Prix Circom Sport Award foar Hea! mei de reportaazje oer ‘De lêste fytser’
Omrop Fryslân hat in Prix Circom Award wûn, sa is moandei 15 april bekend wurden. De Prix Circom Awards binne de meast prestisjeuze Europeeske prizen foar programma’s fan regionale omroppen. It giet om de, yntusken hast legindaryske, reportaazje fan Hea! oer de lêste fytser fan de Fryske Alvestêdetocht fan 2012. De reportaazje wûn yn de kategory Sport.
De priis, in spesjaal ûntwurpen trofee en in jildbedrach fan € 3.000,-, wurdt op 8 maaie útrikt op it Prix Circom 2013 Gala yn it Spaanske Santiago de Compostella. Ek de reis nei en de akkomodaasje yn Spanje hearre by de priis. Yn totaal wurde der yn tsien kategoryen awards útrikt. Dêrneist is der ek noch de ‘Grand Prix’, foar it bêste programma út alle ynstjoerings.
De reportaazje oer ‘De lêste fytser’ is makke troch ferslachjouwer Janko Krist, kameraman Gerko Jonker en editor Bauke de Haan. Janko en Gerko folgen oant midden yn ‘e nacht Wiebe Idsinga, de alderlêste alvestêdefytser dy’t yn Boalsert oankomme soe. Hoe dreech it ek wie, Wiebe wist net fan ophâlden en soe de einstreep helje. De reportaazje wûn yn maart ek al de Goudene NL Award, de erkenning foar de bêste produksje fan de regionale omroppen yn Nederlân.