Sjochtip: op syk nei de Fryske talefamylje yn Fier yn it rûn

It Frysk is mear as ien taal. It is in samling fan farianten dy’t wy in ‘talefamylje’ neame kinne. Mar hoe goed kenne we eins al dy famyljeleden? Mei dy fraach reizget presintatrise Tjits van der Wal – Boersma nei alle hoeken fan it Fryske taalgebiet.

Fier yn it rûn– Boarne: Omrop Fryslân

Yn’e kunde komme mei de talefamylje

Yn Fier yn it rûn reizget Tjits troch hiel Fryslân en dêrbûten, op syk nei alle farianten fan de Fryske taal. Tink dêrby oan It Bilt, Skylge, West-Fryslân, Föhr en Sylt. Se siket sprekkers fan de taal en praat mei harren oer de skjintme en skaaimerken fan de taal, mar ek oer de steat fan de taal. Want hoefolle wurdt der eins noch mei de taal praat yn dy gebieten?

Alle farianten ta ien liet

Under de syktocht nei de farianten is Tjits dwaande mei it meitsjen fan in liet. Se hat in liet makke dy’t oerset wurdt yn de ferskate Fryske farianten. Yn de ôfleveringen siket se sprekkers fan de taal op en sjongt se mei harren de kûpletten fan it liet. Uteinlik komt hjir in hiel liet út, dêr’t ek in fideoclip fan makke wurdt, dy’t yn de lêste ôflevering te sjen is. Sa kinne alle famyljeleden meidwaan mei ien mienskiplik liet fan de Fryske taal.

De earste útstjoering fan Fier yn it rûn start op it Bilt. Tjits ûndersiket hoe’t it Biltsk ûntstien is en komt derachter dat it mear is as gewoan in mjuks fan twa talen. Dêrneist docht se as dielnimmer mei oan it Biltsk Diktee en besiket se har liet yn it Biltsk te sjongen.

Fier yn it rûn

De seis ôfleveringen fan Fier yn it rûn binne fan moandei 28 oktober ôf eltse moandei om 17.15 oere te sjen by Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân betinkt en fiert de frijheid op 4 & 5 maaie

Betinke dogge we by Omrop Fryslân dit jier mei in live útstjoering fan de provinsjale
deadebetinking. Fiere dogge we de dei dêrnei, mei it Noardewyn Live poadium fan Omrop
Fryslân op de Wissesdwinger yn Ljouwert. Belibje it troch derby te wêzen of sjoch it live op
telefyzje.

Op 4 maaie stjoert Omrop Fryslân de provinsjale deadebetinking yn de Prinsentún yn Ljouwert live út op radio en telefyzje. Mei muzyk fan de Fryske Ambassadeur fan de Frijheid, Kaspar, en Brassband Hossanah. Fierder is Jacques Kooistra, de soan fan nazi-jager Jack Kooistra, fan de stifting Hunting Jack, oanwêzich. Boargemaster Van Haersma Buma fan Ljouwert sil in taspraak hâlde. De presintaasje komt fan Eric Ennema.

De Deadebetinking is op 4 maaie om 19.30 oere live te folgjen by Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân op it Befrijingsfestival

We ha in jier sûnder moatten, mar Omrop Fryslân is werom mei in eigen poadium op it
Befrijingsfestival yn Ljouwert. Omrop Fryslân sil mei Noardewyn Live de Wissesdwinger omtsjoene ta in muzikaal doarpsplein. De presintaasje leit yn hannen fan Willem de Vries en Eric Ennema.

Understeande nammen stean kommende snein op it poadium fan Omrop Fryslân:

14.00 oere – Nothing/Kaydee and the Goodfornothing Boys
14.45 oere – F.O.D.
15.30 oere – Bildtstar
16.15 oere – Folgas
17.00 oere – Jitiizer
17.30 oere – De Doelleazen

It Omrop Fryslân poadium is fan 14.00 oant 18.00 oere te finen op de Wissesdwinger yn Ljouwert en is online en op telefyzje live te folgjen.

Noardewyn Live op Befrijingsfestival 2017 – boarne: Omrop Fryslân

Gerrit Hiemstra skriuwt Grut Frysk Diktee oer de ympakt fan it klimaat

Op tiisdei 23 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t besykje om de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst. Kwalifisearje foar it diktee kin fan tiisdei 5 maart ôf troch it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl te meitsjen.

Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes en doe gie it oer in bepaalde faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst dy’t gean sil oer de ympakt fan it klimaat: “Ik woe it oer it klimaat ha, mar dat is in hiel grut ûnderwerp mei in hiel soad ferskillende ynfalshoeken. Uteinlik haw ik keazen om foaral oer it minsklike aspekt te skriuwen. It komt der op del dat we ôfskied nimme moatte fan it klimaat fan eartiids en dêr hawwe in soad minsken grutte muoite mei.”

Fan bekende Friezen oant de Harkemase Boys
Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne: Bekende Friezen, Yung Frysk, Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit van Amsterdam.

Ek meidwaan?
Minsken dy’t op 23 april graach meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar kwalifisearje. Fan 5 oant 31 maart kin elkenien online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl. Ut de bêste dielnimmers wurde tweintich kandidaten selektearre dy’t meidwaan meie oan de grutte finale yn de Steateseal.

It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 24 april om 19.30 oere útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.