ChristenUnie wol gjin besunigings op Omrop Fryslân

Foto: Omrop Fryslân
Der moat net besunige wurde op Omrop Fryslân. Dat seit Twadde Keamerlid Gert Jan Segers fan de ChristenUnie. Segers wol dat de Omrop bûten de besunigings fan steatssekretaris Dekker hâlden wurdt, fanwege it feit dat it Frysk de twadde rykstaal fan ús lân is. In totale, alsidige programmearring soe behâld fan it Frysk betsjutte, sa stelt Segers.

Tegearre mei it CDA hat de ChristenUnie mei in moasje de steatssekretaris oproppen om net te besunigjen op de Omrop. Continue reading “ChristenUnie wol gjin besunigings op Omrop Fryslân”

CU yn aksje foar omrop yn EP

Foto: Omrop Fryslân
De Europeeske fraksje fan de ChristenUnie makket him sterk foar in ûnôfhinklike posysje fan Omrop Fryslân. Dat seit CU-listlûker Peter van Daalen. Yn de nije Mediawet steane plannen om de regionale stjoerders ûnder te bringen by de Nederlânske Publike Omrop NPO. Dy kin dan bepale wannear’t wat útstjoerd wurdt. Dêrmei komt neffens de ChristenUnie de ûnôfhinklike posysje fan de Omrop yn gefaar.

Van Daalen ûnderskriuwt de belangryke posysje fan de Omrop as it giet om de Fryske taal en kultuer. Dêrfoar is in ûnôfhinklike posysje nedich.

Boarne: Omrop Fryslân