Taalkundedei 2021 Fryske Akademy

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier de 11e Dei fan de Fryske Taalkunde, as ûnderdiel fan de ‘Myn Taal’-fiering om Kneppelfreed hinne.

De 11e Dei fan de Fryske Taalkunde is fan belang foar elkenien dy’t niget hat oan de stúdzje fan it Frysk yn brede sin. Resultaten fan histoarysk, sosjologysk en taalkundich ûndersyk binne wolkom, mar ek presintaasjes fan ûndersyksplannen, spekulaasjes en taalkorpora. Lêzingen meie jûn wurde yn alle Westgermaanske talen.

Fanwege de ‘Myn taal’- moanne is ‘Taalstriid’ it opsjonele kongrestema (konkurrinsje tusken talen, wurden of struktueren). Bydragen fan studinten binne, lykas altyd, fan herte wolkom. Ofhinklik fan it tal ynstjoeringen sil der ek in postersesje wêze.

Wannear: freed 19 novimber 2021, 10.00-1700 oere
Plak: Fryske Akademy (seal Sânwâlden of as it nedich fanwegen de koroanasitewaasje online)
Organisaasje: Taalkundich Wurkferbân
Opjefte: fia Eric Hoekstra

Oprop foar lêzingen

Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen).

De Fryske Akademy ropt elk hjirby op om him/har oan te melden foar in lêzing. Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst op woansdei 1 septimber – in gearfetting fan in heale A4, mei namme en adres, nei Eric Hoekstra (skriuwer fan it Wurkferbân):

De Fryske literatuer as neilittenskip fan Gysbert Japix

Dei fan ’e Fryske Letterkunde:
De Fryske literatuer as neilittenskip fan Gysbert Japix

gysbert-wobbelkeOp freed 7 oktober 2016 is it 350 jier lyn dat it testamint fan ’e ‘Fryske Shakespeare’ Gysbert Japix foarlêzen waard. De Fryske Akademy grypt dy gelegenheid oan om yn Ljouwert de earste Dei fan ’e Fryske Letterkunde te organisearjen. De dei wurdt iepene troch klassikus en dichter Piet Gerbrandy, dy’t in lêzing hâlde sil oer de fraach wat oft Gysbert Japix de hjoeddeiske lêzer te bieden hat. Gerbrandy is ferneamd troch syn dichtwurk en syn ûnderhâldende essees en besprekken oer poëzij en oer de literatuer fan ’e âlde Griken en Romeinen.

De Dei fan ’e Fryske Letterkunde wol net allinnich in poadium wêze foar it fersprieden fan kennis oer de Fryske literatuer en letterkunde, mar ek in gelegenheid om it netwurk te ferstevigjen, sawol fan kenners fan ’e Frysktalige letteren as kenners fan Nederlânske of oarstalige letteren. Op ’e Dei is ek romte foar diskusje oer hoe’t de kennis fan Fryske literatuer ferbrede en grutter makke wurde kin.

It folsleine programma sil oer in wikemannich op www.fryske-akademy.nl/letterkundedei publisearre wurde.

Yn ’e Dei fan ’e Fryske Letterkunde arbeidzje de Fryske Akademy, Tresoar, Afûk, tydskrift De Moanne en it lektoraat Frysk en meartaligens fan ’e NHL Hegeskoalle mei-inoar op. It fynt plak yn it ramt fan it 350ste betinkingsjier Gysbert Japix.

Boarne: Fryske Akademy

Ferskaat oan bydragen op 6de Dei fan de Fryske Taalkunde

Fan ‘woordfinale ‘sk’- cluster in het Fries’ oant ‘Sokssawat yn it Hilgelânsk’ 

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret op freed 25 oktober de 6de Dei fan de Fryske Taalkunde. De dei wurdt holden yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert, fan 9.30-17.00 oere. Elk dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk, of dêryn ynteresearre is, is fan herten wolkom. Opjaan foar dizze dei kin by de Fryske Akademy.

Continue reading “Ferskaat oan bydragen op 6de Dei fan de Fryske Taalkunde”