Op freed 21 febrewaris, de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes, presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film mei elkoar de priiswinnende Fryske film Bûtendyk. Dizze film fertelt it bysûndere ferhaal fan Tsjerk Visser út Wierum, de 91-jierrige heit fan makkers Geertrui en Sjoukje Visser, dy’t noch eltse wike op it fiskersskip fan syn soan de see op giet. De film hat de priis foar bêste amateurfilm wûn fan de Noorderkroonkompetysje fan it Noordelijk Film Festival. Njonken Bûtendyk presintearje EBLT, Mercator en Slieker Film noch twa oare koarte films út Baskelân en Puglia yn Súd-Italië.
Continue reading “EBLT, Mercator en Slieker Film presintearje Bûtendyk, Anti en Evò ce Esù op Ynternasjonale Memmetaaldei”