Akkie Feenstra út Harns wurdt de nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Feenstra wurket no as senior kommunikaasje-adviseur by de Gemeente Ljouwert en lid fan it ekspertteam krisiskommunikaasje by Veiligheidsregio Fryslân. Earder wurke sy ûnder oaren by de gemeente Skylge. Sy folget yn oktober Jacqueline Spendel op, dy’t de Folkshegeskoalle ferlit om oan de slach te gean by it Fries Museum.
Akkie Feenstra bringt in soad ûnderfining mei op it mêd fan kommunikaasje, liedingjaan en belied. Sy wurket sûnt 2015 by de gemeente Ljouwert en wie dêrfoar ynterim teamlieder belied & regy en strategysk kommunikaasjeadviseur by de Gemeente Skylge. Earder wurke Feenstra yn ferskate kommunikaasjefunksjes yn de soarchsektor en wie sy wurksum yn it ûnderwiis en de hoareka.
Jitske de Hoop, foarsitter fan it bestjoer fan Folkshegeskoalle Schylgeralân: “Wy binne bliid mei Akkie Feenstra as belutsen en besiele nije direkteur. Njonken har ûnderfining bringt sy in breed netwurk mei, yn sawol de Fryske as de Skylger mienskip. Sy ken ek de identiteit en histoarje fan de Folkshegeskoalle út de perioade dat sy wenne en wurke yn Denemarken, dêr’t de folkshegeskoallen ûntstien binne.”
Akkie Feenstra: “Yn ús jierrenlange ferbliuw yn Denemarken, it lân fan Grundtvig en de Folkehøjskole, bin ik yn ‘e kunde kommen mei de Deenske tradysje om in jier op in højskole te wenjen. Folkshegeskoalle Schylgeralân stiet foar deselde idealen ek al giet it hjir om kursussen fan meardere dagen. Ik haw der in soad nocht yn om dy tradysje troch te setten en út te bouwen.”
De Hoop: “De Folkshegeskoalle bestiet dit jier alwer 75 jier en is noch hieltyd in ynspirearjend plak foar ûntwikkeling en moeting. Us organisaasje hat de ôfrûne jierren ûnder lieding fan Jacqueline Spendel, nettsjinsteande de Koroana-perioade, in moaie ûntwikkeling trochmakke. Wy binne as bestjoer grutsk op it team fan meiwurkers en frijwilligers en hawwe der alle betrouwen yn dat Akkie Feenstra yn ‘e mande mei harren dizze unike organisaasje én syn gasten bloeie litte kin.”
Oer de Folkshegeskoalle
Folkshegeskoalle Schylgeralân fersoarget en organisearret kursussen fan mear dagen en aktiviteiten mei in edukatyf of (sosjaal)kultureel karakter. Dêrneist binne yndividuele gasten en groepen wolkom foar in ferbliuw. De akkomodaasjes binne boud op én yn de (fûneminten fan) bunkers fan de âlde Atlantikwall. De Folkshegeskoalle is in moetingsplak midden yn de bosk fan Hoarne, mei woartels yn de Fryske mienskip. De Folkshegeskoalle is as iennige noch oerbleaune folkshegeskoalle unyk yn Nederlân.