Lida Dykstra in jier langer Berneboeke-ambassadeur

Berneboekeskriuwer Lida Dykstra sil ek yn 2022 Berneboeke-ambassadeur wêze. Omreden fan it útfallen fan skoalbesites en oare aktiviteiten yn it ôfrûne koroanajier is yn oerlis mei Boeken fan Fryslân besletten dat Lida Dykstra har wurk as Berneboeke-ambassadeur in jier langer fuortsette kin.

Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra sels dêroer: “Ik fyn it prachtich dat ik noch in jier langer de kâns krij om as Berneboeke-ambassadeur lêswille te fersprieden. It is sok moai wurk: foarlêze, prate mei de bern, skriuw- en lêstips jaan, mei de hiele groep in ferhaal ymprovisearje. As in bern nei ôfrin freget: ‘Tinkt Lida dat ik dit boek ek yn de biblioteek liene kin?’, of ‘Juf, meie wy fan ’e middei ferhalen skriuwe?’, dan wit ik daalk wêr’t ik it foar doch.”

Marytsje Flapper, direkteur fan IKC Sint Ludgerus yn Warkum seit: “Lida ferstiet de keunst om bern mei te nimmen yn it ferhaal. De bern wolle graach fierder yn ’e boeken dêr’t se oer ferteld hat yn ’e klasse. Se hat sawol de jongsten as de âldere bern fan ús skoalle op ’e nij entûsjast krigen foar Frysktalige boeken.”

foto: Afûk

Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambasssadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.

De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen.

A is fan aapke / A is een aapje: Frysk-Nederlânsk biste-alfabet

By útjouwerij Afûk is ferskynd a is fan aapke in grappich en ûndogens bist / a is een aapje in vliegende vaart. A is fan aapke is in biste-alfabet mei teksten op rym geskikt foar bern fan 4 jier ôf. It is in saneamd omkearboekje mei oan de iene kant de Fryske teksten en fan de oare kant ôf de Nederlânske. It boek is skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch syn dochter Ankemarije.

a is in letter al krekt sa’n wûnder as de z
it sjongt en gûnzet, sist en snettert
fan bisten yn it alfabet

a is een letter
ver weg van de z
dichtbij zijn de dieren
van het alfabet


a is in aapke in grappich en ûndogens bist / a is een aapje in vliegende vaart skreaun troch Eppie Dam en mei yllustraasjes fan Ankemarije Dam is te ferkijen foar € 14,95 by de Afûk.

De Sutelaksjes binne wer los: it Fryske boek hûs oan hûs!

Keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert en streekharmony Concordia yn Balk hienen de primeur. Dêr gienen de earste twa fan in rige fan sân Sutelaksjes yn septimber en oktober fan start. Fiifentweintich kroaden mei Fryske boeken gienen hûs oan hûs by de doarren lâns om it Fryske boek út te suteljen. De opbringst yn beide doarpen lei yn totaal op mear as €3.700,-.

Sutelaksje-koördinator Ferdinand de Jong is optein: “Wy binne hiel bliid dat der nei in ferlern jier wer sutele wurde kin. Foar it skreaune Frysk en foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde by jo oan ‘e doar brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer.”

Foarsitter Rennie Niezink fan keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert wie bliid mei de opbringst: “Wy hawwe takom jier ús 125-jierrich jubileum, dat dan is dit in hiele moaie ynstruier foar de feestpot.”

Foar Annieke Voogd, bestjoerslid streekharmony Concordia yn Balk, wie it alwer de tredde kear dat sy in Sutelaksje organisearren: “De Sutekaksje libbet yn it doarp. It is echt in sosjaal barren sa mei de hiele klup. En it is in moai ekstraatsje foar de feriening!”
De earstfolgjende Sutelaksjes steane pland op 25 septimber yn Terwispel, 7 oktober yn Jorwert, 8 oktober yn De Rottefalle, 16 oktober yn Wergea en 20 oktober yn Easterwierrum.

Frijwilligers Rennie Niezink, Zwaan Schiphof en Harmke Bylsma (flnr) yn Kimswert op paad foar de keatsferiening. Foto: Jacob van Essen

Doch mei!

De Sutelaksje fan Boeken fan Fryslân bringt it Fryske boek hûs oan hûs rûnom yn Fryslân. Ferieningen dy’t in Sutelaksje organisearje, krije 25% fan de omset yn harren klupkas stoart. Oanmelde kin fia www.boekenfanfryslan.frl.

Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek troch de promoasje en organisaasje fan ferskate projekten en aktiviteiten.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek Frysk yn foar Mozilla Common Voice.

Wat soe it moai wêze dat dyn telefoan Frysk ferstiet en prate kin! Takomstmuzyk? Der wurdt al oan wurke en wy hawwe dyn stipe derby nedich!

Mozilla Common Voice

Mozilla Common Voice is in iepen source platfoarm rjochte op it sammeljen fan spraakmateriaal foar ferskillende talen wêrmei’t spraaktechnology ûntwikkele wurde kin. Spraaktechnology wurdt ynset om masines te learen hoe’t minsken sprekke yn ferskillende talen en om masines sels spraak produsearje te litten. Tink oan in soarchrobot, Siri, Google Home ensafh. Dy technology wurdt de kommende jierren hieltyd wichtiger en it is wichtich dat dy technyk ek yn it Frysk wurket.

Fryske ynsprekwike

Om de database te foljen, is de stipe fan hûnderten Friezen nedich. It earste doel is om oan 300 oeren ynsprutsen tekst te kommen. Dochst ek mei oan de Fryske ynsprekwike fan 20 oant en mei 26 septimber? Harkje yn dy wike ek nei Omrop Fryslân radio, mei in soad omtinken foar taaltechnology en de ynsprekwike. Alle dagen wurdt fia in aksje op Omrop Fryslân radio in Google Home miny weijûn!

Hoe dochst mei?

Hast dyn tillefoan, tablet of kompjûter by de hân?

1. Gean nei: voice.mozilla.frl (wurket mei Mozilla Firefox, Microsoft Edge en Google Chrome, op in iPhone/iPad allinnich mei Safari).

2. Klik op de mikrofoan ûnder de tekst ‘Sprekke. Donearje jo stim.’

3. Sprek de sinnen yn. Do kinst it eventueel weromharkje foardatst it ynstjoerst. Klik op de knop ‘Yntsjinje’.

4. Ast leaver net sels ynsprekst, kinst ek ynsprutsen fragminten fan oaren tsjekke. Klik dan op de griene ôfspylknop ûnder de tekst ‘Harkje. Help ús stimmen te falidearjen’.

Do kinst fansels safolle sinnen ynsprekke of tsjekke ast sels wolst! Súkses!

Tûke trúks

  • Praat sa’tst altyd praatst. De útsprutsen sinnen moatte represintatyf wêze foar it ferskaat oan útspraken dy’t wy yn ‘e provinsje hawwe, tink oan Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk, lykas âldere en jongere, manljus- en frouljusstimmen.
  • Do hoechst gjin aparte mikrofoan te brûken. De ynboude mikrofoan fan dyn telefoan, tablet as kompjûter is goed genôch. It hoecht net folslein stil te wêzen om opnimme te kinnen.
  • De betingsten fan Mozilla binne datst op syn minst 18 jier wêze moatst.
  • Do kinst derfoar kieze om in akkount oan te meitsjen, mar dat hoecht net perfoarst.

De aksje om in Fryske database yn Mozilla Common Voice te foljen is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. Gearwurkingspartners binne: Mozilla, Afûk, Fers, Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle, Omrop Fryslân, Tresoar, RUG/Campus Fryslân.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek yn!

Tomke jierdeisfeestje: in slagge feest foar lyts en grut

Tomke bestiet dit jier 25 jier. Alle reden foar in feestje. Likernôch 250 entûsjaste pjutten en harren begelieders wiene dêrom sneon 18 septimber op Tomke’s jierdeifeestje fan ’e partij op it prachtige hiem fan paviljoen MeM yn Bûtenpost. Om safolle mooglik lytse fans de gelegenheid te jaan om Tomke te lokwinskjen, waard it feest oerdei yn trije tiidfakken fierd. Jûns wie der foar de ‘grutte minsken’ noch in ‘grutte-minskefeestje’ dêr’t ek de nije Tomke-skriuwers bekend makke waarden. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma binne oan it skriuwersteam tafoege.

‘Wy sjogge werom op in bysûnder slagge dei en in moai feest’, sa seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk/Tomke fan de Afûk, tefreden. Troch koroana kaam de hiele planning fan it Tomke-jubileumjier op ’e kop te stean. It oarspronklike idee wie dat de moanne juny Tomke-feestmoanne wêze soe mei in Tomke-tour, allerhanne aktiviteiten én in grut feest. ‘Wy hawwe ien en oar no mear oer it jier ferspraat. Sa hawwe we fan Tomke’s jierdeifeestje net ien grut feest makke mar trije lytsere feestjes. It feest wie der absolút net minder om!’

Foto: Hippe Kiek Fotografie – Sjoeke

Jierdeisfeestje foar de lytskes

Mei it fleurige Tomke-draaioargel by it ynrinnen siet de stimming der fuortendaliks yn. Fierder wiene der koarte foarstellingen mei muzyk en Tomke-ferhalen fan Janneke Brakels en Willy van Assen, Riemkje Pitstra, Geartsje Douma en Hinke Schwering fan Het Muziekbeestje. Trochrinnend wie der in speurtocht en in hiel soad romte om lekker te boartsjen. It moaie waar makke it feest kompleet.

It ‘grutte-minskefeestje’

Jûns fierde Tomke syn jierdei mei de ‘grutte minsken’, in gesellige jûn mei (âld)meiwurkers en belutsenen fan en by it Tomke-projekt. Der wie in tal sprekkers en ek de nije Tomke-skriuwers waarden bekend makke. Om it skriuwersteam te fersterkjen wie earder dit jier in Tomke-skriuwwedstriid organisearre. Goed 60 moaie ferhalen waarden ynstjoerd. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma wiene de úteinlike winners. Hieke Rienstra: ‘Tomke bestiet 25 jier mar mei hieltyd wer nije minsken en nije ideeën, kin it mantsje sa maklik noch 25 jier fierder.’

Fryske Foarlêswike Selskip fan moandei 27 septimber o/m freed 1 oktober

Yn de lêste wike fan septimber sille goed 600 foarlêzers op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.500 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 20.000 nije Tomkeboekjes mei, dat de pjutten nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlden mei nei hûs krije. Foar it earst hawwe mear as 400 lokaasjes harren oanmeld foar de Foarlêswike. Ek ûngefear 250 gastâlden sille meidwaan.

Tomkeboekjes yn it Frysk, Biltsk en Stellingwerfsk.

It nije Tomkeboekje ‘Tiid foar Tomke!’ is in spesjaal jubileumboekje, nammentlik nr. 25. It boekje stiet wer fol mei ferhaaltsjes en ferskes en der sit in jubileumspultsje by. Foar de 10e kear komt it Tomkeboekje ek wer út yn it Biltsk. Sa kinne de pjutten op it Bilt ek foarlêzen wurde yn harren eigen taal. Alle jierren ferskine der ek Tomkeboekjes yn it Stellingwerfsk.

Keimpe de Krokodil
Neist it Tomkeboekje is der yn de biblioteken noch in kadoke te finen. It twadde Keimpe de Krokodil-boekje! Keimpe de Krokodil wol bern fan 4-8 jier (en harren âlden en learkrêften) oanmoedigje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Dêrmei wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Yn it Keimpe-boekje ‘De winskmasine’ steane ferhaaltsjes om foar te lêzen en ek foar begjinnende lêzers om sels te lêzen. Keimpe de Krokodil lit sjen dat it leuk is om Frysk te lêzen, en hielendal net yngewikkeld.

Tomke sit klear foar de Fryske Foarlêswike

De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep/Afûk. De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Kursussen Frysk fan de Afûk sette wer útein

Koroana sette it ôfrûne kursusjier in streek troch de plande kursussen Frysk fan de Afûk. Gewoanwei ferwolkommet de organisaasje rûchwei 1000 kursisten jiers. It grutste part dêrfan folget ien fan de groepskursussen dy’t op ferskate lokaasjes troch de hiele provinsje hinne organisearre wurde. Dat wie it ôfrûne jier net of mar beheind mooglik. Fan ein septimber ôf set de Afûk lykwols wer útein mei in nij kursusjier.

Troch koroana ferrûn it ôfrûne kursusjier oars as oars foar de Afûk. Benammen foar de groepskursussen op lokaasje hiene de koroanamaatregels konsekwinsjes. Kursussen moasten ôfsein of útsteld wurde of op in oanpaste wize jûn wurde. Sa waard de mooglikheid om online in kursus te folgjen oan it kursusoanbod tafoege. Foar it kommende kursusseizoen lykje de stjerren geunstich te stean. De Afûk giet derfan út de kommende perioade syn kursisten, mei ynachtnimming fan de dan jildende koroanamaatregels, (ek) wer ‘gewoan’ yn groepen op lokaasje ferwolkomje te kinnen.

Njonken it besteande, brede oanbod fan kursussen − yn groepsferbân of skriftlik – om it Frysk ferstean, praten en skriuwen te learen, bliuwt it ek mooglik om online in kursus Frysk skriuwen of Frysk ferstean te folgjen. Foar minsken dy’t, om hokker reden dan ek, net yn in groep op lokaasje dielnimme kinne of wolle, is dat in hiel moaie manier om dochs mei in groep en ûnder begelieding fan in dosint in kursus te folgjen.

© foto Hoge Noorden / Jacob van Essen

Mear ynformaasje oer it kursusoanbod fan de Afûk is te finen op de website www.kursus.afuk.frl.

Natoer-Lêskoffers foar alle basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân

Op basisskoalle ‘De Bining’ yn Westergeast waard moandei de earste fan 47 natoer-Lêskoffers oan de skoalle oerlange troch Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra en Jan Tiede Bouma fan natoeredukaasjesintrum De Klyster. Dizze wike krije mar leafst 47 basisskoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân de spesjale natoer-Lêskoffer oanbean. Dêrneist bringt de Berneboeke-ambassadeur de kommende moannen in besite oan alle skoallen yn dy beide gemeenten.

Lida Dykstra is optein: ‘Dit is in prachtige gearwurking mei De Klyster. Dêrtroch krije yn ien klap alle 47 basisskoallen yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel de Lêskoffer fan harren gemeenten kado en is boppedat regele dat ik by alle skoallen op besite kin om de bern foar te lêzen en oer de boeken te fertellen. It is moai dat beide gemeenten dat op dizze wize mooglik meitsje.’

Projekt-meiwurker Jan Tiede Bouma fan De Klyster: ‘Wy ha as doel om bern yn ’e kunde komme te litten mei de natoer om harren hinne. En boeken biede in prachtige ynfalshoeke om bern entûsjast te krijen foar de natoer. Wy sykje hieltyd wer nei oare paden om bern te berikken en dêrom binne wy ek wiis mei dizze gearwurking.’

By de skoalbesites yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân leit de klam foar de Berneboeke-ambassadeur op Fryske berneboeken dêr’t de natoer ticht by hûs in grutte rol yn spilet. De Lêskoffers foar de basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân binne oanbean troch natoeredukaasjesintrum De Klyster.

Oanbieding Natoer-lêskoffers, Foto : Afûk

Oare skoallen en ynstellingen yn Fryslân kinne harren ek noch altyd opjaan foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur en eventueel de Lêskoffer bestelle. De lesbrieven oer de Fryske berneboeken út de Lêskoffer binne foar elkenien fergees te downloaden fia de website. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.berneboekeambassadeur.frl.

‘Noas tsjin ‘t glês’ – nije dichtbondel fan Edwin de Groot

By de Afûk is ferskynd de nije dichtbondel Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot (1963, It Hearrenfean). Yn Noas tsjin ’t glês sjocht de dichter: nei bûten, nei binnen, nei himsels en somtiden sjocht hy ek neat.

De bondel set útein mei it gedicht ‘Oanreitsje’:
De wrâld hoecht net ûnbekladde, in bytsje goed fallend
soe al noflik wêze en troaikjend
ast him oanreitsje kinst

Edwin de Groot ferstiet de keunst om alderhande ûnderwerpen dy’t op syn wei komme yn bysûndere taal om te setten. Dat kinne persoanlike tema’s wêze, lykas it ferstjerren fan in broer dy’t ‘as in Ingelske wals (./..) út doarp en sicht ferdwynt’, mar ek maatskiplike ûntjouwingen. Alles sil op in stuit ferdwine, dat is wol wis, mar ûnferskilligens hoecht gjin rom paad.


Noas tsjin ’t glês is te ferkijen foar €17,50.

Taalferskaat op ‘e tafel mei Keimpe de Krokodil

Gasten fan goed 15 restaurants komme yn de kunde mei ús rike taalferskaat mei help fan Keimpe de Krokodil.

As it foarútsjoch kloppet, sille der hieltyd mear besikers út eigen provinsje en fan dêrbûten in besite bringe oan de hoareka yn Fryslân. Dat is in moai momint om de gasten yn de kunde komme litte mei it Frysk en it rike taalferskaat fan Fryslân. Dêrom yntrodusearre de Afûk op 8 july by Restaurant & Partycentrum De Pleats yn Burgum in oanbod foar restaurants, besteande út in placemat fol spultsjes en it meartalige lêsboekje ‘Iis foar Eef’ foar de jongste gasten.

It idee foar it nije oanbod komt fan studinten fan it ROC Friesland College. Sy hawwe de ôfrûne perioade ûndersyk dien nei it binen fan klanten mei help fan de Fryske taal. Neffens de studinten fan de oplieding Travel & Hospitality is benammen it wachtsjen op it iten foar bern in dreech putsje.

Allerhande meartalige spultsjes op in placemat meitsje dat wachtsjen moai wurk wurdt. As de bern ek noch in grappich lêsboekje mei nei hûs krije is it feest kompleet.
By Keimpe op reis steane de autochtoane talen fan Fryslân sintraal. Dêrby wurde de spultsjes en ferhaaltsjes altyd yn it Frysk oanbean en yn de oanbelangjende regio’s/stêden ek yn de eigen taalfariaasje (Biltsk, Dokkumers en Franekers). Fansels wurde gasten dy’t dy talen (noch) net machtich binne goed by de hân naam yn it Nederlânsk en Ingelsk. Sa binne de produkten oansprekkend foar minsken dy’t Frysk, Biltsk, Dokkumers of Franekers prate, mar ek hiel nijsgjirrich foar bygelyks toeristen fan bûten de provinsje, dy’t net bekend binne mei de talen.

Foto: Jacob van Essen

Keimpe de Krokodil

Keimpe de Krokodil stiet symboal foar taal- en lêsbefoardering foar bern fan 4-8 jier. Hy is gek op lêzen en wol bern en âlden stimulearje om te kiezen foar Fryske ferhalen, dêr wille oan te belibjen en sa de meartaligens te befoarderjen. Dat docht Keimpe al in oantal jierren op skoalle, yn de metoade Spoar 8. Sûnt ferline jier berikt Keimpe de bern ek thús troch de Fryske Foarlêswike yn de biblioteken. En no giet Keimpe op reis!

Dielnimmende restaurants
De Pleats yn Burgum, Restaria ’t Luifeltje yn Burgum, Zwarte Haan yn Sint Jabik, Wapen van Baarderadeel yn Jorwert, De Viersprong yn Koatstertille, De Hûskeamer yn Aldegea (Sm), De Winze yn Wyns, HCR de Harmonie yn Seisbierrum, ‘t Posthús yn Burdaard, de Blikvaart yn Sint Anne, Land en Zeezicht yn Holwert, De Dikke Draai yn Surhústerfean, Veldzicht yn Mitselwier, de Pater yn Engwierrum, De Leyen yn De Rottefalle, Bloemketerp yn Frjentsjer en The Friezinn yn Westhoek.

Mear ynformaasje oer Keimpe en oanmelde foar Keimpe op reis kin fia www.keimpe.frl

Mei tank oan de gemeenten Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel kinne bedriuwen út dy gemeenten fergees gebrûk meitsje fan it oanbod.