Sytse Jansma nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Foar de tolfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuipers (2019), Nyk de Vries (2020) en Cornelis van der Wal (2021) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Sytse Jansma. Hy sil op 26 of 27 septimber in optreden fersoargje, yn it kader fan de Europeeske Dei fan ’e Talen. 

Sytse Jansma (1980) wennet yn Harns en dichtet net allinnich yn it Frysk en Nederlânsk, mar is ek byldzjend keunstner. Foto: Welmoed Riemersma

Syn Frysktalige debútbondel “Wa’t tate seit moat ek whisky sizze” kaam út yn 2008. Syn twadde bondel, “As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht”, út 2015, wie twatalich. Hy publisearret û.o. yn literaire tiidskriften as De Revisor, De Moanne en Ensafh. Hy wûn al 4 kear de Rely Jorritsmapriis foar syn gedichten en hat optreden op ferskate festivals, yn bygelyks Grins en Ljouwert, mar ek Kenia.

Yn syn poëzy is meartaligens in belangryk tema. Syn wurk kin karakterisearre wurde as eksoatysk, byldryk en eksperiminteel. De relaasje tusken persepsje en taal komt faak werom yn syn gedichten, mar ek syn pasje foar reizgjen, muzyk en byldzjende keunst spilet in grutte rol. Hy kombinearret ek graach syn wurk mei oare keunstfoarmen. Sa skreau er de tekst foar de teätrale audiokuier “It gelok fan Fryslân” fan Tryater yn 2020 en is krekt syn nijste projekt “Sprekende Stenen”, in gearwurking mei oare skriuwers en keunstner Ineke van der Blom, iepene yn Ljouwert. Sytse Jansma wurket no oan syn earste Nederlânsktalige dichtbondel dy’t yn 2023 ferskine sil by útjouwerij AtlasContact.

It Transpoesie Poëzyfestival wurket al in tal jierren gear mei it Skriuwersboun

Eb en Floed: Frysk-Grunneger literêre jûn op Europeeske Taledei by de Fryske Akademy

Om Europeeske Taledei te fieren organisearret it EBLT op 26 septimber by de Fryske Akademy yn Ljouwert in literêre moeting tusken Fryslân en Grinslân. Trije Grunnegerstalige skriuwers en trije dichters út Fryslân sille op dizze jûn yn Ljouwert optrede. De singer-songwriter Gert Sennema, bekend fan de band Westkantstad, sil syn Grunneger nûmers sjonge.

Eb en floed, de see en it waad, binne eleminten dy’t ús taalgebieten ferbine. Op Europeeske Taledei sille jo Grunnegers heare út it easten, it noarden en it westen fan Grinslân, Bildts en Frysk.

De foardrachten op dizze Frysk-Grunneger literêre jûn komme fan Aly Freije, Hein Jaap Hilarides, Sytse Jansma, Tonko Ufkes, Harry van Velsen en Carla van der Zwaag.

Wêr: Fryske Akademy, Doelestrjitte 8, Ljouwert

Wannear: 26 septimber 2019, fan 20.00 oant likernôch 21.30 oere. Ynrin fanôf 19.30 oere.

Tagong: fergees

Continue reading “Eb en Floed: Frysk-Grunneger literêre jûn op Europeeske Taledei by de Fryske Akademy”

Jansma en De Jong winne Rely Jorritsmapriis

Rely Jorritsma

It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery fan betinken is dat dit jier ien ferhaal en ien fers foar in priis fan it Rely Jorritsma Fûns yn oanmerking komme. It winnende wurk is fan Simen de Jong (1942) út Easthim foar it ferhaal ‘Woldien yn Hylpen’ en fan Sytse Jansma (1980) út Harns foar it fers ‘Oprop oan alle Friezen’. Beide priiswinners ha al earder in Rely Jorritsma Fûns-priis yn ’e wacht sleept. Simen de Jong hat yn 2009 mei in ferhaal in priis wûn, wylst Sytse Jansma yn 2006 en yn 2011 in Rely Jorritsma Fûns-priis wûn mei in fers.

De sjuery fan it Rely Jorritsma Fûns bestiet dit jier út Doete Venema (foarsitter), Jaap Krol en Edwin de Groot. De Rely Jorritsma Fûns-priis foar in ferhaal bestiet út in jildbedrach fan € 800,-, wylst de Rely Jorritsma Fûns-priis foar in fers goed is foar in jildbedrach fan € 200,-. It tal ynstjoerings wie dit jier op ’e kop ôf fjirtich: 20 fersen en 20 ferhalen.

Priisútrikking
Op sneon 6 oktober 2012, middeis om twa oere, wurde de prizen fan de Rely Jorritsma Fûns-priisfraach èn fan de Junior Rely útrikt yn de tsjerke fan Bears. Mei troch de muzyk, wurdt it altyd in feestlike en sfearfolle byienkomst. De middei is frij tagonklik foar elk dy’t de Rely in waarm hert tadraacht. De útslach fan de Junior Rely wurdt ynkoarten ek bekend makke. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis op de site fan de gemeente Littenseradiel.