Dielnimmers Liet International 2018 XXL

logoJûn begjint de 12e edysje fan Liet International yn Ljouwert. Neushoorn is it “place to be” op woansdei 23 maaie. De doarren gean om 20.00 oere iepen en it festival begjint om 20.30 oere. Presentatoaren Willem de Vries en Maeike de Jong sjogge út nei de jûn.
De earste dielnimmers komme al op snein oan, de lêsten pas op tiisdeitejûn. Dat it binne drokke dagen mei oefenjen en sound-checks.
Yn stee fan de normale 9 of 10 dielnimmers, binne der dit jier 14 dielnimmers dy’t op woansdei meidogge. Ferskate talen wienen noch net earder by Liet International te hearren. Wa spylje op Liet International 2018 XXL? Sjoch de list hjirûnder:


 Afro-Carib Ensemble, Sranan Tongo (Surinaamsk)
 Billy Fumey, Frankoprovensaalsk
 Evgenia Udalova, Komi
 Familia Caamagno, Galisysk
 Gerda Stevenson & Kyrre Slind, Skotsk
 Inger Karoline Gaup & band, Sami
 Jenne Decleir, Antwerps
 Luko Reinders, Frysk
 Nastasia Zürcher, Galisysk
 Pira, Aromaansk
 Stonecrobs, Frysk
 The Rowan Tree, Cornysk
 Whyte, Skotsk-Gaelysk
 Zaman, Basjkyrsk
Mear ynformaasje oer de ferskate dielnimmers is op ús webside te finen, mei koarte Ingelsktalige biografieën: https://liet-international.com/jaar/2018/
In oantal dielnimmers sil ek op oare podia stean, bygelyks Billy Fumey spilet op moandei 21 maaie om 15.00 oere yn MeM – livingroom of languages, yn de Prinsetún. Ek Gerda Stevenson en Kyrre Slind sille dêr spylje, mar dan op tongersdei 24 maaie. Oare dielnimmers spylje by NHL Stenden Hogeschool, op tongersdei rûn lunsjtiid. Tagelyk spylje in oantal artysten dan ek yn de stedsbussen fan Arriva.
Yn Ljouwert fynt elts jier it Fryske sjongfestival Liet plak en it is it berteplak fan Liet International. Dêrom binne wy tige optein dat Liet International 2018 XXL diel is fan de aktiviteiten fan LF2018 en Lân fan taal.
It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen Liet International is in Frysk inisjatyf en waard foar it earst organisearre yn 2002, yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 bart dit ûnder it beskermhearskip fan de Ried fan Europa. Liet International lûkt elts jier in soad media – fan BBC oant Al Jazeera – en is útgroeit ta ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen. Yn 2017 fûn de lêste edysje fan Liet International plak yn Kautokeino, by de Sámi yn it noarden fan Noarwegen.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.

* Copy This Password *

* Type Or Paste Password Here *