ChristenUnie wol gjin besunigings op Omrop Fryslân

Foto: Omrop Fryslân
Der moat net besunige wurde op Omrop Fryslân. Dat seit Twadde Keamerlid Gert Jan Segers fan de ChristenUnie. Segers wol dat de Omrop bûten de besunigings fan steatssekretaris Dekker hâlden wurdt, fanwege it feit dat it Frysk de twadde rykstaal fan ús lân is. In totale, alsidige programmearring soe behâld fan it Frysk betsjutte, sa stelt Segers.

Tegearre mei it CDA hat de ChristenUnie mei in moasje de steatssekretaris oproppen om net te besunigjen op de Omrop.

Boarne: Omrop Fryslân

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *