De (memme)taal is fan belang yn soarchsituaasjes, draacht by oan it wolwêzen fan soarchfregers en soarget foar in better begryp oer en wer. Dat binne de wichtichste konklúzjes út it ferkennende ûndersyk ‘Hokker taal prate jo?’ dat it ôfrûne healjier útfierd is yn opdracht fan de Afûk yn gearwurking mei ROC Friese Poort en ROC Friesland College. Op moandei 10 juny binne de resultaten presintearre op in byienkomst by ROC Friese Poort yn Ljouwert.
Continue reading “Hokker taal prate jo?”
Fryske Donald Duck
Nei it suksesfolle Nederlânsktalige Fryslânnûmer fan ‘een vrolijk weekblad’ is fan freed 13 april ôf it ienige echte ‘fleurich Frysk blêd’ fan Donald Duck te keap. Yn de Fryske Donald Duck ferskine yn totaal 9 yn it Frysk oersette strips. Yn de ferhalen falt op dat der in soad omtinken is foar sport en fansels komme grutte Fryske sporteveminten lykas it skûtsjesilen en de Alvestêdetocht foarby. It is dan ek gjin tafal dat de presintaasje fan it earste nûmer op freed 13 april plakfine sil yn Sportstad Heerenveen.
‘Omdat der yn de Fryske Duck in soad omtinken is foar ferskate Fryske sporten en sporteveneminten, like it ús in aardich idee om dêr yn de presintaasje wat mei te dwaan’, seit Koen Eekma, direkteur fan de Afûk. ‘Dêrom hawwe wy skoallen oanskreaun en binne sa’n 100 skoalbern útsocht om ta eare fan it ferskinen fan dizze spesjale Fryske Duck mei te dwaan oan in alternative Alvestêdetocht.’ Foardat de bern mei harren tocht útein sette sil earst it offisjele earste eksimplaar fan de Fryske Donald Duck op ludike wize troch Kommissaris fan de Keninginnne John Jorritsma útrikt wurde. It startskot foar de Alvestêdetocht wurdt jûn troch foarsitter Wiebe Wieling fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden. De ferskate sportive aktiviteiten wurde begelaat troch ferneamde Fryske (âld)sporters, dêrûnder Margot Boer, Foppe de Haan en Evert Wilstra.
Stim op de Afûk as leukste winkel fan Fryslân
Stim op de Afûk as leukste winkel fan Fryslân en win moaie prizen!
De Fryske boek- en taalwinkel fan de Afûk docht mei oan de leukste winkel fan Fryslân-ferkiezing. Om sa heech mooglik te einigjen hawwe wy sa folle mooglik stimmen nedich. Dêrom freegje wy jo in stim út te bringen op de Afûk fia: www.lwvf.nl/221. Stimme kin noch oant en mei tongersdei.
Alfêst betanke!