
Der binne yn Fryslân te min ûnderwizers mei in foech foar it fak Frysk. De Nederlânske oerheid moat no echt maatregels nimme om dat probleem oan te pakken. Dat skriuwt in advyskommisje fan de Ried fan Europa yn Straatsburch yn har twadde rapport oer it neilibjen fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. In advyskommisje fan de Ried fan Europa die it ôfrûne jier ûndersyk nei de situaasje fan it Frysk. De kommisje brocht doe ek in wurkbesite oan Fryslân en prate doe mei tal fan Fryske organisaasjes, lykas it EBLT.
De kommisje publisearre ek ferskate oare oanbefellings:
Oer media: – Foar radio en televyzje yn it Frysk moat yn de takomst likefolle jild en likefolle stjoertiid beskikber bliuwe as no it gefal is. It Nederlânske regear soe der dêrom goed oan dwaan om de advizen fan de kommisje Hoekstra oer radio en televyzje yn it Frysk op te folgjen. Ek fynt de Ried fan Europa dat de provinsje in rol hâlde moat as it giet om radio en televyzje yn it Frysk.
Oer plaknammen: – Der soene yn Fryslân folle mear twatalige opskriften komme kinne. It is de Ried fan Europa opfallen dat der yn Fryslân hast gjin twatalige ferkearsboerden binne. De Ried jout Nederlân en Fryslân it advys om hjir wurk fan te meitsjen. Twatalige rjochtingoanwizers binne op oare plakken yn Europa hiel gewoan en binne boppedat goed foar de sichtberens fan de taal.
Continue reading “Rie fan Europa publisearret twadde rapport oer Ramtferdrach Nasjonale Minderheden”

Op it provinsjehûs yn Ljouwert is tongersdei in Frysk tekst-nei-spraak programma lansearre troch deputearre De Vries. It set tekst oer yn sprutsen taal. Sa kinne websides yn it Frysk foarlêzen wurde. It helpmiddel kin brûkt wurden troch minsken mei in fisuele beheining of as se it Frysk lêzen net goed behearskje.




