Op 27 jannewaris hat it projektteam fan Read with MEE (mei ûnder oaren partners Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen en NHL Stenden Hegeskoalle) harren hânboek ‘Handbook-INC: Inclusive Multiliteracy Development in Early Childhood Education and Care’ lansearre. Dat hânboek is in samling fan ynformaasje en praktyske tips foar eltsenien dy’t, as âlder of beropsmjittich, behelle is by jonge meartalige bern.
Read with MEE hânboek
Iere taalûntwikkeling
It hânboek fertelt mear oer de iere taalûntwikkeling by bern, en yn it bysûnder hoe’t it sit as bern meartalich grutbrocht wurde. Ynformaasje en tips oer lêsfeardigens, foarlêze en ferhalen fertelle krije hjirby in soad oandacht. It hânboek hat in sterke wittenskiplike basis, mar is skreaun yn gewoane taal sûnder fakjargon om de teory sa tagonklik mooglik te meitsjen.
By de online lansearring wiene mear as 60 minsken oanwêzich út hiel Europa wei. Sprekkers fan NHL Stenden Hegeskoalle en Trinity College Dublin (IE) fertelden mear oer de ynhâld en ûntwikkeling fan it hânboek. Neist de teory en praktyske tips jout it hânboek ek praktykfoarbylden út ferskate Europeeske lannen wei om oaren te ynspirearjen. Sa wurde bygelyks de Fryske Berneboeke-ambassadeur en de Lês-mar-foar wiken yn it sintsje set.
Goed om te witten: De kommende tiid komme der ek oersettings fan it hânboek yn meardere talen, lykas it Frysk, Nederlânsk, Iersk, Baskysk en Spaansk!
Oer Read with MEE
It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy’t meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.
Wa ken ’m net? Dat mantsje altyd blier mei syn krol yn it hier? Enoarme oantallen pjutten kamen yn ’e rin fan ’e jierren yn ’e kunde mei Tomke, mar nei 30 jier komt der in ein oan it Tomke-projekt. Sa waard hjoed yn in parsekonferinsje troch Tomke sels bekend makke. It hommels ferstjerren fan Tomke syn geastlik heit en tekener Luuk Klazenga oardel jier lyn foarme de oanlieding om it fuortbestean fan it projekt yn de hjoeddeistige foarm op ’e nij te besjen. Yn oparbeidzjen mei belutsenen en ferskate pedagogysk professionals is ûnder lieding fan de Afûk in nij konsept foar foarskoalske edukaasje ûntwikkele: Tys & Teske. Krekt as by Tomke sille in hiel soad ferhalen, aktiviteiten en oare produkten fan Tys & Teske net allinne foar de profesjonele pjutte-opfang makke wurde, mar likegoed geskikt wêze yn de thússituaasje.
It Tomke-projekt ûntstie yn de jierren ’90 út in ferlet fan Frysktalich materiaal foar pjutten. ‘By in twatalige ûntwikkeling sa’t wy dat hjir yn Fryslân hawwe, is it lizzen fan in sterke taalbasis belangryk’, sa seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Dy twatalige basis wurdt lein yn de earste fjouwer jier fan in bern. Krekt yn de earste jierren is it dêrom nedich om de taalûntwikkeling te stimulearjen, yn de thússituaasje mar ek by de opfang. Dêrby is ekstra omtinken foar in minderheidstaal sa as it Frysk nochris ekstra belangryk.’
It Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân inisjearre it Tomke-projekt. Der waard in Tomke-wurkgroep gearstald wêryn’t Afûk (algemiene koördinaasje), FERS (út namme fan de biblioteken fan Fryslân), Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) gearwurken en meielkoar soargen foar promoasje en fersterking. Yllustrator Luuk Klazenga waard frege om in jonkje te tekenjen en sa ferskynde yn 1996 it alderearste Tomke-boekje.
It giele tydskriftke soe dêrnei jierliks yn de Fryske Foarlêswike útdield wurde oan alle pjutten yn Fryslân. Yn ’e rin fan ’e jierren waarden geandewei mear produkten fan en oer Tomke ûntwikkele: telefyzje-aventoeren, ferhalen en boeken yn alle tema’s, edukative materialen, in website, in app, hânpoppen en gean sa mar troch.
Al dy jierren joech Luuk Klazenga foarm oan Tomke, hûntsje Romke, Kornelia en Yana Yu. ‘It hommels ferstjerren fan Luuk yn 2024 rôp de fraach op hoe no fierder mei Tomke’, fertelt Rienstra. ‘Ferskate opsjes passearren de revu, mar nei in soarchfâldich proses, wêryn’t wy de belutsenen om it Tomke-projekt hinne mar ek foaral de doelgroep fan pedagogysk professionals befrege hawwe, hawwe wy besluten om gjin nij Tomke-materiaal mear te ûntwikkeljen en yn te stekken op de ûntwikkeling fan in nije line.’
Tys & Teske: in nije line mei suksesfolle aspekten fan Tomke
By it ûntwikkeljen fan Tys & Teske is gebrûk makke fan kennis, ferlet en winsken fan in groep pedagogysk professionals dy’t ek as testgroep funksjonearre. De fierder noch te ûntwikkeljen ferhalen, aktiviteiten en materialen sille oansette ta foarlêzen en (Frysk) praten, ta boartsjen en dreamen. ‘Wy wolle de suksesfolle aspekten fan Tomke graach behâlde, mar mei nije karakters en in nije, frisse útstrieling dy’t oanslút by it ferlet fan de pedagogysk professionals en minsken thús, en dy’t fansels foaral soarget foar in soad taalwille by jonge bern!’
Op de fraach wêrom’t der keazen is foar twa karakters seit Rienstra: ‘De twa karakters, in jonkje en in famke, hawwe elk in eigen persoanlikheid. Teske is wat dryster en Tys wat mear skruten, hy sjocht de kat earst út ’e beam. Elke pjut sil him of har mei ien fan de twa identifisearje kinne.’ De nije karakters sprekke jonge bern oan om’t se werkenber binne, feilich en fertroud as in freontsje, se hawwe deselde emoasjes en gefoelens as it jonge bern en sa wurde bern nijsgjirrich nei wat de karakters allegear belibje.
Willemke Brouwer fan De Jouwer joech letterlik foarm oan Tys & Teske. De kar foar Willemke wie al gau makke: ‘Willemke kin prachtich tekenje, har yllustraasjes hawwe persoanlikheid en fertelle in eigen ferhaal.’
Organisaasje
Tys & Teske is in gearwurkingsprojekt mei likernôch deselde partijen as dy’t by Tomke belutsen wiene. De Afûk is de karrelûker fan it projekt en ûntwikkelet de materialen by Tys & Teske yn gearwurking mei it SFBO, dat in soad op twatalige berne-opfanglokaasjes te finen is en dy lokaasjes helpt om it Frysk in folweardich plak te jaan. FERS tinkt mei út namme fan de biblioteken fan Fryslân en Omrop Fryslân is by it projekt belutsen mei as doel om te sjen oft Tys & Teske ek ta libben brocht wurde kinne op it skerm. Al dy partijen wurkje mei-inoar gear yn it Lês-mar-foar-projekt, dat mei de jierlikse Lês-mar-foar-wiken yn septimber omtinken freget foar it belang fan foarlêzen oan jonge bern. Yn de materialen dy’t alle jierren yn dy Lês-mar-foar-wiken útdield wurde, sille Tys & Teske fan no ôf ek fertsjintwurdige wêze.
Deputearre Eke Folkerts kriget fan Tomke it earste Tys&Teske boekje útrikt. Foto: Jacob van Essen, Fotobureau Hoge Noorden
Einlik de wrâld yn Nei in lang en deeglik ûntwikkelingsproses wie it op ’e earste dei fan de Nationale Voorleesdagen tiid foar Tys & Teske om einlik de wrâld yn. It alderearste boekje fan Tys & Teske, mei in ferhaaltsje skreaun troch Paul van Dijk, waard yn de biblioteek fan Dronryp oerhandige oan deputearre Eke Folkerts, dy’t it dêrnei oan de oanwêzige pjutten foarlies. It boekje is fan hjoed ôf fergees te krijen by alle biblioteken yn Fryslân en ek alle berne-opfanglokaasjes hawwe in eksimplaar tastjoerd krigen, sadat alle pjutten yn ’e kunde komme kinne mei Tys & Teske. Letter yn it jier ferskine in knibbelboek mei ferhalen, (opsis)ferskes en tips en aktiviteiten by tema’s dy’t oanslute by besteande Nederlânske VVE-metoaden lykas Uk & Puk en Piramide. Ek in foarlêsboek, poppen, in website mei mear ynformaasje, tips en oanfoljende materialen per tema en spultsjes foar bern steane op ’e rol.
Op ’e hichte bliuwe fan nijs oer Tys & Teske? Gean nei www.tysenteske.frl en meld dy oan foar de nijsbrief, want dat kin no al.
Bern dy’t meartalich grutbrocht wurde, hawwe faak ûngelikense ûnderwiiskânsen yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Dat is in útdaging yn it ûnderwiis dêr’t ús ynternasjonale projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) op ynspilet mei it skriuwen fan in hânboek mei handige ynformaasje. Dat hânboek wurdt op 27 jannewaris online presintearre.
Ynteraktyf foarlêzen
Op tiisdei 27 jannewaris 2026 is elkenien, online, fan herte wolkom om it Ingelsktalige webinar ta gelegenheid fan de lansearring fan it nije hânboek fan it Read with MEE-projekt by te wenjen. Dat hânboek jout tagong ta nije wurkwizen en resinte ûntwikkelings op it mêd fan taalûntwikkeling, taalkundich ferskaat en ûndersyk nei meartaligens. It hânboek wurdt fergees beskikber makke op de website fan Read with MEE.
Yn it webinar sille dosint-ûndersikers fan projektpartner NHL Stenden fertelle oer ynteraktyf foarlêzen en oare praktiken dy’t taalûntwikkeling yn meartalige klaslokalen yn de iere jierren befoarderje kinne.
It webinar wurdt iepene troch prof. Lorna Carson fan Trinity College Dublin en is op 27 jannewaris 2026 fan 16:15 oant 17:00 oere. Om de ZOOM-link te ûntfangen, kinst dyn e-mailadres hjir ynfolje.
Oer Read with MEE
It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy’t meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.
Fan 9 o/m 27 septimber binne it wer de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op ’e berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar- foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje, en foar bern fan 4 o/m 8 jier is der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Mar der is mear: de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz! En yn de biblioteken is der ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk, wêrby’t alderhande feestlike foarlêsaktiviteiten organisearre wurde.
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Tomke & Keimpe
It tema fan de Lês-mar-foar-wiken is dit jier ‘eigenwiis’, wat oanslút op it tema fan de Kinderboeken- week yn oktober. Alle pjutten krije by de opfang, de biblioteek en it konsultaasjeburo wer in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje yn dat tema. Yn it boekje stean ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes fan ferskate skriuwers en yllustratoaren. De Tomke-yllustraasjes binne noch makke troch de krekt ferstoarne tekener Luuk Klazenga. It boekje ferskynt ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.
It Tomke-foarlêsboekje ferskynt yn it Frysk, Bildts, Stellingwarfs en Franekers.
Bern fan 4 o/m 8 jier krije it nije Keimpe-boekje mei leuke ferhaaltsjes en spultsjes op skoalle of se kinne it fergees ophelje yn ’e biblioteek. Spesjaal foar Keimpe syn 5e jierdei is der in echte Keimpe- memory ûntwikkele en kinne alle bern en harren âlders, juffen en masters mei sjongeres Melissa Pander en rapper Sytse de Wite meisjonge en -dûnsje op de eigenwize Lês-rap!
Minyboekjes sammelje by de Poiesz
Yn de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz. Alle wiken ferskine der twa nije boekjes dy’tst fergees meinimme meist by oankeap fan in griente- of fruitoanbieding. Bekende én nije skriuwers en yllustratoaren hawwe spesjaal foar dizze aksje acht prachtige boekjes makke. Op is op, dus fluch nei de Poiesz, en sammelje se alle acht!
Feest yn de biblioteek!
Yn de biblioteken binne yn de moanne septimber ferskate lês-, dûns- en muzykfoarstellingen te sjen. Foar pjutten binne der foarstellingen fan Janneke Brakels, Danswil en Het Muziekbeestje. Foar de doelgroep 4 o/m 8 jier spilet Jan Tiede Bouma in foarstelling oer Keimpe de Krokodil, en Pyke Kroes & Carel van Leeuwen ha in foarstelling makke oer it populêre boek ‘Lampke’. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. En hast it nije Tomke-temaboekje of Keimpe-boekje noch net? Helje ’m dan gau fergees op by de biblioteek!
Oare foarlêsaktiviteiten
Op 14 septimber mei ‘Uit in Huis’ wurdt der de middeis foarlêzen yn de Prinsetún yn Ljouwert. Tusken 14.00 en 16.00 oere sil dêr troch in tal minsken foarlêzen wurde út prachtige eigenwize berneboeken.
Fierder binne yn it programma ‘Tsjil’ fan Omrop Fryslân nije bernefilmkes te besjen en op Tjits Floch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren.
It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan jonge bern.
Op 1 maart ferskynt by Utjouwerij Afûk it nije ferskeboek ‘Foar alles in ferske!’ fan Clara Rullmann. It boek befettet tolve nije ferskes en ferhaaltsjes foar bern fan 2 o/m 6 jier. De ferskes binne makke foar gebrûk op de berne-opfang en yn de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis, en geane oer ûnderwerpen dy’t dêr deistige praktyk binne, lykas opromjen, iten, jierdei wêzen en grutter wurden. De feestlike presintaasje fan it boek is op 29 febrewaris by ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema.
De ferskes
Clara Rullmann skreau tolve ferskes oer ûnderwerpen dy’t ticht by de belibbingswrâld fan jonge bern steane. Pedagogysk meiwurkers en learkrêften yn de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis hawwe meitocht oer de ûnderwerpen en de nije ferskes ek yn de praktyk úttesten. Doel wie dat de ferskes jonge bern oanmoedigje om mei te dwaan en te bewegen. Clara: “Muzyk is ûnmisber yn ’e ûntwikkeling fan jonge bern. Troch meimekoar te sjongen en te dûnsjen stimulearrest de taalûntwikkeling, en hast tagelyk in hiel soad wille!”
Njoggen bern, learlingen fan ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema en dielnimmers oan it Berne- iepenloftspul, songen de ferskes yn by Sytse Broersma fan Noorderzon Muziekproducties, ûnder lieding fan Joke Krist. De arranzjeminten fan de ferskes binne makke troch Peter van der Zwaag.
It boek
Yn it boek steane de tolve ferskes en tolve bypassende ferhaaltsjes op rym. It boek kin ûnder it sjongen en fertellen rjochtop delset wurde, sadat de bern de prachtige yllustraasjes fan Marijke Klompmaker ek besjen kinne. By alle ferskes en ferhaaltsjes wurde praat- en aktiviteitetips jûn dy’t passe by it tema. Mei in QR-koade yn it boek komst by de online lokaasje dêr’t de ferskes te belústerjen binne en ek de blêdmuzyk downloaden wurde kin. It boek is makke mei subsydzje fanút it Taalplan Frysk. Pjutte-opfanglokaasjes en learkrêften yn de ûnderbou kinne it boek fergees oanfreegje fia www.tomke.frl.
De presintaasje
Op 29 febrewaris 2024 om 13.30 oere is de presintaasje fan it nije ferskeboek ‘Foar alles in ferske!’ op ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema. Clara Rullmann sil dêr it earste eksimplaar fan it boek yn ûntfangst nimme, tagelyk mei de bern dy’t de ferskes ynsongen hawwe. Foarôfgeand oan de presintaasje fersoargje Willy van Assen en Wytske Bouwma in clinic, dêr’t sy yn sjen litte hoe’t it boek en de ferskes ynset wurde kinne. Oare pjutte-opfanglokaasjes en skoallen koene de ôfrûne tiid al meidwaan oan in winaksje om ek sa’n clinic te bemachtigjen. Yn totaal wurde der tsien clinics weijûn.
It Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen yn Ljouwert, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, hat op ’e nij in Europeeske subsydzje takend krigen. Mei dizze stipe út it Erasmus+ programma foar ûnderwiis & training, jeugd en sport, sil Mercator it projekt Read with MEE koördinearje, dat as doel hat om lêsfeardigens by jonge meartalige bern te stimulearjen en lykweardige edukative kânsen te befoarderjen. It projekt wurdt útfierd yn oparbeidzjen mei partners út Fryslân (NHL Stenden Hegeskoalle en 8D Games), Ierlân, België en Spanje.
Read with Multilingual Early Education (Read with MEE)
Oan ’e ein fan desimber set it Europeeske projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) útein. Read with MEE wol de belangrike lêsfeardigens by jonge meartalige bern (tusken de 2 en 6 jier âld) stimulearje en lykweardige edukative kânsen kreëarje. De klam fan it projekt leit by bern dy’t in nasjonale, regionale, migrante- of flechtlingeminderheidstaal prate. Dêrby kin yn Fryslân bygelyks tocht wurde oan Fryske, Biltske, Turkske of Oekraynske bern.
It projekt hat as doel om a) kennis te fergrutsjen oer in ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens, b) ymplemintaasje en ynklúzje fan meartalige lêsfeardigens op foarskoalsk ûnderwiis en thús te stypjen, en c) in positive hâlding te ûntwikkeljen wat taalferskaat en thústalen oangiet.
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen sil dit nije Erasmus+ projekt koördinearje. Partners yn it projekt binne ATiT (België), NHL Stenden Hegeskoalle (Ljouwert), 8D Games (Ljouwert), Trinity College Dublin (Ierlân) en Universidad del País Vasco (Spanje).
Read with MEE wurdt stipe troch de Europeeske Uny mei in bedrach fan €400.000,-.
foto: Pixabay
Oer Mercator en de Fryske Akademy
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje oer regionale en minderheidstalen yn Europa. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa.
De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren; it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf. Fan septimber 2023 oant septimber 2024 fiert de Fryske Akademy it 85-jierrich jubileum.
It SFBO Kennissintrum Meartaligens Jonge Bern (fierder SFBO) makket him al sûnt de njoggentiger jierren tige fertsjinstlik as ynformaasje-, kennis- en stipepunt op it mêd fan meartaligens en taalstimulearing yn de foarskoalske perioade. Benammen op it mêd fan it begelieden fan Frysk- en twatalige pjutte- berne-opfang is it SFBO tige warber. Sa’n 275 foarskoalske foarsjenningen, rûnom yn Fryslân, wurkje hjoed-de-dei mei in formeel twatalich belied, en dat tal wurdt noch alle jierren heger. Mei tank oan it SFBO komme skoalbern al jong mei it Frysk yn oanrekking.
Op basis dêrfan hat de Ried fan de Fryske Beweging, dy’t him ynset foar it behâld fan de Fryske taal en kultuer, besletten om syn heechste ûnderskieding, de “Fear yn de Broek”, yn 2022 ta te kennen oan it SFBO. De Fear bestiet út in hânmjittich ynkleure linofyk fan byldzend keunstner Fedde Hoekstra en in oarkonde.
De Fear sil op woansdei 2 novimber 2022 om 10.00 oere op feestlike wize troch de Ried oanbean wurde oan SFBO-direkteur Sytske de Boer op berne-opfang It Bernetreintsje op it Hearrenfean, in suksesfol foarbyld fan hoe’t jonge bern yn it Frysk opheind wurde
De Betelgeuze hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Sy wurkje mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Op 28 septimber wie it dêrom feest. Dat feest stie folslein yn it teken fan it libben op de buorkerij mei allerhande tapaslike aktiviteiten. Dêrby ûntbleate wethâlder Chris van Hes it sertifikaat. Hy hat by de Fryske Marren it Frysk taalbelied yn syn portefeuille.
By it sertifisearringstrajekt kriget De Betelgeuze begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd. De Betelgeuze is de earste opfanglokaasje fan de Lemmer dy’t dit sertifikaat behellet.
It sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ is útrikt troch wethâlder Chris van Hes. Foto: SFBO
De pedagogysk meiwurkers fan de Betelgeuze wurkje mei dúdlike taalôfspraken. Se brûke konsekwint ien taal, it Frysk of it Nederlânsk. Dêrby soargje sy dat der in grut oanbod is fan de Fryske taal. Dizze wurkwize soarget foar in optimale twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern.
De Betelgeuze is ûnderdiel fan de koepel Doomijn. Sy biede berne-opfang oan yn Noard en Midden Nederlân. Se hawwe ek in oantal lokaasjes yn Fryslân, dy’t foar in grut part mei it twatalich belied wurkje.
By de fisitaasje hawwe twa leden fan de kommisje sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling. De kommisje skriuwt yn har rapport:
“Op it bernedeiferbliuw De Betelgeuze binne de pm‘ers posityf en motivearre dwaande mei it taalbelied. Troch de wikseling fan kollega’s en ynfallers is it in komplimint dat de pm’ers it taalbelied sa oerein hâlde en harren ynsette om te kommen wêr’t sy no binne. It strukturearre oanbieden fan beide talen bliuwt ek foar de takomst in moaie útdaging.”
Pjutte-opfang ‘t Plankje yn Balk wurket al sûnt 2004 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn it ferline hawwe sy dêr in sertifikaat foar behelle. Elke trije jier wurdt op ‘e nij besjoen oft der noch altyd neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurke wurdt. By ‘t Plankje wie dat wer sa en sy hawwe it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ op ‘e nij foar trije jier fertsjinne.
‘t Plankje en twatalichheid
Pjutte-opfang ‘t Plankje is sûnt 2021 ûnderdiel fan de organisaasje SKIK Kinderopvang. Dy organisaasje fersoarget ûnder oaren berne- en pjutte-opfang yn De Fryske Marren. Op 17 pjuttelokaasjes en 4 bernedeiferbliuwen wurdt wurke mei in twatalich belied.
Tineke Vlietstra, Rozina van der Lagemaat, Marijke Nijholt, Corien Leenstra en Elly Apperloo sette harren yn om it twatalich belied goed del te setten yn Balk. Op lokaasjes dy’t wurkje mei in twatalich belied, prate pedagogysk meiwurkers konsekwint ien taal. Dat wol sizze dat der net tusken it Frysk en it Nederlânsk skeakele wurdt. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en eventueel meardere talen leare. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen.
fisitaasjekommisje
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by ‘t Plankje west te sjen. Der wurdt sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkling. De kommisje skriuwt oer dat lêste ûnderwerp yn har rapport ûnder oaren: ‘Mei-inoar hat dit team in bult ûnderfining yn it begelieden fan (meartalige) jonge bern. Dit team hat hiel bewust en dúdlik in wurkwize dêr’t romte is foar ûnderlinge ûnderfinings út te wikseljen, inoar skerp te hâlden yn hoe’t se mei bern wurkje en wurkje wol, en boppedat hoe’t se de âlden dêr yn meinimme kin.’
Foto: SFBO
By it sertifisearringstrajekt krijt ‘t Plankje begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.
Op woansdei 29 septimber wie it feest by Thuishuis Stap foar Stap op ‘e Jouwer. Sûnt oktober 2018 wurket de lokaasje mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe de ôfrûne jierren begelieding hân om it twatalich belied foarm te jaan, passend by har eigen wurkwize. Dat trajekt is no ôfrûne en sy hawwe it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Om dat te fieren kaam Riemkje Pitstra nei de lokaasje, om in Tomke-foarstelling te fersoargjen. Oanslutend hat sy it sertifikaat oan eigner Elizabeth Quartel-Amsterdam oerlange. Foar de oanwêzige bern en âlden wie der in hapke en in drankje.
Thuishuis Stap foar Stapp en twatalichheid
Thuishuis Stap foar Stap is in partikuliere berne-opfang op ‘e Jouwer. De lokaasje is fêstige yn fersoargingshûs De Flecke. Oant en mei augustus 2021 wiene der twa groepen, ien foar bern fan 0 oant 4 jier en in groep foar bûtenskoalske opfang. Sûnt dit skoaljier wurdt der ek pjutte-opfang bean. By dy groep wurdt ek it twatalich belied trochsetten.
It wurkjen mei in twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje sa út: guon pedagogyske meiwurksters prate konsekwint Frysk mei alle bern en guon pedagogyske meiwurksters prate konsekwint Nederlânsk mei elkenien. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.
Sertifisearringstrajekt
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Thuishuis Stap foar Stap west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. By it sertifisearringstrajekt krijt Thuishuis Stap foar Stap begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.