Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân

folkshegeskoalleDe Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge bestiet 70 jier en fiert dat ûnder oaren mei 4 bysûndere temajûnen yn bûtenteater De Rondte. Op dy jûnen stean Lytse Talen sintraal. Der wurdt gearwurke mei ferskate kulturele partners, oan de fêste wâl en op Skylge.

Identiteit en folkskultuer spylje in wichtige rol  op de Folkshegeskoalle, 70 jier ferlyn oprjochte as in moetingsplak om de Fryske kultuer fuort te sterkjen en mei-inoar te dielen.  Taal as drager fan dy identiteit en kultuer is in hieltyd weromkommend tema op Folkshegeskoalle. It jubileumprogramma is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd Leeuwarden-Fryslân 2018 en Lân fan Taal. We fiere it jubileum mei ús eigen gasten en ek seker mei alle eilanners en badgasten fan Skylge.  Continue reading “Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân”

Stúdzjegearkomste Mingvariëteiten

StudzjegearkomsteDe Nederlandse Taalunie en de provinsje Fryslân binne fan doel om tegearre belied te ûntwikkeljen foar de Frysk-Nederlânske mingtalen yn Fryslân. Yn tsjinstelling ta it Frysk en it Stellingwerfsk (Nedersaksysk) binne dy mingtalen troch de Nederlânske oerheid net erkend ûnder it Europeesk Hânfest foar regionale talen en talen fan minderheden.

Datum en tiid: sneon 7 oktober 2017, 09.00-13.30 oere

Plak: Aerden Plaets, Dominee Schulingstraat 4-6, Alde Biltsyl

Tagong en opjefte: de tagong is fergees, mar opjefte yn it foar is wol needsaaklik. Dat kin o/m freed 29 septimber fia mw. Margje Wolthuizen (e-mail: mwolthuizen@fryske-akademy.nl of tel. (058) 233 69 24).

De mingtalen dêr’t wy it oer hawwe binne it Biltsk, it Stedfrysk (Boalserters, Dokkumers, Franekers, Harlingers, Liwwadders, Snekers, Starumers, Kollumers), Pompsters, en de talen fan de eilannen Skylge (Aasters, Mezlâns en Westers), it Amelân en Skiermuontseach. It Hylpers is taalkundich besjoen gjin mingtaal, mar wurdt fanwegen it belied fan de provinsje Fryslân meinommen yn dizze ynvintarisaasje.

Yn de gearkomste wolle wy de winsken en noeden fan taalbrûkers, organisaasjes en minsken yn it wurkfjild ynvintarisearje en redendiele mei politisy en amtners oer hoe’t dat taalbelied der útsjen moat.

De fiertalen fan it sympoasium binne Nederlânsk< Frysk en alle boppeneamde taalfariëteiten.

Continue reading “Stúdzjegearkomste Mingvariëteiten”

Jubileumkonsert 25 jaar Kom & Sjong op Folkshegeskoalle ‘Schylgeralân’

Yn de tsjerke fan Hoorn wurd op sneintemiddei 11 oktober in bysûnder jubileum fiere. It is dat wykein de 25ste kear dat op de Folkshegeskoalle Schylgeralân it sjong wykein Kom & Sjong organisearre wurdt. It is dit jier 25 jier lyn, dat Atze Reidinga en Koop Scholten werris mei de ‘âldere generaasje’ fan 40+ ers de lieten út de bondels Jan Pierewiet en De Stem van Allard sjonge woenen. Op de Folkshegeskoalle (FHS) yn Hoarne waard in wykein regele mei as muzikale lieding Hindrik van der Meer.

It wie in grut sukses, dat no noch wurdt mei itselde konsept wurke. Frysk en oare talen komme oan bod, de fiertaal is yn haadsaak Frysk, mar ek net-Frysk praters fiele har yn de wykeinen thús. Koarûnderfining is net nedich, nocht oan sjongen bringt de dielnimmers bijelkoar. Yn de rin fan de jierren hat de muzikale lieding nêst Hindrik van der Meer yn hannen west fan û.o. Willem Zijlstra & Clara Vogt; Jelle Bangma-trio; Nanne Kalma & Ankie van der Meer; Claartje van Dokkum mei efterienfolgens Meindert Bosklopper, Rob Faltin en no mei Jelma Wiegersma. Continue reading “Jubileumkonsert 25 jaar Kom & Sjong op Folkshegeskoalle ‘Schylgeralân’”