Bonêre stribbet nei bettere beskerming Papiamentu

Op 18 desimber hâldt Bonêre in referindum oer de relaasje mei Nederlân
Neffens it nije boekje Trends in the Caribbean Netherlands fan it CBS is it eilân Bonêre fjouwertalich. Hast 90 % fan de 18.905 Bonairianen praat Papiamentu. Foar 64 % is it de earste taal en de taal dy’t se it faakst prate. Mear as 70 % kin Ingelsk prate, mar dat is mear in taal foar der by, benammen in taal om saken te dwaan mei de Amerikanen dy’t fanôf in grut cruiseskip op it eilân omstappe en in taal om mei de rest fan de wrâld te kommunisearjen. Tusken 70 en 80 % kin Nederlânsk prate. Dy taal wurdt krekt wat mear brûkt as it Ingelsk, mar wer folle minder as it Papiamentu. It Spaansk is, as je nei de persintaazjes sjogge, sawat like belangryk as it Nederlânsk. Dy posysje hat alles te krijen mei ymmigranten út lannen as Venezuela en Kolombia en saaklike kontakten mei dy lannen. Bonairianen geane bygelyks geregeld yn Kolombia nei it sikehûs. Continue reading “Bonêre stribbet nei bettere beskerming Papiamentu”

De Harkema lit trijetalich ûnderwiis sjen oan Bonêre

Foto: Omrop Fryslân, Margaretha Bijleveld
Fryske meartalige skoallen binne in foarbyld foar it eilân Bonêre. It eilân is sûnt 2010 in Nederlânske gemeente. Trijetalige basisskoalle ‘T Holdersnêst fan De Harkema krige moandei besite fan in delegaasje fan de Akademia Papiamentu en de organisaasje SPLIKA.

De organisaasjes sette harren yn foar de taal Papiamentû op de eilannen. Dêr wurdt no in soad Nederlânsk ûnderwiisd en de Bonêrianen wolle net dat harren taal Papiamentû fergetten wurdt. Lykas yn Fryslân hoopje sy in meartalige skoalle op te setten. Continue reading “De Harkema lit trijetalich ûnderwiis sjen oan Bonêre”

Delegaasje fan Bonêre en Splika bringe wurkbesite oan trijetalich Fryslân

Is it trijetalich ûnderwiis op De Harkema in foarbyld foar Bonêre?

In delegaasje fan de Akademia Papiamentu (koart A’PAPIA) fan it eilân Bonêre en de Antilliaanske organisaasje SPLIKA bringe fan 13 oant 15 septimber op útnoeging fan it EBLT in wurkbesite oan Fryslân om harren te ferdjipjen yn it trijetalich basisûnderwiis en de ferskate learmiddels dy’t hjirfoar brûkt wurde. De delegaasje leit de besite ôf op fersyk fan it eilânbestjoer fan Bonêre om te ûndersykjen oft it trijetalige model ek tapast wurde kinne soe op it eilân en hjirta de nedige kontakten te lizzen. It is foar it earst dat in offisjele delegaasje út Karibysk Nederlân mei dit doel in wurkbesite oan Fryslân ôfleit.

Op moandei 14 septimber sil de delegaasje it hiele moarnsskoft meidraaie op trijetalige basisskoalle ‘t Holdersnêst op De Harkema. It giet hjirby om in ynteraktive besite. De delegaasje komt net allinnich om te sjen en te harkjen, mar sil ek in gastles oer it eilân Bonêre fersoargje en fragen fan jonge Harkiten beantwurdzje. De delegaasje wurdt oanslutend op it Provinsjehûs ûntfongen troch deputearre Sietske Poepjes fan taal, kultuer en ûnderwiis en sil fierder ek kontakten lizze mei ferskate Fryske organisaasjes lykas de AFUK, it Taalsintrum Frysk fan Cedin, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân.

Continue reading “Delegaasje fan Bonêre en Splika bringe wurkbesite oan trijetalich Fryslân”