Op tiisdei 3 april kriget pjutteboartersplak It Krobbenêst yn Drachtster Kompenije it sertifikaat “Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling”. It Krobbenêst makket ûnderdiel út fan St. M.O.S. (Maatschappelijke Onderneming Smallingerland) en is it earste plak fan dy organisaasje dat sertifisearre wurdt. M.O.S. wol de kommende tiid mear omtinken jaan oan meartalichheid.
It sertifikaat wurdt oerlange troch Riemkje Pitstra, skriuwster fan de populêre Tomke ferhaaltsjes. Dêrneist sil frou Pitstra foarlêze yn har ferteljas.
Sertifisearring
Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje Fryslân wurdt dat sertifikaat takend troch de Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). It taalbelied hat as doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt – neist it Nederlânsk – in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek ta goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal.
Twatalich belied op It Krobbenêst
Mei de liedsters binne ôfspraken makke oer it praktysk oanbod fan de beide talen op It Krobbenêst. De liedsters biede as opfang en ynstruksjetaal beide it Frysk oan. It Nederlânsk kriget op it pjutteboartersplak in fêst plak yn de taalaktiviteiten.
De stazjêres krije de opdracht om konsekwint ien taal oan te bieden, dit kin Frysk of Nederlânsk wêze. De liedsters binne tige motivearre en entûsjast oer it stimulearjen fan de meartaligens.
De provinsjale fisitaasjekommisje dy’t de kwaliteit fan it taalbelied beoardielet is tige te sprekken oer It Krobbenêst: “De liedster Betty Bruinsma en fêste frijwillichster Fokje Weening, binne der yn slagge in romte mei frisse kleuren en goede boartershoeken te meitsjen, dy’t útnoegje om te boartsjen. De hoeken binne yndield en ynrjochte neffens de ferskillende ûntwikkelingsgebieten. Foar pjutten binne rike taalmominten wichtich, dat hawwe Betty en Fokje goed yn ‘e gaten.”
Provinsjale ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) is oprjochte om organisaasjes dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 115 en is noch altyd groeiende.