Nij ferskynd by de Afûk: ‘Boer Boaris’ & ‘Joazefine yn ’e rein’

Op 9 septimber sette de Lês-mar-foar-wiken útein. Oant en mei 27 septimber is der yn de hiele provinsje ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk. Dêrom komme der by de Afûk krekt dizze wike twa nagelnije Fryske foarlêsboeken út: Boer Boaris en Joazefine yn ’e rein. Beide boeken binne fan hjoed ôf te keap.

De printeboeken kinne moai foarlêzen wurde fan 9 oant en mei 27 septimber (en dêrnei fansels ek noch), want se slute goed oan by it tema ‘eigenwiis’ fan de Lês-mar-foar-wiken. Joazefine en Boer Boaris binne beide lekker eigenwiis! Foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.

De twa nije foarlêsboeken slute moai oan by it tema ‘eigenwiis’ fan de Lês-mar-foar-wiken

Boer Boris – no ek yn it Frysk!

‘Boer Boris’ is in populêre Nederlânske printeboekesearje fan Ted van Lieshout en Philip Hopman. Der binne al ferskate dielen oer dat oandwaanlike boerke ferskynd en de searje is ek meardere kearen yn ’e prizen fallen. De Fryske oersetting is makke troch Eppie Dam. De pakesizzer fan dichter en (berneboeke)skriuwer Eppie Dam is nammentlik gek op Boer Boris en Dam woe dan ek graach de oersetting fersoargje. Ein oktober ferskynt ek noch in twadde diel fan Boer Boris yn it Frysk: ‘Boer Boaris en de sniepop’.

Boer Boaris hat in buorkerij
en dêr hearre in hiel soad dingen en bisten bij.
Sjoch, lês en tel mar mei!


Joazefine yn ’e rein – it fjirde Joazefine-boek

Ek it twadde printeboek dat yn dizze Lês-mar-foar-wiken ferskynt, spilet him op ’e buorkerij ôf: Joazefine yn ’e rein. De ko Joazefine wurdt sa stadichoan al in bekende ferskining yn Fryslân, want dit is al it fjirde diel dat yn it Frysk útkomt.

Joazefine hie krekt sa’n sin oan de speurtocht. Mar no reint it dat it spielt en sy en har freonen sitte har binnen te ferfelen. Of toch net? Net mei Joazefine! Dy kriget in geweldich idee en sa begjint in spannende speurtocht troch it hûs. En bûten is it ek sa slim noch net. Troch de plassen stampe is leuk! Dweiltrochwiet steane se by de postboade foar de doar. Mar oft dy de hiele wiete bisteboel deryn lit?

boekgegevens

Boer Boaris

  • Tekst: Ted van Lieshout
  • Yllustraasjes: Philip Hopman
  • Oersetting: Eppie Dam
  • Utfiering: ynbûn, 28 siden
  • Leeftiid: 3+ ISBN: 978-94-93318-41-0
  • Ferkeappriis: € 14,99

Joazefine yn ’e rein

  • Tekst en yllustraasjes: Alexander Steffensmeier
  • Utfiering: ynbûn, 28 siden
  • Leeftiid: 4+
  • ISBN: 978-94-93318-44-1
  • Ferkeappriis: € 16,95

www.websjop.afuk.frl

Hiel Fryslân lêst foar mei de Lês-mar-foar-wiken

Fan 9 o/m 27 septimber binne it wer de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op ’e berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar- foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje, en foar bern fan 4 o/m 8 jier is der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Mar der is mear: de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz! En yn de biblioteken is der ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk, wêrby’t alderhande feestlike foarlêsaktiviteiten organisearre wurde.

Foto: Hippe Kiek Fotografie

Tomke & Keimpe

It tema fan de Lês-mar-foar-wiken is dit jier ‘eigenwiis’, wat oanslút op it tema fan de Kinderboeken- week yn oktober. Alle pjutten krije by de opfang, de biblioteek en it konsultaasjeburo wer in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje yn dat tema. Yn it boekje stean ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes fan ferskate skriuwers en yllustratoaren. De Tomke-yllustraasjes binne noch makke troch de krekt ferstoarne tekener Luuk Klazenga. It boekje ferskynt ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

It Tomke-foarlêsboekje ferskynt yn it Frysk, Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

Bern fan 4 o/m 8 jier krije it nije Keimpe-boekje mei leuke ferhaaltsjes en spultsjes op skoalle of se kinne it fergees ophelje yn ’e biblioteek. Spesjaal foar Keimpe syn 5e jierdei is der in echte Keimpe- memory ûntwikkele en kinne alle bern en harren âlders, juffen en masters mei sjongeres Melissa Pander en rapper Sytse de Wite meisjonge en -dûnsje op de eigenwize Lês-rap!

Minyboekjes sammelje by de Poiesz

Yn de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz. Alle wiken ferskine der twa nije boekjes dy’tst fergees meinimme meist by oankeap fan in griente- of fruitoanbieding. Bekende én nije skriuwers en yllustratoaren hawwe spesjaal foar dizze aksje acht prachtige boekjes makke. Op is op, dus fluch nei de Poiesz, en sammelje se alle acht!

Feest yn de biblioteek!

Yn de biblioteken binne yn de moanne septimber ferskate lês-, dûns- en muzykfoarstellingen te sjen. Foar pjutten binne der foarstellingen fan Janneke Brakels, Danswil en Het Muziekbeestje. Foar de doelgroep 4 o/m 8 jier spilet Jan Tiede Bouma in foarstelling oer Keimpe de Krokodil, en Pyke Kroes & Carel van Leeuwen ha in foarstelling makke oer it populêre boek ‘Lampke’. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. En hast it nije Tomke-temaboekje of Keimpe-boekje noch net? Helje ’m dan gau fergees op by de biblioteek!

Oare foarlêsaktiviteiten

Op 14 septimber mei ‘Uit in Huis’ wurdt der de middeis foarlêzen yn de Prinsetún yn Ljouwert. Tusken 14.00 en 16.00 oere sil dêr troch in tal minsken foarlêzen wurde út prachtige eigenwize berneboeken.

Fierder binne yn it programma ‘Tsjil’ fan Omrop Fryslân nije bernefilmkes te besjen en op Tjits Floch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren.

It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan jonge bern.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.lesmarfoar.frl

Foarlêsbus jout startsein foar Lês-mar-foar-wiken

Fan 11 oant en mei 29 septimber binne de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling. Hielendal foar in minderheidstaal as it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar-foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje en foar bern fan 4 o/m 8 jier ferskynt der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Foar de grutte minsken is der in spesjale edysje fan it tydskrift heit&mem. Ek yn de biblioteken is ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk en dêr wurde alderhande foarlêsaktiviteiten organisearre. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Lês-mar-foar-wiken op de spiksplinternije website: www.lesmarfoar.frl.

Foarlêsbus fan Arriva

Op tiisdei 12 septimber sil it startsein foar de Lês-mar-foar-wiken jûn wurde mei in echte Tomke&Keimpe-foarlêsbus! Om 11.00 oere rydt de bus fan Arriva it plein op fan IKC Toermalijn yn Frjentsjer, en dêrnei wurde de bern fan de pjutte-opfang en de ûnderbou foarlêzen yn de bus troch in echte bussjauffeur. Dat wurdt in wier foarlêsfeestje! De foarlêsbus rydt mei de Lês-mar-foar-wiken troch de provinsje en docht dêrby ek noch in tal oare pjutte-opfanglokaasjes en skoallen oan.

Nij Tomke-boekje

Op de pjutte-opfang wurdt foarlêzen út in nij Tomke-boekje, dat dit jier as tema ‘wetter’ hat. It boekje hjit: ‘Lekker spatterje!’ en sit grôtfol moaie ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. Dy geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: elkoar wietspuitsje, blomkes wetter jaan en lekker boatsjefarre. Alle pjutte-opfanglokaasjes, bernesintra en dielnimmende gastâlden hawwe in foarlêspakketsje krigen, mei dêryn boekjes en in lesbrief mei foarlêstips. Nei it foarlêzen krije alle pjutten in boekje mei nei hûs. It Tomke-boekje ferskynt dit jier ek yn it Stellingwerfsk, Biltsk én foar it earst ek yn it Franekers.

Nij Keimpe-boekje

Keimpe de Krokodil wol, krekt lykas Tomke, dat bern mear Fryske boeken en ferhaaltsjes lêze. Foar bern fan 4 oant en mei 8 jier leit dêrom yn de biblioteken in fergees nij Keimpe-boekje klear, ‘By ús thús’. Yn dat boekje sitte ferhaaltsjes en spultsjes oer bygelyks in hutte bouwe yn ’e keamer, útfanhûzje by beppe en nei de romte. Alle skoallen krije it boekje en de bybehearrende lesbrief tastjoerd, en kinne it Frysk (foar)lêzen dêrmei in ekstra stimulâns jaan.

Ekstra heit&mem

Spesjaal foar de Lês-mar-foar-wiken ferskynt in ekstra edysje fan de heit&mem. Mei ûnder oaren prachtige foarlêsferhalen, in ynterview mei skriuwster Annet Schaap oer de Fryske oersetting fan

‘Lampje’, en de moaiste berneboeken en foarlêstips foar bern fan alle leeftiden. De heit&mem Lês- mar-foar-edysje wurdt útdield op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen.

Feest yn de biblioteek!

Yn de biblioteken binne ferskate foarstellingen te sjen. Janneke Brakels sil sjonge en muzyk meitsje mei de pjutten en mei Willy van Assen fan Danswil kin der lekker dûnse wurde yn har nije foarstelling. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. Grutte minsken kinne yn de biblioteek de spesjale Lês-mar-foar-edysje fan it tydskrift heit&mem ophelje. En hast it nije Tomke- temaboekje of Keimpe-boekje noch net? Dat is ek te krijen yn de biblioteek!

Oare foarlêsfeestlikheden yn de ‘Lês-mar-foar-wiken’

Yn it programma ‘Tsjil’ fan Omrop Fryslân binne – op telefyzje én online − wer hagelnije Tomke- aventoeren te besjen en dêrneist ek noch fjouwer filmkes fan besteande Fryske printeboeken. Op Tjitsfloch fan Omrop Fryslân binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren!

It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan de Tomke- en de Keimpe-wurkgroep en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier.

Lês-mar-foar-wiken feestlik ôfsluten

Yn de moanne septimber wiene de Lês-mar-foar-wiken en waard der troch de hiele provinsje foarlêzen oan pjutten op sa’n 400 pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlden. De feestlike ôftraap wie op 3 septimber mei it grutte Tomke Foarlêsfeest by paviljoen MeM yn Bûtenpost. Freed 30 septimber wiene de lêste foarlêsaktiviteiten en waard de foarlêsmoanne yn styl ôfsletten mei de foarstelling ‘Tomke syn pyamadei’ fan Geartsje Douma yn de biblioteek fan Grou.

Yn totaal binne der tidens de Lês-mar-foar-wiken mear as 25.000 Tomke-boekjes útdield oan Fryske pjutten. Yn de Stellingwerven binne dêrneist noch 1000 Stellingwerfske boekjes útdield. Tagelyk wiene der de hiele moanne septimber nije Tomke-útstjoeringen op Omrop Fryslân te besjen en wiene der flochs fan Tjitsfloch oer de ferskes en ferhaaltsjes út it Tomke-boekje. By de Fryske biblioteken koene bern nei foarstellings fan Tomke-skriuwster Geartsje Douma, sjongeres Janneke Brakels en De Vertellende Piano.

Foto: Hippe kiek fotografie by Sjoeke

‘Wy sjogge werom op in prachtige en suksesfolle earste edysje fan de Lês-mar-foar-wiken’, seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Earder waarden de foarlêsaktiviteiten en in nij, fergees Tomke-boekje foar alle Fryske pjutten byelkoar brocht yn de Fryske Foarlêswike, mar om’t de organisaasje feroare is, wie it ek de tiid foar in nije namme en opset.’ Yn 2023 binne der yn septimber wer de Lês-mar-foar-wiken mei fansels in nij Tomke-boekje en in hiel soad leuke foarlêsaktiviteiten foar pjutten.

De Lês-mar-foar-wiken binne in inisjatyf fan de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS. Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne Opfang (SFBO) soargje foar promoasje en fersterking.