Twa nije útjeften yn de literêre rige ‘Minsken en Boeken’ ferskynd

Yn de rige ‘Minsken en Boeken’ fan de Fryske Akademy binne okkerdeis twa nijsgjirrige útjeften by útjouwerij Afûk ferskynd. Wêr bliuwe de froulju? is in ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023) fan Janneke Spoelstra. Yn Hor c’heneiled vreizhat-Us Bretonske freonen fan Alderik H. Blom hannelet oer de betrekkingen tusken de Fryske en Bretonske beweging fan ca. 1946 -1958.

Conference on Frisian Humanties 2025. Foto: Ydwine R. Scarse

Wêr bliuwe de froulju?
In ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023) fan Janneke Spoelstra

Wat it is, of wêze kin, om jin te bejaan yn ’e Fryske literatuer, en dan spesifyk foar froulju, dêr giet dit boek oer. Wêr komt de ynspiraasje wei? Wat binne de hindernissen? Binne de kânsen foar elkenien like grut? Hoe sit it mei de genderbalâns yn ’e Fryske poëzy? Hoe sjocht de Fryske literêre ljedder derút? Skriuwe manlju mear as froulju? Publisearje froulju minder gau? Wêrom is de Gysbert Japicxpriis foar poëzy sûnt 1986 noch net ienkear wer nei in frou gien? Hoe sjogge de ynterviewde froulju nei dizze saken?

Dit boek is in update fan Jelma Sytske Knol har boek, ‘út syn aerd wei froulik’, de Fryske dichteressen en it misferstân (1993), mar hat syn eigen oanpak en útwurking. Om in byld te sketsen fan hoe’t it fierder gien is mei de froulju yn ’e Fryske literatuer, en dan benammen yn de Fryske poëzy, ynterviewde Janneke Spoelstra tsien fan harren, kollega-dichters, want se dichtet sels ek. Spoelstra skreau ek in ynlieding by de ynterviews en skôge de antwurden.

Fan novimber 2022 oant en mei jannewaris 2024 hie Spoelstra ynterviews mei Aggie van der Meer, Ytje Hoekstra, Albertina Soepboer, Margryt Poortstra, Tine Bethlehem, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Grytsje Schaaf, Lida Dykstra en Janna van der Meer.

Hor c’heneiled vreizhat-Us Bretonske freonen
Betrekkingen tussen de Friese en Bretonse beweging ca. 1946-1958 fan Alderik H. Blom

In juni 1948 publiceerde het toentertijd pas opgerichte Friese literaire tijdschrift De Tsjerne een speciaal themanummer dat geheel gewijd was aan de Keltischtalige Bretonse minderheid in Frankrijk.

In de ruim tien jaar die volgden werd Bretagne, met zijn taal en literatuur, zelfs tot een regelmatig terugkerend thema in De Tsjerne en andere Friestalige tijdschriften. Bovendien bracht op zijn beurt het toonaangevende Bretonse tijdschrift Al Liamm in 1951 een soortgelijk themanummer uit, dit keer helemaal gewijd aan Fryslân, met bijdragen van de belangrijkste figuren in de Friese beweging van die tijd. Ook Al Liamm bleef de culturele ontwikkelingen in Fryslân volgen tot ver in de jaren zestig.

Hoe is deze cultureel vruchtbare maar nagenoeg vergeten uitwisseling tot stand gekomen, en met welk doel? Wie waren de centrale Bretonse en Friese figuren in deze poging om meteen na de Tweede Wereldoorlog taalminderheden in Europa dichter bij elkaar te brengen? De culturele en politieke context van het na-oorlogse Europese federalisme, het problematische oorlogsverleden van de beide bewegingen, en de persoonlijke netwerken die de achtergrond vormden van deze Bretonse en Friese uitwisseling zijn de centrale kwesties die in dit boek ter sprake komen.

Naast de vele tijdschrift- en krantenartikelen in zowel het Bretons als het Fries, maar ook in het Frans en Nederlands, zal de tot dusver niet gepubliceerde briefwisseling tussen de belangrijkste figuren in deze Fries-Bretonse uitwisseling centraal staan, met uitstapjes naar Ierland, Wales, Noord-Friesland en Italië.

Alderik H. Blom is hoogleraar Keltologie aan de Philipps-Universität Marburg in Duitsland.

Boekgegevens

  • Wêr bliuwe de froulju?
  • Auteur: Janneke Spoelstra
  • Utfiering: paperback
  • ISBN: 978 949 331 8687
  • Taal: Frysk
  • Ferkeappriis: € 22,50
  • Tal siden: 256
  • Utjouwer: Afûk/Fryske Akademy
  • Hor c’heneiled vreizhat – Us Bretonske freonen
  • Auteur: Alderik H. Blom
  • Utfiering: paperback
  • ISBN: 978 949 331 8656
  • Taal: Nederlands
  • Ferkeappriis: € 26,50
  • Tal siden: 199
  • Utjouwer: Afûk/Fryske Akademy

Autumn Seminar “Rewriting our story”

Guon aktiviteiten wurde stadichoan wer oppakt, sa ek de ynternasjonale kontakten.

De YEN sil Autumn Seminar “Rewriting our story” organisearje fan 1-7 novimber yn Lorient, Brettanje, Frankryk.

De seminar wurdt mei-organisearre troch Kenstroll Breizh , de Betonske jongereinferiening.

Wolsto in wike lang mear oer de Bretonske minderheid leare, Europeeske taalminderheden moetsje en leuke workshops folgje? Jou dy dan op fia it FYK.

Every day we are surrounded by stories and narratives that influence how we think about other people, society, and the world. Most of the time we only listen to those who are the loudest, the most powerful or have the best networks. Sadly, this often means that only one-sided, over-simplified or wrong stories are told about marginalised communities.

The Seminar will focus on the exploration and reflection of storytelling while providing concrete and creative tools for the creation of their own stories.

De seminar is iepen foar jongerein (16-30 jier) en de fiertaal sil Ingelsk wêze. Mear ynformaasje oer de workshops, de omjouwing en de koroanamaatregels binne beskikber. De kosten om diel te nimmen binne €100,-, foar de akkomodaasje, iten en de aktiviteiten fan dy wike. Reiskosten wurde foar in part fergoede. Foar finansjele help is oerlis altyd mooglik. Mear ynformaasje opfreegje, fragen of dy opjaan? Mail it FYK

De deadline om dy op te jaan (fia it FYK) is 3 oktober.

Sukses foar Bretonsktalige skoallen

De folslein Bretonsktalige skoallen fan de koepel Diwan binne in sukses. De iene nei de oare skoalle wurdt iepene. Der binne al fjirtich fan sokke skoallen yn Bretagne en ien yn Parys. It tal learlingen oan dy skoallen is it ôfrûne jier mei 3,24% stiigd. De basisskoallen krigen der 2,64% learlingen by en op ‘e skoallen foar fuortset ûnderwiis wie de groei sels 4,65%. Ien skoalle foar fuortset ûnderwiis, it Diwan-lyseum yn Carhaix/Karaez, krige der sels 10,0% learlingen by. Mei 333 learlingen sit dy skoalle oan de top fan syn kapasiteit. De skoalle heart troch de hege eineksamenresultaten by de bêsten fan hiel Frankryk. Continue reading “Sukses foar Bretonsktalige skoallen”