Wy prate, sy harkje – Oer de rol fan taalbleatstelling yn betide meartalige ûntwikkeling. Dr. Krista Byers-Heinlein sil sprekke op it Mercator harkkolleezje meartaligens 2021, dat holden wurdt op 26 novimber.
Oer de hiele wrâld binne der in protte bern dy’t twa- of meartalich opgroeie en dy’t harren fan jongs ôf oan twa of mear talen eigen meitsje. De omstannichheden fan meartalige taalomjouwingen ferskille foar elk bern. It is belangryk om te begripen hoe’t dy ferskillen yn taalomjouwing ynfloed ha op de wize hoe’t de bern harren talen oanleare.
It harkkolleezje
Sprekker Dr. Krista Byers-Heinlein: Yn dizze presintaasje sil ik de rol beljochtsje fan taalkwantiteit en taalkwaliteit by it learen fan in taal en dan benammen troch bern fan 0 oant 5 jier âld. Om de rol fan kwantiteit te begripen lit ik sjen dat pjutten en beukers harren meartalige taalakwisysje ôfstimme op hoefolle sy fan elke taal hearre (taalinput). Dat doch ik mei resultaten fan ûndersiken nei spraakpersepsje, online wurdbegryp en wurdskatûntwikkeling fan sawol twataligen as trijetaligen. Om de rol fan kwaliteit te begripen sil ik my konsintrearje op de ynfloed fan code-switching, oftewol it skeakeljen tusken twa as mear talen, op it taallearen. Dat doch ik ûnder oaren troch nei de soarten fan code-switching yn uteringen fan âlden te sjen. Ek presintearje ik de resultaten fan ûndersiken oer de ferwurking fan uteringen mei code-switching troch twatalige beukers. De presintaasje wurdt ôfsletten mei in diskusje oer wat dy ynsjoggen betsjutte foar it taalbelied en de professionals dy’t mei jonge meartalige bern wurkje.
Oer de sprekker
Dr. Krista Byers-Heinlein is heechlearaar by de ôfdieling psychology op ’e Concordia University yn Montreal, Kanada. Sy beset de learstoel Concordia University Research Chair in Bilingualism and Open Science. Se jout dêr ek lieding oan de Concordia Infant Research Lab.
Mercator harkkolleezje meartaligens 2021
Datum: Freed 26 novimber 2021
Tiid: 16.15-17.30 oere
Lokaasje: Zoom (it bywenjen fan it harkkolleezje is fergees, mar registraasje is nedich)
Taal fan it kolleezje: Ingelsk