Goeie foarronde foar Liet 2013 smyt 10 finalisten op

Foar it earst yn de skiednis fan it Fryske sjongfestival Liet is dit jier keazen foar it organisearjen fan ien foarronde wêrby’t 10 acts har pleatse koene foar de finale fan oankommende 5 maaie yn de Ljouwerter Prinsetún. Fyftjin acts yn in ferskaat oan muzykstilen lieten har sneintemiddei fan har bêste kant sjen mei likefolle nije ferskes yn it Frysk.

Sjueryvoorzitter Sjoerd Bootsma spruts oan de fan ‘e middei syn wurdearring út oer de ynset fan alle dielnimmers. De faksjuery selektearre de folgjende acts foar it finale op Befrijdingsdei:
1. Sietze, Kopersaks & Annie
2. Gerben Boots & Band
3. Gedobr
4. Bruno Rummler
5. Plattèl
6. Grytz & Grize
7. Blanco
8. Helder
9. Sebeare
De wildcard dy’t it publyk fuortjaan mocht gie mei mearderheid fan stimmen nei it duo Sa!

De winner fan Liet 2013 mei Fryslân oan ‘e ein fan it jier fertsjinstwurdigje op Liet International yn de Korsikaanske havenstêd Bastia.

De faksjuery, dit jier foarsitten troch Sjoerd Bootsma, bestiet fierder út Wim Brons, Grytsje Schaaf, Douwe Dijkstra en Adri de Boer.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *