Lês-mar-foar-wiken 2025 ôftrape mei de ‘Foarlêstafette’

Fan 1 oant en mei 26 septimber binne it de ‘Lês-mar-foar-wiken’. Fan ’e moarn wie de ôftraap op CBS De Hoekstien yn Surhústerfean, dêr’t foarlêzen waard troch wethâlder Tjibbe Brinkman fan de gemeente Achtkarspelen en troch Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen. Mei dy foarlês-mominten waard tagelyk it startskot jûn foar de ‘foarlêstafette’. Dat hâldt yn dat twa foarlêstassen, mei dêryn ûnder oaren in Tomke- en in Keimpe-boekje en in lêsdeiboekje, alle dagen trochjûn wurde oan in oare foarlêzer. Sa reizgje de boekjes hiel Fryslân troch!

Oftraap lês-mar-foar-wiken 2025 mei wethâlder Tjibbe Brinkman fan de gemeente Achtkarspelen en Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen. Foto: Jacob van Essen

Alle jierren yn septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken organisearre. Mei dy jierlikse kampanje wolle wy omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 oant en mei 8 jier. Oeral yn Fryslân wurdt dan (ekstra) foarlêzen yn it Frysk: op de berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels ek thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern. Hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.

Tomke & Keimpe

It tema fan 2025 is ‘aventoer’ en slút dêrmei oan op it tema fan de lanlike Kinderboekenweek, dy’t yn oktober plakfynt. Foar de pjutten ferskynt yn dat tema in nij Tomke-boekje, dêr’t by gastâlden en op de pjutte- en berne-opfang út foarlêzen wurdt. Nei ôfrin krije de pjutten it boekje mei nei hûs, sadat bern en âlders thús ek genietsje kinne fan de ferhalen. It boekje ferskynt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

Foar de âldere bern (4 oant en mei 8 jier) ferskynt in nij Keimpe-boekje yn itselde tema, dat elkenien fergees ophelje kin by de biblioteek. Alle basisskoallen krije ek in eksimplaar fan it boekje tastjoerd, om yn de Lês-mar-foar-wiken út foar te lêzen. Der is ek
in echte ‘Keimpe Lêsrap’! Skoallen dy’t dêr in live-optreden fan winne wolle, kinne foar 20 septimber in aventoerlike foarlêsfoto ynstjoere nei keimpe@afuk.frl.

Tomke ferskynt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

Oare foarlêsaktiviteiten

Op 13 septimber, mei ‘Uit in Huis’, kinne bern meidwaan oan ús ‘foarlês-speurtocht’ by Tresoar ynLjouwert. Sykje nei de foarlêzers en genietsje fan de ferhalen dy’tst fynst! Op tsjil.omropfryslan.nl binne yn septimber nije bernefilmkes te besjen. En op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren! Dêrneist wurde der mei de Lês-mar-foar-wiken ferskate foarlês-, dûns- en muzykfoarstellingen organisearre yn de biblioteken fan Fryslân. Foar bern fan 2 oant en mei 8 jier leit dêr in fergees Tomke- of Keimpe-boekje klear. Dus: lês mar foar!

It Lês-mar-foar-projekt wurdt organisearre troch Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer de Lês-mar-foar-wiken is te finen op lesmarfoar.frl

Lês-mar-foar-wiken

Fan 1 o/m 26 septimber 2025 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? En it is ek nochris in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. It tema fan dit jier is ‘aventoer’. In werkenber tema foar eltsenien dy’t mei jonge bern te krijen hat! 

Foar de pjutte-opfang

Foar pjutten (2-4 jier) ferskynt alle jierren in nij Tomke-boekje, fol mei ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. It tema fan 2025 is ‘aventoer’.  Der is ek in Stellingwerfske, in Bildtske en in Franeker ferzje fan it Tomke-boekje. Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke op tomke.frl.

Alle pjutte- en berne-opfanglokaasjes yn Fryslân (én gastâlden dy’t har opjûn ha), krije nije Tomke-boekjes besoarge yn de wike foarôfgeand oan de Lês-mar-foar-wiken. Sy kinne dêrút foarlêze (litte) en de boekjes dêrnei oan de pjutten mei nei hûs jaan.

Der is ek in Stellingwerfske, in Bildtske en in Franeker ferzje fan it Tomke-boekje.

Foar skoallen

Keimpe de Krokodil hâldt fan Frysk lêzen! Keimpe stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, foar bern fan 4-8 jier en wol bern, âlders en learkrêften stimulearje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Mei de Lês-mar-foar-wiken ferskynt in nij boekje fan Keimpe mei ferhaaltsjes en spultsjes, yn it tema ‘fol aventoer’. Alle basisskoallen fan Fryslân krije it Keimpe-boekje en in byhearrende lêsbrief tastjoerd, dêr’t sy mei de Lês-mar-foar-wiken út foarlêze kinne. En kenne jim de Keimpe-rap al? Besjoch, lústerje en sjong mei en miskien winne jim wol in optreden fan Sytse en Melissa op jim skoalle! 

Foar thús

Foarlêzen, dêr begjint it mei! Tegearre in boekje lêze fersterket de bân mei dyn bern. En bern dêr’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Asto wolst dat dyn bern yn it Frysk opgroeit, is foarlêzen is in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. Lês hjir mear oer meartalich opgroeien.

Op telefyzje

Op tsjil.omropfryslan.nl binne allegear leuke filmkes te besjen foar bern. Sa binne der 4 printeboekfilmkes, filmkes fan Hinke de Ko en de nije searje ‘Wat in aventoer!’. Op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út de Tomke-boekjes te hearren!

Yn de biblioteek

Mei de Lês-mar-foar-wiken is it ek wer feest yn de biblioteek! Dit jier binne der foarstellingen foar pjutten fan Willy van Assen (Danswil), Poppentheater Rozemarijn en fan Willy van der Meer. Pyke Kroes & Carel van Leeuwen sille harren foarstelling oer it populêre boek ‘Lampke’ wer opfiere foar de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis. It sil grif wer in sukses wurde!

It Lês-mar-foar-projekt

It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan de Tomke- en de Keimpe-wurkgroep en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier.

It Lês-mar-foar-projekt ynvestearret mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân.

De Fryske Beweging kaapt webside nije omrop dy’t minder Frysk nijs wol

Omrop Fryslân soe te Frysktalich wêze, neffens de inisjatyfnimmer fan in nije konkurrint foar de regionale stjoerder. De Fryske Beweging is it dêr net mei iens en wol just dat der mear Frysk yn Fryslân te sjen en lêzen is. Dêrom hat de belange-organisaasje foar it Frysk de webside fan de nije stjoerder ort.frl registrearre en trochlinkt nei syn eigen Frysktalige webside Goeie.frl. 

De konkurrint fan Omrop Fryslân soe as namme ORT FRL krije, mar wa’t no nei ort.frl ta giet komt op de side fan De Fryske Beweging út. Dêr wurket in redaksje oan it sichtber meitsjen fan de ‘rykdom fan Fryslân’. Neffens de foarsitter fan De Fryske Beweging, Sjirk Eildert Bruinsma, is in mear Nederlânsktalige stjoerder as ferfanger fan Omrop Fryslân in ‘striemin idee’. “De inisjatyfnimmer wol mear balâns yn it Fryske medialânskip. Dat wolle wy fansels ek graach. Mar dat betsjut wat ús oanbelanget dat de krante ek wolris yn it Frysk nijs bringe mei. En dat de bebuording yn treinen ek twatalich wêze kin. Net dat ien fan de bêste stjoerders fan Nederlân opdutsen wurdt.” 

Ludyk

It inisjatyf om de webside fan ORT FRL fêst te registrearjen is neffens de foarsitter ‘ludyk’, mar wol mei in serieuze ûndertoan. 94% fan de ynwenners fan Fryslân ferstiet it Frysk aardich tot hiel goed, neffens de Fryske taalatlas. Foar hast seis op de tsien ynwnners is it Frysk de memmetaal. Bruinsma: “Der liket in idee achter it inisjatyf te sitten dat Frysk prate minsken útslúte soe. Dat giet fansels net op, it Frysk is hjir de grutste memmetaal. Wêrom soene dy net yn de eigen taal nijs meikrije meie? Boppedat, as je it nijs yn it Nederlânsk meikrije wolle dan hat sels Omrop Fryslân dêr gewoan in knopke foar yn de app. Wat ús oanbelanget mei der earder noch wol in skepke Frysk boppe op.”

De Fryske Beweging

De Fryske Beweging is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Fryske Beweging is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. De stifting hat in advysried dêr’t ferskate Fryske Bewegingsorganisaasjes in sit hawwe.

Winner fan Liet en de twa publyksfavoriten stride om ticket nei it Regio Songfestival

It Frysk sjongfestival Lieten Omrop Fryslân ha besletten mienskiplik de Fryske kandidaat foar it Regio Songfestival te kiezen: njonken de offisjele winner fan Liet krije ek de twa publyksfavoriten in ekstra kâns om te striden foar it felbegearde plak op it Regio Songfestival. Dit jout noch mear mooglikheden foar it Frysk muzyktalint om harren Fryske muzyk op in noch grutter poadium hearre te litten.

It Regio Songfestival is in inisjatyf fan de tretjin regionale omroppen en wurdt live útstjoerd op telefyzje en online. Muzikale talinten út ferskate Nederlânske regio’s komme byinoar, it is dan ek in útsochte kâns om Frysk talint nasjonaal ûnder de oandacht te bringen.

De winner fan Liet wurdt lykas oare jierren bepaald troch in faksjuery en it publyk. Yn gearwurking mei Omrop Fryslân wol Liet, yn oanrin nei it Regio Songfestival, de ynfloed en belutsenheid fan it publyk noch grutter meitsje. Dêrneist krije de twa publyksfavoriten, op basis fan stimmen fan it publyk, in ekstra kâns om troch te streamen nei it Regio Songfestival. Dizze trije acts nimme it tsjininoar op yn in spesjaal organisearre seleksjeproseduere, en dêr wurdt úteinlik ien artyst oanwiisd as de definitive Fryske ynstjoering foar it Regio Songfestival. Omrop Fryslân sil dy striid wiidweidich ûnder de oandacht bringe yn de ferskate media.

“Dit is in geweldige kâns om it ferskaat en it sprekkende fan de Fryske muzyk en taal sjen te litten oan in breed publyk,” sa seit de foarsitter Pieter de Boer fan Liet. “We binne tige grutsk op it talint dat by Liet optreedt en sjogge dernei út om mei it publyk en de sjuery de bêste fertsjintwurdiger foar Fryslân te kiezen.”

It Regio Songfestival fynt dit jier plak op 1 novimber yn Arnhem en bringt de bêste regionale artysten fan Nederlân by-inoar yn in muzikale kompetysje dêr’t taal en kultuer sintraal yn steane. Ynskriuwe foar Frysk sjongfestival Liet kin oant 1 juny.

Femke van Kammen wint Lyts Frysk Diktee 2025

Femke van Kammen fan de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 10 flaters wie se hjoed de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it Provinsjehûs, de skriuwwedstriid foar learlingen út groep 7 en 8. Twadde waard Dieuwke Buma fan de Master Frankeskoalle yn Earnewâld mei 11 flaters. It tredde plak, mei 13 flaters, wie foar Marianne van der Veen fan Kindcentrum de Wel yn Broeksterwâld.

Lyts Fryske Diktee 2025. F.l.n.r. Marianne van der Veen (3e), Femke van Kammen (1e), Dieuwke Buma (2e). Foto makke troch Marieke Balk

Der dienen likernôch 50 learlingen fan 24 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Sjongeres en skriuwer Janneke Brakels skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

Brakels hie in dikteetekst makke oer in learling dy’t troch de rein nei skoalle fytse moast. De dreechste wurden wiene dit jier dan ek ‘ierdrykskundetoets’, ‘moatst’ (mei -tst-) en ‘rûte’, dat faak skreaun waard as roete/route. Mear ynformaasje oer it Lyts Frysk Diktee kinne jo fine op de website fan it diktee. Dêr kinne jo ek ynformaasje fine oer it Grut Frysk Diktee, dat op tiisdei 8 april holden wurdt yn it Provinsjehûs.

Lyts Fryske Diktee 2025 mei 50 learlingen fan 24 skoallen. Foto makke troch Marieke Balk

Premjêre FryslânDOK – Yn myn dreamen hear ik dy

Meikoarten sil yn trije lannen de ynternasjonale dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy yn premjêre gean. De film folget makkers fan trije teäterselskippen dy’t yn in lytse taal wurkje: Tryater út Fryslân, Teatr Piba út Bretanje en Kvääniteatteri út Noard-Noarwegen. Tongersdei 13 febrewaris om 20:00 oere is de Fryske premjêre, ynklusyf petearen mei de makkers, yn de teäterseal fan Tryater yn Ljouwert; op sneon 15 en 22 febrewaris is de film yn twa dielen te sjen op NPO2, op snein 16 en 23 febrewaris op Omrop Fryslân.

Foar de FryslânDOK reizge dokumintêremakker Murk-Jaep van der Schaaf yn 2024 Ljouwert, it Frânske Brest en Storslett yn it noardlikste puntsje fan Noarwegen by del. Hy ferkende dêr mei teätermakkers Wessel de Vries, Christophe le Menn en Inger Birkelund harren lânskip, harren taal en harren wurk. Ek folge Van der Schaaf harren ûnderlinge útwikselingen, kreative prosessen en benammen de groeiende mienskiplike leafde foar taal en omjouwing.

Ynternasjonaal kontakt troch Phōnē
De gearwurking tusken de trije ûntstie út it ynternasjonale projekt Phōnē, dat teäterselskippen dy’t yn in minderheidstaal wurkje ferbynt. It fan Hamburch út oanstjoerde projekt waard foar trije jier stipe troch de Europeeske Uny en is yn desimber ôfrûne. Acht organisaasjes – njonken deselden út de dokumintêre kamen dizzen út Itaalje, Ierlân, Spanje, Roemeenje en Dútslân – wikselden binnen Phōnē út oer kwaliteit, kwantiteit, skriuwen, publyksbeheljen en tagonklikens fan teäter yn lytse talen.  

De Vries, Le Menn en Birkelund fûnen elkoar binnen de skriuwersútwikselingen dy’t der op ferskillende plakken yn Europa wiene. Sy bouden in freonskiplike wurkrelaasje op, dy’t trochkrong yn elkoars stikken. Sa wiene der Bretonske ynfloeden yn it stik Thúsblaze dat Tryater ôfrûne jier brocht en waard in skriuwersmoeting in sêne yn in Bretons teäterstik. Dêrneist regissearret Wessel de Vries dit jier it stik fan Birkelund yn Noarwegen.

Artistike gefoelstaal
Van der Schaaf fûn it projekt krekt troch in ferskil tusken de lânskippen en kultueren yn kombinaasje mei leafde foar de eigen talen it filmen wurdich. Foaral de gemy tusken de makkers út Fryslân, Bretagne en Noord-Noorwegen wie nijsgjirrich om fêst te lizzen. ‘Ik seach trije makkers dy’t taal hiel bewust ynsette foar harren keunst. Wat my yntrigearre is dat de lytse taal foar alle trije net de memmetaal mar krekt de artistike gefoelstaal is. Fan dy taalleafde woe ik mear witte. De talen blike djipgeand ferbûn mei harren persoanlike ferhalen en mei elkoar. As dizze makkers elkoar treffe, ûntstiet der wat. Prachtich om yn it dekôr fan de ferskate Europeeske gebieten op byld te krijen.’

Premjêre Yn myn dreamen hear ik dy
Op 13 febrewaris om 20:00 oere is bij Tryater de offisjele Europeeske premjêre. De dokumintêre wurdt dan yn syn gehiel fertoand en der binne petearen mei ûnder mear de makkers. Yn de neifolgjende wykeinen wurdt de film útstjoerd op de Nederlânske telefyzje. Yn Frankryk en Noarwegen folgje eigen premjêres.

Fia Tryater kinst in kaartsje reservearje.

Omrop Fryslân ferbynt jong en âld mei de Fryske top 100

Fan 2 desimber ôf is it wer tiid om te stimmen foar de Fryske top 100! Mei de list wol Omrop Fryslân sjen litte hoe wichtich oft de Fryske muzyk is foar de Omrop, mar seker ek foar de Fryske identiteit. Fan âlde klassikers oant nije favoriten elke stim telt! Help mei om dyn favorite Fryske nûmers yn de top 100 te krijen, bring dyn stim út fia Frysketop100.nl.

De Fryske top 100 begjint dit jier yn de earste wike fan desimber. Mei de Fryske top 100 stimbus wurde mei help fan ferskate Fryske artysten stimmen ophelle. Under oaren Folgas, Sipke de Boer, Fegebart, Frerik de Swetser en Frisicana; Gurbe Douwstra, Marcel Smit en Piter Wilkens komme nei dy ta. Stimsto yn in stimhokje of by de stimbus, dan krijst de Omrop Fryslân Set ‘m op mûtse kado.

Foto: Omrop Fryslân

Brêge nei de takomst

Wy sjogge dat hieltyd mear jongerein it Frysk aktyf brûkt. Jonge Fryske artysten kieze hieltyd faker foar it Frysk. In foarbyld dêrfan is Steyn Land: “Us Fryske taal is wichtich, ek al meitsje wy flaters, as wy it mar brûken bliuwe. Mei myn muzyk yn it Frysk reitsje ik myn fans mear as wannear’t ik yn it Nederlânsk sjong. Der bart wat spesjaals op feesten en it meisjongen fan it publyk oerstimt de lûdsynstallaasjes geregeld. Ik sjoch by myn leeftiidsgenoaten ek echt it grutske gefoel.”

Meitsje kâns op in konsert fan De Kast

Ferline jier waard In Nije Dei fan De Kast keazen ta it populêrste nûmer yn de Fryske top 100. Om it publyk dêrfoar te betankjen jout de band no in yntym konsert kado. En do kinst dêrby wêze! Stim op de Fryske top 100 en meitsje kâns op twa kaarten foar dit unike konsert op twadde krystdei, yn de húskeamer fan Omrop Fryslân. “Dat ús wurk sa wurdearre wurdt troch it Fryske publyk, jout in geweldich waarm gefoel”, seit Syb. “Dat fertsjinnet in betankje.”

Net stinne, mar stimme!

Meitsje kâns op dy unike priis en bring fan 2 desimber 08.15 oere ôf dyn stim út fia www.frysketop100.nl.

Sjochtip: op syk nei de Fryske talefamylje yn Fier yn it rûn

It Frysk is mear as ien taal. It is in samling fan farianten dy’t wy in ‘talefamylje’ neame kinne. Mar hoe goed kenne we eins al dy famyljeleden? Mei dy fraach reizget presintatrise Tjits van der Wal – Boersma nei alle hoeken fan it Fryske taalgebiet.

Fier yn it rûn– Boarne: Omrop Fryslân

Yn’e kunde komme mei de talefamylje

Yn Fier yn it rûn reizget Tjits troch hiel Fryslân en dêrbûten, op syk nei alle farianten fan de Fryske taal. Tink dêrby oan It Bilt, Skylge, West-Fryslân, Föhr en Sylt. Se siket sprekkers fan de taal en praat mei harren oer de skjintme en skaaimerken fan de taal, mar ek oer de steat fan de taal. Want hoefolle wurdt der eins noch mei de taal praat yn dy gebieten?

Alle farianten ta ien liet

Under de syktocht nei de farianten is Tjits dwaande mei it meitsjen fan in liet. Se hat in liet makke dy’t oerset wurdt yn de ferskate Fryske farianten. Yn de ôfleveringen siket se sprekkers fan de taal op en sjongt se mei harren de kûpletten fan it liet. Uteinlik komt hjir in hiel liet út, dêr’t ek in fideoclip fan makke wurdt, dy’t yn de lêste ôflevering te sjen is. Sa kinne alle famyljeleden meidwaan mei ien mienskiplik liet fan de Fryske taal.

De earste útstjoering fan Fier yn it rûn start op it Bilt. Tjits ûndersiket hoe’t it Biltsk ûntstien is en komt derachter dat it mear is as gewoan in mjuks fan twa talen. Dêrneist docht se as dielnimmer mei oan it Biltsk Diktee en besiket se har liet yn it Biltsk te sjongen.

Fier yn it rûn

De seis ôfleveringen fan Fier yn it rûn binne fan moandei 28 oktober ôf eltse moandei om 17.15 oere te sjen by Omrop Fryslân.

Hiel Fryslân lêst foar mei de Lês-mar-foar-wiken

Fan 9 o/m 27 septimber binne it wer de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op ’e berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar- foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje, en foar bern fan 4 o/m 8 jier is der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Mar der is mear: de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz! En yn de biblioteken is der ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk, wêrby’t alderhande feestlike foarlêsaktiviteiten organisearre wurde.

Foto: Hippe Kiek Fotografie

Tomke & Keimpe

It tema fan de Lês-mar-foar-wiken is dit jier ‘eigenwiis’, wat oanslút op it tema fan de Kinderboeken- week yn oktober. Alle pjutten krije by de opfang, de biblioteek en it konsultaasjeburo wer in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje yn dat tema. Yn it boekje stean ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes fan ferskate skriuwers en yllustratoaren. De Tomke-yllustraasjes binne noch makke troch de krekt ferstoarne tekener Luuk Klazenga. It boekje ferskynt ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

It Tomke-foarlêsboekje ferskynt yn it Frysk, Bildts, Stellingwarfs en Franekers.

Bern fan 4 o/m 8 jier krije it nije Keimpe-boekje mei leuke ferhaaltsjes en spultsjes op skoalle of se kinne it fergees ophelje yn ’e biblioteek. Spesjaal foar Keimpe syn 5e jierdei is der in echte Keimpe- memory ûntwikkele en kinne alle bern en harren âlders, juffen en masters mei sjongeres Melissa Pander en rapper Sytse de Wite meisjonge en -dûnsje op de eigenwize Lês-rap!

Minyboekjes sammelje by de Poiesz

Yn de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz. Alle wiken ferskine der twa nije boekjes dy’tst fergees meinimme meist by oankeap fan in griente- of fruitoanbieding. Bekende én nije skriuwers en yllustratoaren hawwe spesjaal foar dizze aksje acht prachtige boekjes makke. Op is op, dus fluch nei de Poiesz, en sammelje se alle acht!

Feest yn de biblioteek!

Yn de biblioteken binne yn de moanne septimber ferskate lês-, dûns- en muzykfoarstellingen te sjen. Foar pjutten binne der foarstellingen fan Janneke Brakels, Danswil en Het Muziekbeestje. Foar de doelgroep 4 o/m 8 jier spilet Jan Tiede Bouma in foarstelling oer Keimpe de Krokodil, en Pyke Kroes & Carel van Leeuwen ha in foarstelling makke oer it populêre boek ‘Lampke’. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. En hast it nije Tomke-temaboekje of Keimpe-boekje noch net? Helje ’m dan gau fergees op by de biblioteek!

Oare foarlêsaktiviteiten

Op 14 septimber mei ‘Uit in Huis’ wurdt der de middeis foarlêzen yn de Prinsetún yn Ljouwert. Tusken 14.00 en 16.00 oere sil dêr troch in tal minsken foarlêzen wurde út prachtige eigenwize berneboeken.

Fierder binne yn it programma ‘Tsjil’ fan Omrop Fryslân nije bernefilmkes te besjen en op Tjits Floch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren.

It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan jonge bern.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.lesmarfoar.frl

Omrop Fryslân betinkt en fiert de frijheid op 4 & 5 maaie

Betinke dogge we by Omrop Fryslân dit jier mei in live útstjoering fan de provinsjale
deadebetinking. Fiere dogge we de dei dêrnei, mei it Noardewyn Live poadium fan Omrop
Fryslân op de Wissesdwinger yn Ljouwert. Belibje it troch derby te wêzen of sjoch it live op
telefyzje.

Op 4 maaie stjoert Omrop Fryslân de provinsjale deadebetinking yn de Prinsentún yn Ljouwert live út op radio en telefyzje. Mei muzyk fan de Fryske Ambassadeur fan de Frijheid, Kaspar, en Brassband Hossanah. Fierder is Jacques Kooistra, de soan fan nazi-jager Jack Kooistra, fan de stifting Hunting Jack, oanwêzich. Boargemaster Van Haersma Buma fan Ljouwert sil in taspraak hâlde. De presintaasje komt fan Eric Ennema.

De Deadebetinking is op 4 maaie om 19.30 oere live te folgjen by Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân op it Befrijingsfestival

We ha in jier sûnder moatten, mar Omrop Fryslân is werom mei in eigen poadium op it
Befrijingsfestival yn Ljouwert. Omrop Fryslân sil mei Noardewyn Live de Wissesdwinger omtsjoene ta in muzikaal doarpsplein. De presintaasje leit yn hannen fan Willem de Vries en Eric Ennema.

Understeande nammen stean kommende snein op it poadium fan Omrop Fryslân:

14.00 oere – Nothing/Kaydee and the Goodfornothing Boys
14.45 oere – F.O.D.
15.30 oere – Bildtstar
16.15 oere – Folgas
17.00 oere – Jitiizer
17.30 oere – De Doelleazen

It Omrop Fryslân poadium is fan 14.00 oant 18.00 oere te finen op de Wissesdwinger yn Ljouwert en is online en op telefyzje live te folgjen.

Noardewyn Live op Befrijingsfestival 2017 – boarne: Omrop Fryslân