Moandeitemiddei is it startskot jûn foar de Fryske Google Translate wike. Deputearre Sietske Poepjes hat tegearre mei learlingen fan de trijtaliche basisskoalle De Pôlle te Marsum de wike iepene. Se ha tegearre lyk ek in pear wurden en sinnen oer set foar aksje. De bern ha doe in selsbetocht fertaalspul spile. Ek it publyk spile in rol by dit spul. As ôfslúting hienen de bern in trije taliche rap ynstudearre.
De Fryske Google Translate Wike hat in soad nasjonale belangstelling, bygelyks yn it sjoernaal (fan minút 18,50 ôf) en it jeugdsjoernaal (fan minút 7,28 ôf), by de NOS en de Trouw.
Foar in nijsoersjoch oer it Frysk yn Google translate kinne jo hjir sjen.
Wol jo sels ek mei dwaan mei oersette? Dat kin! Sjoch foar mear ynformaasje op de Facebook pagina fan de Fryske Google Translate Wike.