Baskyske film Amama op 11 novimber te sjen by Omrop Fryslân

amama_6-796x430It is in bekend en sels tige aktueel probleem. Bedriuwsopfolging, of yn dit gefal: wa nimt it boerebedriuw fan heit oer? Yn de Baskyske film Amama stiet dy wrakseling sintraal. Ta gelegenheid fan it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert stjoert Omrop Fryslân op freed 11 novimber de film Amama út. Omrop Fryslân fertoant de film mei Fryske ûndertitels.

Amama giet oer in Baskyske boerefamylje dy’t wrakselet mei it probleem fan de bedriuwsopfolging. In famyljedrama, dat him ôfspilet ûnder de eagen fan Amama (beppe). Wa nimt de boerepleats oer fan heit? De âldste soan emigrearret, de jongste wurdt ûngeskikt fûn. De druk komt folslein by de dochter te lizzen, wylst sy gjin boerinne mar keunstner wêze wol. De tematyk fan it boerebestean yn Baskelân is ek foar it Fryske plattelân werkenber. Want hoefolle Fryske boeren wrakselje wol net mei de opfolging?

De Baskyske sinema hat de lêste jierren in heech nivo berikt. De film is makke foar in ynternasjonaal publyk, mei in cast dy’t bestiet út profesjonele akteurs en amateurs. De beppe, Amama,makke op har 80ste har debút yn dizze film. Amama wie yn febrewaris 2016 op de Dei fan de Memmetaal al te sjen yn filmhûs Slieker yn Ljouwert op inisjatyf fan it EBLT. Op dy fertoanings krige it EBLT sokke goeie reaksjes, dat doe al gau it fersyk kaam om de film ek op televyzje út te stjoeren. Dat is no slagge, mei help fan Omrop Fryslân. It seit himsels dat it EBLT der tige wiis mei is dat no in folle grutter publyk Amama besjen kin en ek fernimme kin hoe’t it is om in bûtenlânske film te besjen mei ûndertitels yn it Frysk. De ûndertitels binne makke troch Geertrui Visser mei stipe fan Onno Falkena. By it meitsjen fan dy ûndertitels is safolle mooglik stribbe nei in streekrjochte oersetting út it Baskysk. Dit projekt is útfierd troch it EBLT mei stipe fan it Fûûns fwar it Frysk, Kulturele Haadstêd Donostia-San Sebastián 2016 en de Provinsje Fryslân.

Amama is op freed 11 novimber om 21.00 oere jûns te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *