De Harkema lit trijetalich ûnderwiis sjen oan Bonêre

Foto: Omrop Fryslân, Margaretha Bijleveld
Fryske meartalige skoallen binne in foarbyld foar it eilân Bonêre. It eilân is sûnt 2010 in Nederlânske gemeente. Trijetalige basisskoalle ‘T Holdersnêst fan De Harkema krige moandei besite fan in delegaasje fan de Akademia Papiamentu en de organisaasje SPLIKA.

De organisaasjes sette harren yn foar de taal Papiamentû op de eilannen. Dêr wurdt no in soad Nederlânsk ûnderwiisd en de Bonêrianen wolle net dat harren taal Papiamentû fergetten wurdt. Lykas yn Fryslân hoopje sy in meartalige skoalle op te setten.

De delegaasje kaam net allinnich om te sjen en te harkjen, mar joech ek in gastles oer it eilân Bonêre en beantwurde fragen fan de learlingen fan de basisskoalle.

De Bonêrianen mei deputearre Poepjes
De delegaasje waard moandei op it Provinsjehûs ûntfongen troch deputearre Sietske Poepjes en hat dêrnei kontakten lein mei ferskate Fryske organisaasjes lykas de AFUK, it Taalsintrum Frysk fan Cedin, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân. Op moandeitejûn organisearre it EBLT ek noch in iepenbiere Frysk-Karibyske jûn oer meartaligens yn Tresoar. Hjir hat de delegaasje fan Bonêre hjir mear fertelt oer de bysûndere situaasje op it meartalige eilân.

Boarne: Omrop Fryslan, sjoch op harren pagina foar in nijsgjirrich filmke oer de besite oan de Trijetalige skoalle yn De Harkema.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *