fan 13 oant en mei 21 septimber is der op it theaterskip elke jûn in program mei sterk wikseljende ynhâld. Dêrmei kin it publyk op safolle mooglik ferskate plakken yn oanrekking komme mei de Fryske kultuer. Continue reading “SWALK, Frysk op Toernee”
EBLT freget omtinken foar de sichtberens fan it Frysk

Op de jiergearkomste fan de Europeeske organisaasje Network for the Promotion of Linguistic Diversity NPLD hat it EBLT deputearre fan kultuer Jannewietske de Vries frege om de kommende jierren omtinken te jaan oan de sichtberens fan it Frysk yn Fryslân. It EBLT die dat troch frou De Vries, dy’t ek foarsitter fan it NPLD is, in foarbyld oan te bieden fan in twatalich ANWB-ferkearsboerd.
It EBLT hat okkerdeis besletten om fan de sichtberens fan it Frysk ien fan de prioriteiten foar de kommende jierren te meitsjen en is dwaande om hjir neiere plannen en foarstellen foar te ûntwikkeljen. Utgongspunt fan dy foarstellen is twataligens: brûk njonken it Nederlânsk ek it Frysk op bygelyks de ANWB-ferkearsboerden en op alle treinstasjons. De twataligens en it Frysk binne dan beide sichtber. Nederlânsktaligen en minsken fan bûten Fryslân, dy’t faak krekt aardichheid oan de twataligens hawwe, wurde dan net útsletten en beide talen komme sa better as no ta syn rjocht.
Yn it ferline is der yn Fryslân gauris striid fierd omdat der in kar makke wurde moast tusken of Nederlânsk of Frysk, wêrtroch der altiten in groep is dy’t him achtersteld fielt. It EBLT wol dizze patstelling graach trochbrekke troch te pleitsjen foar in twatalige benadering.
Continue reading “EBLT freget omtinken foar de sichtberens fan it Frysk”