It Bilts, Frysk en it Nedersaksysk stiene op 10 maart 2016 op de wurklist fan de Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburch. EBLT-foarsitter en ‘native speaker’ Froukje de Jong hie de eare om foar de alderearste kear it ferhaal fan it Bilts te fertellen oan in ynteressearre groep fan mear as tritich Europarlemintariërs, fraksjemeiwurkers en lobbyïsten. De Ingelsktalige presintaasje fan De Jong waard simultaan oerset yn it Spaansk, Poals en Hongaarsk. It Bilts is foar de Intergroup nijsgjirrich, omdat de gemeente It Bildt yn febrewaris by it Ryk it fersyk yntsjinne om it Bilts op te nimmen yn it Europeesk Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen. Ut namme fan de Intergroup wie Europarlemintariër Nils Torvalds, in Sweedsktalige Fin, dêrby oanwêzich.
It Bilts waard presintearre as ‘in minderheid yn in minderheid’, mar dêrby ek de aktuele oanlieding: Troch de gemeentlike weryndieling wurdt it Bilts yn 2018 in minderheidstaal yn eigen gemeente. Foar in lykwichtich taalbelied yn de nije trijetalige gemeente Waadhoeke is it fan belang dat ek it Bilts erkend wurdt, sa lei Froukje de Jong út. Yn it publyk sieten ek in pear Friezen: Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea komplimintearre de Fryske delegaasje mei harren presintaasje. Ek FUEN-lobbyïst Frank de Boer wie by de gearkomste oanwêzich.
Continue reading “Biltse taal presintearre yn Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint”