Simmerkampen op Skylge (10-15 jier)

Dizze simmer organisearret de Folkshegeskoalle wer trije Simmerkampen. De middengroep sit fol, mar der binne noch wat plakjes frij foar de oare groepen. Dit jier hawwe wy aktiviteiten lykas in nachtlike Dark Sky-tocht, klimmen yn it Klimbosk en de krea-bea workshop “Maak je eigen souvenir”.

  • Simmerkamp 1 (10 en 11 jier): 21 – 26 july 2024. Priis fol pension € 316,-
  • Simmerkamp 2 (12 en 13 jier): 28 july – 2 augustus 2024. Priis fol pension € 341,-
  • Simmerkamp 3 (14 en 15 jier): 25 – 30 augustus 2024. Priis fol pension € 369,-

De priis is ynklusyf boattickets en fyts, alle mielen en in wike fol ûnferjitlike ûnderfiningen!

Mei nije freonen op aventoer

Ferbliuw midden yn ‘e bosk, tichtby de see, dêr’t dy nije freonen meitsje en op aventoer gean mei de kamplieding. Genietsje fan libjend stratego yn ‘e dúnen, lit dyn talint sjen wilens de bunte jûn of ûntdek de magy fan in nachtlike Dark Sky-kuier.

opjefte

Wolst in bern sa’n prachtige wike jaan, mar hast net genôch finansjele middels? Nim dan kontakt mei ús op. Wy jouwe graach in helpende hân.

Sjoch foar mear ynformaasje op ús webside of meld dy gau oan fia info@folkshegeskoalle.nl of skilje mei 0562-448954.

75 jier Folkshegeskoalle: winaksje.

Hoera! De Folkshegeskoalle bestiet dit jier mar leafst 75 jier! Dêrom is der in winaksje: stjoer dyn moaiste ferhaal yn en win in wykeintsje Skylge!

Winaksje: stjoer dyn moaiste ferhaal yn en win in wykeintsje Skylge!aksje

Wy binne op syk nei 75 jier oan ferhalen! Troch de jierren hinne is de Folkshegeskoalle op ferskate flakken feroare, groeid mar ek itselde bleaun. Fan it Folkshegeskoalle-gefoel yn de sliepsealen oant in fernijd, mar smûk Bopperom. It idee efter de Folkshegeskoalle is altyd itselde bleaun: wy wolle moetingen tusken minsken, persoanlike groei en edukaasje stimulearje.

Om it ferhaal fan 75 jier Folkshegeskoalle fertelle te kinnen, binne wy op syk nei jimme ferhalen. Freonskippen, mei-inoar ite, de bûnte jûn fan it Simmerkamp of in opbloeide românse: fertel it ús!

Win in wykein fuort!
Stjoer dyn ferhaal op nei info@folkshegeskoalle.nl. It meast hertferwaarmjende oantinken wint twa nachten fuort yn ien fan ús moaie akkomodaasjes, ynklusyf moarnsiten!

De winner meitsje we bekend yn oktober.

Akkie Feenstra nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân

Akkie Feenstra út Harns wurdt de nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Feenstra wurket no as senior kommunikaasje-adviseur by de Gemeente Ljouwert en lid fan it ekspertteam krisiskommunikaasje by Veiligheidsregio Fryslân. Earder wurke sy ûnder oaren by de gemeente Skylge. Sy folget yn oktober Jacqueline Spendel op, dy’t de Folkshegeskoalle ferlit om oan de slach te gean by it Fries Museum.

Akkie Feenstra bringt in soad ûnderfining mei op it mêd fan kommunikaasje, liedingjaan en belied. Sy wurket sûnt 2015 by de gemeente Ljouwert en wie dêrfoar ynterim teamlieder belied & regy en strategysk kommunikaasjeadviseur by de Gemeente Skylge. Earder wurke Feenstra yn ferskate kommunikaasjefunksjes yn de soarchsektor en wie sy wurksum yn it ûnderwiis en de hoareka.

Akkie Feenstra (Mitch de Pon)

Jitske de Hoop, foarsitter fan it bestjoer fan Folkshegeskoalle Schylgeralân: “Wy binne bliid mei Akkie Feenstra as belutsen en besiele nije direkteur. Njonken har ûnderfining bringt sy in breed netwurk mei, yn sawol de Fryske as de Skylger mienskip. Sy ken ek de identiteit en histoarje fan de Folkshegeskoalle út de perioade dat sy wenne en wurke yn Denemarken, dêr’t de folkshegeskoallen ûntstien binne.”

Akkie Feenstra: “Yn ús jierrenlange ferbliuw yn Denemarken, it lân fan Grundtvig en de Folkehøjskole, bin ik yn ‘e kunde kommen mei de Deenske tradysje om in jier op in højskole te wenjen. Folkshegeskoalle Schylgeralân stiet foar deselde idealen ek al giet it hjir om kursussen fan meardere dagen. Ik haw der in soad nocht yn om dy tradysje troch te setten en út te bouwen.”

De Hoop: “De Folkshegeskoalle bestiet dit jier alwer 75 jier en is noch hieltyd in ynspirearjend plak foar ûntwikkeling en moeting. Us organisaasje hat de ôfrûne jierren ûnder lieding fan Jacqueline Spendel, nettsjinsteande de Koroana-perioade, in moaie ûntwikkeling trochmakke. Wy binne as bestjoer grutsk op it team fan meiwurkers en frijwilligers en hawwe der alle betrouwen yn dat Akkie Feenstra yn ‘e mande mei harren dizze unike organisaasje én syn gasten bloeie litte kin.”

Oer de Folkshegeskoalle
Folkshegeskoalle Schylgeralân fersoarget en organisearret kursussen fan mear dagen en aktiviteiten mei in edukatyf of (sosjaal)kultureel karakter. Dêrneist binne yndividuele gasten en groepen wolkom foar in ferbliuw. De akkomodaasjes binne boud op én yn de (fûneminten fan) bunkers fan de âlde Atlantikwall. De Folkshegeskoalle is in moetingsplak midden yn de bosk fan Hoarne, mei woartels yn de Fryske mienskip. De Folkshegeskoalle is as iennige noch oerbleaune folkshegeskoalle unyk yn Nederlân.

Folkshegeskoalle Schylgeralân siket befleine direkteur

Bisto de direkteur dy’t past by in bysûndere organisaasje op in unyk plak? Dy’t belutsen, besiele en krêftdiedich is? En hasto affiniteit mei Skylge, de Fryske kultuer en toerisme? Lit it witte en sollisitearje nei de funksje fan direkteur fan de moaie Folkshegeskoalle Schylgeralân.

De filosofy fan de Folkshegeskoalle

In skoftke lyn joech de hjoeddeiske direkteur Jacqueline Spendel yn it ramt fan it 75-jierrige bestean in prachtich ynterview yn Terschelling Magazine. Se fertelt dêryn oer de filosofy fan de Folkshegeskoalle en hokker koers sy de ôfrûne jierren fearn hat.

Jacqueline sil ús yn oktober ferlitte om oan ‘e slach te gean mei in prachtige nije útdaging: It Fries Museum op Paad. It bestjoer fan de Folkshegeskoalle winsket har in soad gelok en sukses ta yn dy nije funksje en sil har positive en fleurige oanwêzichheid misse!
 
Wolsto in better byld krije fan wêr’t de Folkshegeskoalle foar stiet en fan it paad yn de ôfrûne jierren? Lês dan it hiele ynterview mei Jacqueline.

fakatuere

Reagearje kin oant en mei 11 july 2023. De earste petearen binne op freed 14 july 2023. Eventuele twadde petearen wurde pland yn de wike fan 17 july 2023.

besjoch de folsleine fakatuere hjir

Folkshegeskoalle hat fernijde moetingsplak

Nei in wikenlange ynset fan de Putsjeploech, Schildersbedrijf Haarsma en ús eigen team fan de Folkshegeskoalle is it Bopperom sa goed as klear.

nije Bopperom

It is in oaze fan rêst en gesellichheid, en boppe-al in plak foar moeting. De prachtige designtafels fan KILO Amsterdam, de hearlike sithoeke om de iepen hurd hinne en de plantewand meitsje it nije Bopperom hielendal ôf. De Folkshegeskoalle ferwolkommet elkenien graach wer yn ús fernijde húskeamer!

Fergaderje en moetsje yn it Bopperom

It Bopperom is in plak foar moeting. De seal hat plak foar maks. 60 man en is lykas ús oare sealromten te boeken foar groepen. De romte is gaadlik foar saaklike meetings, gearkomsten, bedriuwskursussen of famyljedagen. De Folkshegeskoalle fersoarget graach kofje, tee en lekkers.

Fasiliteiten:

  • Smart presintaasjeskerm
  • Lûdsynstallaasje
  • Pantrykeuken mei bar en kuolkast
  • Dakterras mei sinne
  • Iepen hurd
  • Eigen toiletten

Folskhegeskoalle

De Folkshegeskoalle Schylgeralân is in moetingsplak foar jong en âld. En in plak dêr’t minsken op ien of oare wize oan har ûntwikkeling wurkje kinne. In ferbliuws- en foarmingssintrum op in prachtich plak yn de Skylger bosk. We hawwe eigen kursussen, ûntfange famyljes, bedriuwen, skoallen en yndividuele gasten.

Kursusoanboad 2023 by Folkshegeskoalle

It liket wol as giet de tiid oan ‘e ein fan it jier nóch flugger. Foardatst it witst, is it nije jier al útein set. Faak wurde der troch bedriuwen en fûnsen dan passende slogans betocht, yn de foarm fan goede foarnimmens of tema’s. De Folkshegeskoalle Schylgeralân jout dêr graach harren eigen slinger oan: 2023 roppe sy út ta It jier fan de Ienriedigens.

It jier fan de Ienriedigens: kursusoanbbod 2023

Krekt omdat der fan alles oan de hân is yn ‘e wrâld, wolle sy sunich wêze op de lytse, mar och sa wichtige dingen yn it libben: weardefolle moetings, stilte, elkoar in lústerjend ear biede, efkes hearlik laitsje en mei-inoar ûntspanne. It kursusoanbod foar 2023 jout dêr alle romte ta. Sy hoopje dan ek dat sy jimme yn it nije jier wer moetsje meie.

Foar no winsket it hiele tiim fan de Folkshegeskoalle jimme in ienriedich 2023 ta!

Simmerseizoen by de Folkshegeskoalle

De Folkshegeskoalle Schylgeralân is wakker bliid dat sy wer gasten om harren hinne hawwe, dat sy fertroude en nije gesichten wolkom hjitte meie op it moaie plak by Hoarn, Skylge.

Der binne it kommende healjier nije kursussen – lykas de eigen workshop Spekstien – en in pear nije retrêtes. Dêrneist sjocht de Folkshegeskoalle út nei de populêre sjongwykeinen, kreative dagen en meditaasjegroepen. Der is genôch te kiezen foar elkenien út it programma!

Ek sûnder kursus is der alle romte foar in noflik ferbliuw op de Folkshegeskoalle. Ien fan de apparteminten is noch frij tusken woansdei 25 augustus en moandei 6 septimber.

Graach oant sjen op de Folkshegeskoalle!

De Folkshegeskoalle op Skylge organisearret in arranzjemint oer eilântalen yn it ramt fan LF2018

Mei fertellingen, film en de foarstelling ‘Pineboek’, in bewurking fan ‘De ynbylde sike’ fan Molière yn Aester dialekt.

Yn it wykein fan 17 novimber steane de libbene Skylger dialekten sintraal op de Folkshegeskoalle. Skylge hat mar leafst trije ûnderskate dialekten: it Meslânzers, it Aasters en it Westers. It Meslânzers is it dialekt fan Skylge mei it Nederlânsk as basis, de oare Skylger dialekten hawwe it Frysk as basis. Taalkundich ûndersiker Siebren Dyk fan de Fryske Akademy geat yn op de ûntjouwing fan dy lytse talen.
It programma fan twa dagen bestiet dêrneist út film, in kulturele kuier nei in einekoai en fansels it komyske toanielstik ‘Pineboek’ troch de Aaster Joonpraters.
It binne twa dagen fol taal en kultuer foar minsken mei taalgefoel en gefoel foar humor. Folslein fersoarge, yn de ûntspannen omjouwing yn de bosk by it strân. Continue reading “De Folkshegeskoalle op Skylge organisearret in arranzjemint oer eilântalen yn it ramt fan LF2018”