Op freed 2 july presintearje de Afûk en Rubinstein yn gearwurking mei it Keninklik Nederlânsk Keatsbûn it Gouden Boekje: Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild.
Topkeatser Tjisse Steenstra en auteur Lida Dijkstra jouwe it boekje kado oan trije jonge keatsende Sipke’s, foarôfgeand oan de finale (tusken 18.00 en 19.00 oere) fan de hearen haadklasse by keatsferiening “De Pompeblêdden” op It Hearrenfean.
Oer it boek
It jierlikse famyljekeatsen is yn folle gong. Sipke sjocht fol spanning ta hoe’t it partoer fan pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarns. Oant ynienen muoike Aaf it ankel ferkloft, en net fierder spylje kin. Pake ropt Sipke it fjild yn. Mar ús lytse pipermûs hat noch noait keatst! Kin er de wedstiid rêde…..?
Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild is alwer it fjirde boekje yn de searje oer de lytse pipermûs Sipke. De twatalige boekjes binne makke yn gearwurking mei de Afûk.
Troch it iepenjen fan it spesjale Tomke-feestkofferke is juster op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea op feestlike wize it startsein jûn foar de jubileumaktiviteiten om it 25-jierrich bestean fan it Fryske pjutte-freontsje Tomke hinne. It Tomke-feestkofferke is in kadootsje fan Tomke foar alle pjutteboartersplakken en berne-opfangplakken yn Fryslân. Mei de ferskillende boekjes en materialen út it kofferke kinne de liedsters mei de bern in feestje fiere én oan de slach mei it tema ‘tiid’.
Wa yn Fryslân ken Tomke net? It fleurige jonkje belibbet mei syn hûntsje Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de kangeroe prachtige aventoeren dêr’t alle pjutten gek op binne. Underwilens binne der al heiten en memmen dy’t eartiids sels de Tomke-ferhaaltsjes foarlêzen krigen en no de boekjes oan harren eigen bern foarlêze. It bekende giele boekje dêr’t it 25 jier lyn allegear mei begûn, wurdt noch alle jierren makke en tradisjoneel útdield yn de jierlikse Fryske Foarlêswike oan sa’n 12.500 Fryske pjutten.
Yn de rin fan de jierren is it Tomke-projekt hieltyd fierder útwreide. ‘Dat giet fan rigeboekjes en filmkes op telefyzje oant hânpoppen en fan metoades foar it foarskoalsk ûnderwiis oant bôletrompkes en apps’, laket Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk fan de Afûk: ‘Tomke is hiel divers en leechdrompelich en biedt in breed en oantreklik oanbod foar sawol heiten en memmen en pakes en beppes as foar profesjonele opfieders om mei pjutten talich dwaande te wêzen.’
Feestlike aktiviteiten en produkten Om it 25-jierrich jubileum fan Tomke hinne binne foar dit jier ferskillende nije materialen en aktiviteiten ûntwikkele: it Jubileumboekje ‘Tomke syn jierdei’, it Tomke-feestkofferke foar pjutteboartersplakken en berne-opfang, in feestlike Tomke-toer, nije Tomke-ferskes, Tomke yn de biblioteek, de Tomke-skriuwwedstriid, Tomke op telefyzje: nije ferhaaltsjes én ‘út de âlde doaze’, it jierdeifeestje fan Tomke op 18 septimber yn Bûtenpost en in nij Tomke-temaboekje foar de Fryske Foarlêswike (27 septimber oant en mei 1 oktober). Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke en de jubileumaktiviteiten op www.tomke.frl.
Oer it Tomke-projekt Tomke is it foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar bern yn de foarskoalske perioade (2 oant 4 jier). It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. De ferhaaltsjes oer Tomke en syn freontsjes slute oan by de belibbingswrâld fan pjutten en soargje sa dat it Frysk op in boartlike wize stimulearre wurdt.
Sûnt 1996 foarmje in tal Fryske organisaasjes mei-inoar de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS (út namme fan de biblioteken yn Fryslân). It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Cedin en Omrop Fryslân soargje foar promoasje en fersterking. Dêrneist organisearret it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse alle jierren de Fryske Foarlêswike. It Tomke-projekt wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.
Gerard de Jong út Luwt gaat in de gemeente Waddenhoek an ‘e gang as meertalighydskoördinator. Om de fier talen in de gemeente de juste plak, andacht en sichtberens te geven, is d’r behoefte an ‘n sterke en stabile ferbining met partners in ‘t feld. ‘n meertalighydskoördinator kin hier foor sorge.
Gerard de Jong (1979, St.-Annaparochie) is op dut stoit nag hoofdredakteur fan de Bildtse Post. Fan 1 juny ôf sil hij in syn nije funksy ‘n sinjalerende, stimulerende en ferbinende rôl speule bij bestaande en ontlúkkende taalinisjativen. Dernaast gaat hij ‘t taalfeld in Waddenhoek ferteugenwoordigen en hur belangen behartigen in ‘t netwerk fan relevante overheden en provinsjale, landlike of Europese taalorganisasys.
Robuust taalnetwerk
“Ik bin d’r och soa wiis met dat Waadhoeke ’t fertrouwen in mij stelt as eerste meertalighydskoördinator, omdat ik dink dat deuze funksy mij op ‘t liif skreven is. Waadhoeke is met hur rykdom an taal ’n unike gemeente; ’n rykdom die’t wij koestere en feerder útbouwe wille. ’t Is myn taak om – tegaar met de enthoesjaste taalpartners fan ’t Bildts, Franekers, Frys en ’t maatskaplik feld – meertalig Waadhoeke naar ’n hoger plan te tillen. ’n Robúst taalnetwerk, meer andacht foor de klaine talen op skoal en ’t fergroaten fan de sichtberhyd en diversiteit an talen: dat is ’t doel. Soadat elke beweuner fan Waadhoeke hur frij foelt om de aigen taal – welke dat ok maar is – te brúkken,” zegt De Jong.
Meertalighyd behouwe en fersterke
Waddenhoek is groats op hur meertalighyd en wil deuze behouwe en fersterke. Se streeft na meer gebrúk fan ‘t Frys, Bildts en Franekers in ‘n gemeente en gemeenskap wer’t ’t gewoan is om deuze talen naast- en deurnander te brúkken. De gemeente werkt hieran in nauwe samenwerking met allegaar partners, weronder Stichting Bildts Aigene,Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers, Afûk, Bibletheken Noord Fryslân en ‘t (basis)onderwiis (Taalplatform Waadhoeke). D’r wort ansloaten bij de ambisys fan de provînsy Frysland op taalgebied.
De funksy fan de meertalighydskoördinator is foor ‘n perioade fan fier jaar en wort met-mooglik maakt deur subsidy fan de provînsy Frysland.
Ta gelegenheid fan de Fryske Boekewike hat skriuwster Hilda Talsma Lockdownleafde skreaun. Hilda Talsma fiert dit jier har 10-jierrich skriuwersjubileum en is frege om it Kadoboek foar de Fryske Boekewike te skriuwen. It Kadoboek wurdt yn de perioade fan 6 oant en mei 14 maart fergees oanbean by de oankeap fan in boek.
Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy’t de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding, docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne.
Oftraap Fryske Boekewike op telefyzje
Skriuwster Hilda Talsma is sneon 6 maart haadgast by de start fan de Fryske Boekewike op Omrop Fryslân en fiert dan ek har 10-jierrich skriuwersjubileum. Fierder komme yn de telefyzje-útstjoering ferskate Fryske skriuwers oan it wurd, en is der in muzikaal optreden fan it duo Weima & van der Werf. Oare gasten binne û.o. Alex de Jager (direkteur Afûk), Eveline Aendekerk (direkteur CPNB) en Ad Peek (direkteur Van der Velde Boekhannels). De útstjoering begjint om 20:00 oere.
De Afûk organisearret as partner fan it projekt LISTEN dizze moanne fjouwer workshops, “De Psychology fan dyn Taal.” De trening oer ‘taalgedrach en -gewoantes’ is in kombinaasje fan teory en praktyk. In ‘oars as oars’ trening, foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêr’tst net by stil stietst. De teory giet oer de psychology achter taal, oer taalgedrach en switche as gewoante.
De workshops binne fergees, opjaan kin by Praat Mar Frysk. De workshops wurde holden fan 19.30-22.00 oere op:
moandei 8 febrewaris
tiisdei 16 febrewaris
woansdei 24 febrewaris
tongersdei 25 febrewaris
It projekt LISTEN giet oer it fenomeen datst as minderheidstaalsprekker faak en meastal ûnbewust oerskeakelest nei de mearderheidstaal. Of datst bewust of ûnbewust al yn de mearderheidstaal begjinst. Dat is in universeel fenomeen.
Op 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei. Dizze dei is op inisjatyf fan Unesco yn it libben roppen en bestiet dit jier 20 jier. Om dat te fieren hat de Afûk in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En elk kin fansels meidwaan.
De Afûk/Praat Mar Frysk wol safolle mooglik foto’s hawwe fan besteande én nije plakken dêr’t it Frysk sichtber is yn de iepenbiere romte. Tink dêrby oan buordsjes yn de tún, nammen op gevels, wurden op in muorre, teksten op buskes, reklamebuorden, strjitnammen en gean sa mar troch. De Afûk dielt dy foto’s graach mei de rêst fan ‘e wrâld om mei ús allen it #Frysk sichtber te meitsjen!
Fan 21 o/m mei 28 febrewaris dielt de Afûk de ynstjoeringen op harren sosjale mediakanalen. Sa meitsje sy it Frysk ek online mear sichtber. De eigen foto’s kinne ek direkt dield wurde mei de hashtag #FryskSichtber. Under de moaiste ynstjoeringen ferlottet de Afûk in PraatmarFrysk-pakket.
Sjoer dyn foto’s nei: Fryskopedyk@gmail.com, jou dêrby dyn namme en lokaasje fan de foto troch. #FryskSichtber
Fan ’e wike ferskine tagelyk by de Fryske útjouwerij Afûk en by de Faeröerske útjouwerij Bókadeild Føroya Lærarafelags twa bysûndere nije boeken. ‘De Beam’ is de Fryske titel fan it oarspronklik Faeröerske printeboek TRÆIÐ, skreaun en tekene troch Bárður Oskarsson. ‘Tije – drongurin og rottumaðurin’ is de Faeröerske titel foar it oarspronklik Fryske (foar)lêsboek ‘Tije’, skreaun en tekene troch Mirjam van Houten.
Fan it NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) út, dêr’t deputearre Sietske Poepjes it foarsitterskip krekt fan oerdroegen hat, hat Fryslân bannen mei ferskate regio’s op it mêd fan taal. Sa kaam it dat de earste bûtenlânske wurkbesite fan Arno Brok as Kommissaris fan de Kening him yn maart 2019 nei de Faeröer eilannen brocht om dêr de kulturele en ekonomyske bannen mei Fryslân oan te heljen. By in gearkomste mei Hanna Jensen, de Faeröerske minister fan kultuer en edukaasje dêr’t ek Niels Jákup Thomsen fan Bókadeild Føroya Lærarafelags útnûge wie, ûntstie it idee fan in ‘book-swap’. Kommissaris Brok seach fuortendaliks de mooglikheden.
In moanne letter, op de berneboekebeurs yn Bologna, socht útjouwer Ernst Bruinsma fan de Afûk foar it earst kontakt mei útjouwer Niels Jákup Thomsen. Dêr moete hy ek de skriuwer Bárður Oskarsson. It gesprek krige in ferfolch op de Buchmesse yn Frankfurt en dêr waard definityf de ôfspraak makke om in boek fan elkoar út te jaan. De Afûk keas foar it priiswinnende boek ‘De beam’ fan skriuwer en yllustrator Bárður Oskarsson (Tórshavn, 1972) en Thomsen keas mei syn team ‘Tije’ út fan skriuwer en yllustrator Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). Bysûnder oan beide titels is (ek) dat de skriuwers multytalinten binne en sels de yllustraasjes foar harren boek makke hawwe.
Auteur Mirjam van Houten rikt it earste Faeröerske eksimplaar fan ‘Tije’ út oan KdK Brok en deputearre Poepjes. Foto: Hoge Noorden/Jacob van Essen.
‘Simmer 2017 rûn ik tal fan kearen oan ‘e westkant fan Hurdegaryp by de N355 del. Ik socht dêr om lyts yndustrieel ôffal, lykas bygelyks eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof. Dy fynsten, losrekke fan in eardere funksje yn in grutter gehiel, wiene ferwurden ta tafallige foarmen en dêrmei beskikber foar my om in nije betsjutting oan te jaan.’
De gedichten yn dizze bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dit materiaal. Dêrmei set se in folgjende stap op har paad om poëzy te skriuwen op grûn fan hieltyd abstrakter byld. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy’t oer it libben giet.
Trochgong Ik fyn in letterteken yn ‘e berm. Krij it op en nim it mei. It foel ien ta de mûle út dy’t skrok of dy’t begrutsjen hie. Bewûndere of eangstich wie. No stjoert it teken my.
Twatalich opskrift yn de EDEKA-supermerk fan Aurich – Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
By in soad supermerken yn Fryslân stiet no noch de tekst ‘Haal hier uw winkelwagen’. As it oan de Afûk leit wurdt dat meikoarten ‘Pak hjir jo winkelwein’, want de Afûk wol wurk meitsje fan mear Frysk yn en om de supermerk en is dat ek al oan it tarieden. Undernimmers dy’t hjir wol wat foar fiele kinne in berop dwaan op de Afûk foar oersettingen en logistike stipe, seit projektlieder Fokke Jagersma.